Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
In nachtmerje is in frommes.
Der wie in boer, dy hie in hynder. Dat dier hie alle nachten lêst fan 'e nachtmerje. Op in kear struide hy kaf oer de rêch fan 't hynder. De oare moarns siet der in frommes yn 't hok, dy struts har it kaf fan 'e klean ôf.
nl.verhalenbank.25391
Op 'e Boskwei roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.27044
Yn Droegeham is 't gebeurd, dat Hearke op in kear oan 't dongladen wie. Doe't er de wein fol dong hie, koe 't hynder de wein net út it dongsteal krije. Doe gong Hearke sels oan 't tiksel stean en doe luts er sels pûr-allinne de wein ta 't skerngat út.
nl.verhalenbank.38363
As men lêst hat fan 'e nachtmerje, dan hat de duvel jin topakken. In nachtmerje is in frommeske. 't Is ien fan sawn dochters, as dy op elkoar folgje.
Sy komme troch 't slotsgat yn 'e hûs. Wol men der gjin lêst fan ha dan mat men de klompen mei de hakken nei de doar ta sette.
Se komme ek by de hynders. Sy meitsje flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.27243
Myn oerpake wie boer op it Blauhûs. Pake wie syn soan en wie doe noch yn 'e hûs. Sy hienen in hynder en dat switte him alle moarnen hast útelkoar. Dan wie 't dier deabinaud. Sa stie 't op 'e stâl en 't wie net to brûken.
Pake woarde nei greate Wopke stjûrd.
Wopke sei: "Dêr is in âld wiif, dy pest dat hynder nachts. Ast wite wolste hwa't it is, dan mast it...
nl.verhalenbank.22057
Sterke Hearke is yn 1889 stoarn, heit hat him noch wol kend.
In skoalmaster yn Twizel hie lân yn 'e Bûtenpostumermieden lizzen. Heit en dy wennen yn Surhústerfean, Hearke yn 'e Harkema. Hearke en heit koenen elkoar tige skoan, hwant sy wienen beide bijker en dêrtroch kamen se wol gauris by elkoar.
Hearke hie dat lân dêr yn 'e mieden fan dy master hierd....
nl.verhalenbank.37512
Myn skoanmem hiet fan Tijke. Dy wie troud mei Albert Land. Sy wennen by 'Driewegen' yn 'e Harkema.
Har suster Antsje wenne yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema.
Op in kear wie Antsjemoai by skoanmem to praten west. 't Wie al op 'e joun en sy soe wer fuort. Mar sy wie noch mar krekt fuort of sy kom werom. Hja fleach der oer en rôp: "Hearink, de wereld forgiet!...
nl.verhalenbank.22052
Hy hat op it Bomkleaster by de boer in weinfol dong út it skerngat lutsen, doe't it hynder it net dwaen koe.
nl.verhalenbank.27239