Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn broer Foppe wenne op 'e Streek. Dy hie in baerch mei biggen. Dy wienen allegearre rûch en smoarch en gammel. Se wienen forjown. Syn kij forsmieten de keallen. It wie dúdlik, de boel wie dêr bitsjoend.
Doe gongen se nei Wopke Minke ta. Minke joech har in stik guod mei. 't Like wol in stik fan in brânde baelder. Doe moesten se dat op in trochbrânde...
nl.verhalenbank.38073
Alde Broersma fan de Wâl wie o sa sterk. Hy hie lân yn 't Bûtenfjild lizzen. Hy hie twa hynders foar in foer hea. Doe't dy net by de hichte op komme koenen mei de wein, sette hy de rêch ûnder 'e wein en krige it gedaen.
nl.verhalenbank.16774
Der gongen ris twa man nei Greate Wopke ta dy't yn Kûkherne wenne. Dy woenen him ris foar 't lapke ha.
De iene hie wetter by him fan in persoan, dy't werkelik siik wie, de oare hie wetter fan in hynder meinaem.
Wopke ûndersocht it wetter en doe krigen se elk in fleske fan him. Yn 't iene siet medesyn foar de sike frou, yn 't oare siet hjouwer. (Dyselde...
nl.verhalenbank.38064
By 't Godloas Tolhek dêr spokke in hynder om.
By de Godleas Singel spokket in âlde hear.
nl.verhalenbank.37966
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Hy hie twa hynders foar de ploege. Der kom ien by him, dy woe graech wite hwer't sterke Hearke wenne. Doe stuts Hearke de ploege mei de iene hân foarút en sei: "Sjoch, dêr wennet er, en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.37972
In nachtmerje is in frommeske, dat altyd by in oar yn 'e hûs komme kin. Faek komt se troch 't kaeisgat. Se komt ek by de hynders. Dan binne de minsken der mei forlegen, sa geane se dan oan.
nl.verhalenbank.38063
Klaes Boskma hie in stik lân, dêr helle er 't hea út mei in hynder. Njonken dat lân wie bou. Dêr hie Jehannes Meerstra tún. Dat lân fan Klaes wie tige ûnsljocht en sa moest er op in stuit by in hichte op. It hynder koe 't net dwaen, dy koe der net by opkomme mei de folle wein. Dat like fremd, hwant oars koe 't hynder 't altyd wol dwaen.
Mar nou koe Klaes...
nl.verhalenbank.38103
It is ris gebeurd doe hie Hearke de wein yn 'e sleat. Twa kedden koenen de wein der net út lûke. Doe krige Hearke sels it tiksel beet en luts de wein der allinne út.
nl.verhalenbank.37973
Hjir hat in pleats stien, dy is nou fortimmere. Op dy pleats spokke it altyd. Dêr koenen se de doarren net fan ticht hâlde. Dy fleagen altyd op, fral yn 'e nacht.
Hja koenen de hynders dêr net fêst hâlde, dy stienen moarns altyd los.
nl.verhalenbank.38187
Greate Wopke koe de minsken stean litte.
Der kommen ris twa keardels by him, dy seinen dat se foar twa sike froulju kamen. Hja hienen it wetter fan dy froulju meinom, seinen se, mar dat wie sa net. De iene hie wetter fan in rún by him, de oare wetter fan in merje. Hja woenen Wopke der tusken ha.
Wopke biseach it wetter, doe gong er nei achteren ta. Hy kom...
nl.verhalenbank.38052
Op 'e Skilige Piip spokket in âlde hear, wurdt der altyd sein. Dêr hat froeger in slot stien en dêr wenne in mynhear yn mei in hiele protte jild. Dat hie dy mynhear letter bidobbe yn in kiste. Doe't er dea wie, spokke dy man dêr om. Hy hie reade hakken ûnder 'e skuon, wie 't sizzen altyd. Hy waerd neamd: de mynhear fan 't slot.
Dêr spokke èk in hynder.
De...
nl.verhalenbank.38091