Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Mem en dy wennen yn 't oast fan Bûtenpost. Sy hienen wol gau us in hynder dea. Dat kom fan 'e tsjoenderij, seinen se.
Doe gongen se nei Wopke ta, dat wie de duvelbanner fan Kûkherne. Dy kom dêr by mem en dy.
Hy lei guod ûnder 'e drompel en preuvele der hwat by. Doe wie de tsjoenderij foarlopich oer.
Mar letter bigong it wer. De hynders stienen los yn 'e...
nl.verhalenbank.21279
Der wie us ien dy sei tsjin dûmny: "De natuer giet boppe de leare, dûmny."
"Soa," sei dûmny, "tinkt jo dat. Nou, dan sil ik jo us hearre litte dat dat net altyd it gefal is.
Ik ha 't us meimakke, doe stie ik yn Peasens, mar ik bipreke Ljussens ek.
Sa moest ik op in kear nei Ljuessens ta to preekjen, doe wie 't wetter och sa heech. Der wie yn 'e omkriten...
nl.verhalenbank.21285
Heit handele wol gauus. Hy fortelde, dat op in snein hienen hy en syn broer Remmert oan 't handeljen west mei hynders. Doe soenen se dan op 'e hoeke fan 'e Swarte Wei by 't Wytfean elkoar ôflosse. Se hienen twa hynders foar de glêzen wein.
By Jan Tsjerks plaets oan 'e Achttsjinde Wei bleau de wein samar ynienen stean. De hynders woenen net in stap...
nl.verhalenbank.19469
As it hynder foar de lykwein stean bliuwt foar de daem fan in hûs en mei de poat skrabbet, dan komt dêr ûngefear trije à sawn dagen neitiid ien to fortsjerren.
Itselde hynder rint dan wer foar de lykwein.
nl.verhalenbank.20003
Marten Wagenaar en Hindrik de Graaf fan Eastemar gongen der us togearre op in nacht op út mei de bijewein. Soks moest altyd yn 'e nacht gebeure, hwant de oerdeis swermen de bijen út. Sy kommen op 'e Swarte Wei. Doe't se al hast op 'e ein fan dy wei wienen, komt dêr ynienen in sniewite sjeas oanriden mei in sniewyt hynder der foar. De beide mannen wurde...
nl.verhalenbank.16501
Jan Koenes to Bûtenpost koe omraek lige. Hy ried froeger mei de postkoets, dy't ried fan Harns nei Grins. Dêr kommen trije hynders foar, dy't ûnderweis hyltyd forwiksele woarden. Op alle stasions gongen se oan.
Doe gebeurde it dat it middelste hynder by it tolhûs to Twizel dearekke.
Mar it beest roan noch oan it posthûs to Bûtenpost ta, sa wied er it...
nl.verhalenbank.22112
Jierren herwaerts - ik wie doe noch mar in jonkje, - doe wenne der op 'e Hoek ûnder Feanwâlden in âld-minske, dat sei: "Der komme aenst weinen to riden sûnder hynders der foar. Ik ha se riden sjoen. En de wei, dêr't se op ride, dy komt troch 't Bûtenfjild to rinnen."
't Is presys sa útkaem.
nl.verhalenbank.38435
De dûmny en de rovers.
Der wie in dûmny, dy moest to preekjen. Hy ried op in hynderke. Doe kommen der rovers oan, dy foelen him oan. Sy klaeiden de dûmny hielendal út, bounen him de polsen fêst en smieten him yn 't wetter. It hynderke nommen se mei.
Mar de dûmny krige de touwen los, dêr't se him mei fêstboun hienen, en alhiel neaken, sette hy de rovers...
nl.verhalenbank.16536
De ûngetiid wie omtrint dien, allinne it lêste foer hea moest noch toplak. Dat wie hwat ryklik dik woarn, dat it koe net ta de skuorredoarren yn. Twa hynders lutsen de wein en sawn man holpen mei, mar 't hea bleau stykjen oan 'e sydkanten en oan 'e bovenkant.
Dêr kommen ús heit en Hearke oan.
"Hearke," sei de boer, "ik bin bliid, dat ik dy sjoch, hwant wy...
nl.verhalenbank.29298
Har âlden wennen yn Kollumerpomp. Sy hienen wol gauris arbeiders en feinten, dy't spoekforhalen fortelden. Sa sei der ris ien: Oan 'e Oosterboereweg ûnder Kollum stie it Godhûs. Dat wie in arbeidershúske. Dêr stienen in hynstepoat en in bokkepoat. Kaem dêr ien om alve ûre yn 'e joun lâns, dan waerd der in stim heard dy't sei: "Ho, niet verder."
Dat wie de...
nl.verhalenbank.16519
In nachtmerje is in frommeske, dat komt troch 't kaeisgat.
Sy komt ek by de hynders. Nachts komt se. Dan docht se knopen yn 'e moanjes en dan binne de hynders alhiel oerstjûr. Dan sitte se der op.
nl.verhalenbank.28650
De dûmny en de rovers.
Der wie in dûmny, dy moest nei in oar plak ta to preekjen. Hy ried op in hynderke. Doe kommen der rovers oan, dy foelen him oan. Hja klaeiden de dûmny hielendal út, sy bounen syn polsen fêst en smieten him doe yn 't wetter. It hynderke nommen se mei.
Mar de dûmny krige de touwen, dêr't er mei boun wie, los en, alhiel neaken, sette...
nl.verhalenbank.20168