Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik ha wolris heard, dat men in ôfprintsel fan in bokkepoat of in hynstepoat yn 'e groun fynt ûnder 'e kiste op 't tsjerkhôf fan minsken dy't dêr bigroeven binne en dy't in proai wienen fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.24844
Myn oerpake wie in kear op 't lân oan 't ploegjen tichte by de Boppewei (tusken de Westerein en de Feanwâldster wei). Doe seach er dêr op 'e Boppewei ynienen in wyt hynder oankommen mei in wite juffer der boppe op. Dy ried op him yn. Pake waerd deabinaud. Hy seach it hynder en de juffer hiel dúdlik. Doe seach er krekt even in oare kant út. Doe't er wèr...
nl.verhalenbank.25081
Japik Ingberts wie in man dy't hynders stiel en har de sturten ôfsnie.
nl.verhalenbank.27444
Nachtmerjes binne froulju.
Fan sawn dochters dy't op elkoar folgje is de âldste of de jongste in nachtmerje.
In nachtmerje komt meastal troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Men kin in nachtmerje fange.
Us mem fortelde, der wie in boerefeint yn Grinslân, dy hie by in faem kom, dat wie in nachtmerje.
De boer hie in âld hynder, dat hie faek lêst fan in nachtmerje....
nl.verhalenbank.24045
Der wie ris in man, dy woe wite hwer't sterke Hearke wenne. Doe wie der ien op 'e bou oan 't ploegjen, dy hie in âld wyt hynder foar de ploege.
"Wite jo ek, hwer't Sterke Hearke wennet?" hied er frege.
Hearke hie de ploech optild en sein: "Hjir stiet er en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.24052
To Dokkumernijesilen by de sédyk wenne in boerefeint dy wie like sterk as in hynder. Hy luts in foer hea allinne krekt as in hynder en draeide 't ek samar mei 't tiksel allinne om.
In dead hokling lei er samar op 'e nekke en brocht it fuort. Hy hie hannen as slaeijen. In hynder hoefde hy net to brûken.
nl.verhalenbank.24053