Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
22 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: paard Place of Narration: Eastermar
Hearke hie in bytsje buorkerije en hy hie ek in âld hynderke. As er dan in wein fol dong laden hie en 't hynder koe de wein net út it skerngat weikrije, dan luts er de wein der sels út.
nl.verhalenbank.37618
Tsjerke Lize (Tsjerk Boonstra syn wiif) wenne oan 'e Mûzegroppewei. Hja biwearde, dat se de fôlle mei de brijpot faker as iens sjoen hie.
nl.verhalenbank.12504
Der is in hynder yn 'Het witte paard' forbrând. Dat hat ôfgryslik skopt en trape. Alde Frytsen, de mem fan Willem Mulder, dy't mei de helm geboaren wie, hat dat skoppen fan tofoaren heard.
nl.verhalenbank.21875
Yn hiel âlde tiden gebeurde it, dat de ierde skuorde troch in ierdbeving. Der moest in minskeoffer brocht wurde oan 'e fjûrgeast, dy't ûnder 'e skuor húsmanne. Dan joech er him wer del. Oars kom der noch mear ûnheil oer it lân. Mar der wie net in minske to finen, dy't dêr syn leven ta opofferje woe. Doe kom der in ruter oan riden. In tige knap jongfeint...
nl.verhalenbank.20071
Der siet op it Kleaster by Bindert Japiks in foer hea klem tusken de skuorredoarren. De hynders koenen it hea net yn 'e skuorre krije. Doe woarden dy der foar wei spand en kom Hearke by de fjilden to stean. Hy hat allinnich de wein der troch krigen. Sa sterk wied er!
nl.verhalenbank.19948
Auke Roanes fan Eastemar hat op 'e Parsingel in wyt hynder spûkjen sjoen. Der siet in mynhear op mei in wyt befke foar.
nl.verhalenbank.21813
By Bindert Japiks op it Bouwekleaster hienen se in tige wyld interhynder, dat se noait krije koenen. Doe gong Hearke om 't hoekje fan 'e skuorre stean en doe't it foarby soe, pakte er it gau by de sturt beet en sei: "Ho, net fierder." It hynder tjirge him tige, en prebearre los to kommen, mar hy krige de kâns net. Hwat Hearke ienkear yn 'e hannen hie,...
nl.verhalenbank.20488
By 't hakjen brûkte er in nije lod, dêr die er hiele djippe spitten mei. Hy hie in ploechje, dat luts er sels. In hynder hie er net. Op in kear wie der ien, dy kaem him tonei. Dat wie lytse Theunis. Doe hied er lytse Theunis op 'e foet krige en him sa oer de hage hinne wipt. (David forsloech Goliath, mar hjir forsloech Goliath David, sei Theunis letter.)
nl.verhalenbank.36600
Us heit hat boerefeint west by Piter Ates Oosterhof op it Wytfean. Op in kear, doe hienen se dêr in deade koe. Doe warskôgen se Edzer Landbouwer, dy wenne op Skûlenburch yn 't húske dêr't letter Anders en Hil wenne ha. Edzer wie in kringeslachter. Edzer dy kom by Piter Ates en nom dy koe mei op 'e wein. Heit wie der ek by. 't Wie yn 'e nacht. Sy rieden...
nl.verhalenbank.29317
Sterke Hearke wie ris yn Readskuorre oan 't wurk. Hy wie oan 't dongladen. Doe koe it hynder de wein mei dong net út it skerngat krije. Hearke spande it hynder út en krige de folle wein by 't tiksel beet. Sa luts hy allinne de wein út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.35927
In man wie op it Bûtlan to Eastemar oan 't murdejeijen. Doe seach er hwat. It wie noait liker as wienen it bulten hea. Tichterby like it in wyt hynder. It forweegde. Hy hie in goeije houn by him, dy't bigong to spûkgûlen. It forskynsel kom oer de dyk hinne. De man makke doe hastich, dat er dêr wei kom.
nl.verhalenbank.20085
Willem Hyles en Antsje wennen op it Swartfean. Hja wienen wonderdokters en holpen in soad minsken. Der kommen us guon by Willem Hyles, dy hienen hynstemige meinom. En hja seinen, hja woenen graech rie ha foar de persoan fan hwa't dat wetter wie. Doe joech Willem Hyles harren in pûdtsje mei hjouwer en beanen mei. Boppedat moesten se ƒ2.50 jaen foar it...
nl.verhalenbank.21808
Ek kom der us ien by Hinse, dy sei: "Ik ha hjir wetter by my foar ien dy't net goed is. Kinne jo my hwat meijaen foar him?" Hy woe Hinse Jehannes to fiter ha, hwant hy hie wetter fan 't hynder meinom. Mar hy krige Hinse Jehannes der net tusken. Hinse Jehannes joech him guod oer en sei: "Jow dit mar oan 'e pasjint." Doe't dyselde 't thús útpakte, wienen it...
nl.verhalenbank.21798
Wy mochten earen noait foar de spegel stean. Heit sei, as wy dat dienen, dan sprong der samar in ruter út op in hynder.
nl.verhalenbank.28391
Sterke Hearke wie arbeider op it Bomkleaster. De skerngatten fan 'e boerehiemen binne faek djip en sa wie it dêr ek. Sy hienen in foer dong laden en dêr de hynders foar spand, mar dy koene de stront net út it skerngat wei krije. De boerinne kom krekt mei kofje en de manlju ornearren, sy soenen earst mar ris kofjedrinke en dan soene se mar ris wer sjen. Se...
nl.verhalenbank.12283
Nachts rydt der to Eastemar tusken de huzen fan Kees van Dekken en de bruorren Jaarsma in wein mei in wyt hynder der foar mei kûgelsfeart troch de stege. (meidieling fan 'e muoike fan syn wiif, dy 't to Eastemar wenne hat: Tsjitske v/d Meulen)
nl.verhalenbank.12478
To Aldegea roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dy fôlle hong faek mei de kop oer de hekke hinne.
nl.verhalenbank.12518
Sterke Hearke ploege op 'e Dunen yn 'e Harkema. Der kom ien oer 't paed by him lâns. "Hwer sille jo hinne?" frege Hearke. "Ik sil nei sterke Hearke", sei er. Hearke sei: "Doch even geduld." Doe helle er de hyns út, hy krige de ploege fan achteren beet en tilde him op mei ien hân. Mei dy ploege wiisde er nei syn hûs. Hy sei: "Sjoch, dêr wennet er." En doe...
nl.verhalenbank.20596
Doe't de herberch fan Rienk de Poel - 'de murdehoale' - opbrânde, kom it hynder ek yn 'e flammen om. Frytsen hat fan tofoaren al de hynsteklap heard. Frytsen wie mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.21869
't Mat us in kear gebeurd west ha dat se in hynder spanden foar in wein dy't swier laden wie mei jirpels. Mar it hynder koe 't net lûke. Doe ha se Sterke Hearke fan de Ham der by roppen. Dy sette de rêch tsjin 'e wein oan en dêr gong 't hinne. De silen fan 't hynder hongen slop, sa sterk wied er.
nl.verhalenbank.21882
1