Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: paard Place of Narration: Drogeham
Heit hat by Bindert Japiks op 't kleaster wenne. Heit fortelde, op in kear hienen se dêr in foer dong laden, dat koe it hynder dêr net weilûke. Doe't dat net woe, sei de boer: "Wy matte aenst mar ris wer sjen. Earst matte wy mar ris meimankoar kofjedrinke, soe 'k sizze." Hearke kom hwat letter yn 'e hûs as de oaren. Doe't it kofjedrinken dien wie, gongen...
nl.verhalenbank.28885
Yn 'e Hamsherne, achterút, de kant nei de Boskwei út, dêr't froeger dikke Rikele Witteveen wenne hat, roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.28821
Mike Ruerd wie ris by in boer yn 't hea. Dy boer hie in buorman, ek in boer. Dy boer siet èk yn 'e ûngetiid. 't Gong froeger wol faek hwat tsjin elkoar. Sy dienen dan om 't hurdste. Hwa't it earst klear wie. De boer sei tsjin pake, hy woe 't hea graech it earst klear ha, foardat syn buorman it klear hie. Dat roan los. Pake koe tige hurd arbeidzje en hja...
nl.verhalenbank.33182
In nachtmerje is ien fan sawn of mear dochters. Wibe Aechje wie in nachtmerje (Hja wie in dochter fan Knjillis Hut (= Alma)) Harmke (Gearte Harmke) wie in oare dochter fan Knjillis Hut (dêr wienen tsien dochters); dat wie in tsjoenster. Dy koe har yn in kat foroarje. De katten hâlde forgaderingen, ien hat de leiding. Dan sjonge se. As jo sa'n kat in...
nl.verhalenbank.28818
Sterke Hearke wie myn âldomke. Hy wie by Bindert Japiks yn tsjinst. Op in kear wienen se oan 't dongladen. Doe koenen de hynders de wein mei dong net út it skerngat krije. Doe lei Hearke earst posten ûnder 'e fjilden en doe luts er pûr allinne de wein oan 't fêste paed ta. Doe kommen de hynders der foar. Sa hat myn omke 't my forteld, dy't der by wie.
nl.verhalenbank.19560
Albert Land wie koopman yn 'e Harkema. Op in kear moest er mei hynder en wein de dikke beam passeare. Doe koed er dêr net lâns komme. Hy woarde hielendal oan kant skoud.
nl.verhalenbank.20378
As de tsjerne bitsjoend wie, dan roan it hynder de forkearde kant út. Krekt oarsom as dat er moest. Dan gong de tsjernmoune forkeard en koenen se gjin bûter krije.
nl.verhalenbank.28905
1