Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: paard Narrator Gender: female Place of Narration: Harkema
Alde Roel fan 'e Harkema sei, hy hie in fordekte wein sjoen sûnder hynders der foar en 't gong hurd, hurd, hurd. Letter kommen de auto's.
nl.verhalenbank.23527
In nachtmerje is in frommeske, ien fan sawn dochters, as se op elkoar folgje. Sy komme troch 't slotsgat yn 'e hûs, Der wie in boer, dy hie in hynder, dat woarde faek troch de nachtmerje biriden. Dêr hie 't dier gâns hinder fan. Doe struide de boer it hynder ris in kear moal op 'e rêch. Doe koe de nachtmerje der net wer ôf komme. De oare moarns siet se...
nl.verhalenbank.23532
Edzer Sint hat ek ûnder tsjinst west. Syn superieuren hienen net folle fortrouwen yn syn kwaliteit as soldaet. Hwant it wie us in kear gebeurd, dat de koaninginne kom foar ynspeksje. Doe wie der net yn 'e hâlding sprong en doe hied er net groete lyk as de oare soldaten. Der krige er in biskrobbing oer. Doe hied er tsjin 'e koaninginne sein: Ikke net wiste...
nl.verhalenbank.15900
Alde Wierd Kooistra syn soan Rinse hat Rapke timmerman (Wijma) formoarde. In maend foardat dat gebeurde hat Wierd syn wiif hwat sjoen. Doe kom der in wein oan sûnder hynders der foar. 't Hat sahwat yn 1912 west. Dy wein treau har en har nichtsje Pôpe Jantsje hast yn 'e hage. Mar der wie yn werklikheit neat. Fjouwer wiken neitiid hâldde dêr in auto stil...
nl.verhalenbank.21223
Teake Postma wie mei de helm geboaren. Dy moest alles sjen. Nachts gong hy der ôf en dan seach er lykstaesjes. Hy hat de hiele bigraffenis sjoen fan Lefferts Willemke yn 'e Bosk (yn 'e Harkema). Fan to foaren hat er de hiele bigraffenis útskildere. Der roan in wyt hynder foar de boerewein. Hy fortelde hwa't de foargong hie, hoefolle man der achteroan...
nl.verhalenbank.15895
Heit hat ús ris forteld fan in boer, dy moest in wein fan 'e telle ride, mar it hynder koe de wein der net wei krije. Doe gong dy boer hinne en sloech in speake út it fjild stikken. Doe hie de wein samar riden. It hie in kweageast west dy't de wein fêsthâldde.
nl.verhalenbank.29370
35