Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: paard Narrator Gender: male Place of Narration: Rottevalle
't Folk wie hjir froeger bang foar de kweamendeis. De beesten woarden op mendei noait útlitten. As Petrus Benedictus op mendei sichtsje soe, dan sichte er earst op saterdei in lyts hoekje. Dan wie 't oan 'e gong. De ham fan 't hynder hongen de boeren hjir altyd heech yn 'e beam, dan soe de fôlle de kop heech hâlde, mienden se.
nl.verhalenbank.20978
Sterke Hearke wie arbeider by in boer. Der moest in foer hea ta de skuorre yn. It hynder koe 't net dwaen, hwant it foer hea wie hwat wiid opset, it krige kear by de yngong. Doe soe Hearke it der dan ynlûke. Hy krige de wein foar by 't tiksel beet. De oare arbeiders soenen achter skouwe. Mar dy praetten meiïnoar ôf, sy soenen oan 'e fjilden hingje. "Dan...
nl.verhalenbank.27751
Imke de Jong koe in hynder en wein samar ta stean krije. Ek minsken koed er stean litte sûnder dat se in stap fierder forsette koenen.
nl.verhalenbank.33796
Op in kear kommen der twa jonge bazen by Hinse, mei it wetter fan twa sike minsken. Dat seinen se tominsten, mar it iene fleske mei wetter wie dat fan in hynder. Hinse biseach it goed en doe pakte er de medesinen yn. "De iene pasjint mat dit ha," sei er, "en de oare dat." Doe't de beide jonge bazen it spul ûnderweis útpakten, siet yn 't iene pakje in...
nl.verhalenbank.33792
Der wienen ris guon oan 't striemennen. De weinen fol strie rieden oer de skuorrereed. Doe't it oan 'e lêste wein ta wie koe 't hynder der net mear foar, dêr wie gjin rûmte foar. Trije man soenen 't lêste foer yn 'e skuorre lûke. Doe kaem Hearke dêr lâns. Doe fregen se Hearke: "Wolle jo even meihelpe to skouwen?" Hwant hja koenen 't mei har trijen net...
nl.verhalenbank.37456
Op in kear kaem der in man by Hearke, doe wie dy oan 't ploegjen. Dy frege hwer't Hearke wenne. Syn doel wie mei Hearke to wrakseljen, hwant hy wie sels ek sterk, mar dat fortelde er der net by. Doe't er dat frege hie fage Hearke mei de foet de modder hwat fan 'e ploege, hy hekke it hynder út, hy krige de ploech mei ien hân beet en stuts him rjochtút....
nl.verhalenbank.37454
Op in kear wie Hearke oan 't dongmennen. Hy hie in âld hynderke foar de dongwein. 't Wie by him thús. Mar 't âld-hynder koe de wein mei dong net út it skerngat krije. Doe sei Hearke: "Ik sil de brune even helpe." Doe hied er de wein der allinne út lutsen.
nl.verhalenbank.27710
Hie in hynder in fôlle smiten, dan woarde it ûngâns fan it hynder yn in hege beam ophong. Hwat heger hwat better. De fôlle woarde dan in best tuechhynder.
nl.verhalenbank.27748
Sterke Hearke en syn broer hienen in âld hynder en dêr fuormannen se mei. As it gebeurde dat de ladene wein yn in bidelte stie en it hynderke koe him der net weikrije, dan spanden de beide mannen it hynder út en lutsen sels de wein dêr wei.
nl.verhalenbank.33729
Hinse Jehannes de Boer fan 't Swartfean wie in duvelbanner. Syn wiif woarde siik. Doe gong er nei 't boerke ta fan Sumar. Dat wie Knjillis Wytses. Mar ynpleats dat er it wetter fan syn wiif meinaem, hied er hynstemige yn 't fleske dien. Hy woe us wite of Knjillis Wytses dat ek fornimme soe. Knjillis Wytses joech him in pûdtsje mei. Doe't er it thús iepen...
nl.verhalenbank.20973
Op in kear kaem Hearke fan 't lân, in eintsje fierder wie in buorman oan 't dongriden, dy brocht de dong oer 't lân. Doe hienen de beide jonges fan dy buorman sa'n protte stront op dy wein laden, dat it hynder koe de wein noait út it skerngat weikrije. Doe kaem Hearke der oan. Doe seinen dy jonges tsjin Hearke: "Wolle jo even mei oanskouwe?" "Dat kin...
nl.verhalenbank.29574
Atse Kûper fan Eastemar gong der froeger op út to stellen en to roven. Hy stiel fé en dat slachte er dan. It fleis forkocht er. De fellen en it ôffal bidobbe er yn 'e groun yn potten. Dat die er yn 'e stâl. Dêr stie in hiele lulke kedde, dêr doarst net ien by komme.
nl.verhalenbank.27759
35