Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie in boer, dy hie fé forkocht op 'e merk. Hy hie sadwaende in aerdich stik jild by him. Underweis kom der in rover op him ta, dy hie in revolver by him. Dat hâldde er de boer foar wylst er sei: "Je geld of je leven."
"Nou," sei de boer, "jo kinne myn jild wol krije. Mar, nou't jo toch in revolver ha, woe 'k wol graech, dat jo even troch myn hoed...
nl.verhalenbank.32936
Der wie ek ien, dy woarde troch in rover oanhâlden, dy sei: "Je geld of je leven." Dy sei: "Dan myn jild mar, hwant in leven ha 'k net by myn wiif."
nl.verhalenbank.32937
Yn Aldegea stiet in hûs, dêr stienen froeger trije greate linebeammen foar. Dy hienen har tûken oer de hiele wei hinne. Dêr wenne in skuonbaes yn dat hûs en dêr wie ek sliterij.
Gâns boeren stieken dêr simmerdeis oan. Der stien krêbben foar de hynders foar de muorre. Hylke Bakker wenne dêr.
Mar earder wenne dêr Theunis Harms Veenstra. Dy wie feanbaes en...
nl.verhalenbank.25052
Der wie ien, dy helle altyd rinten op mei de glêzen wein. Doe wie der us ien, dy sei: "Dat is gefaerlik, hwat jo dogge. 't Is in iensum paed, dêr't jo lâns matte. Jo kinne wolris biroofd wurde."
Mar de man sei: "'t Falt hwat ta."
Mar doe wienen der twa banditen, dy hienen 't op syn jild forsjoen. Dy woenen him deameitsje en birove.
Sy hienen har forskûle...
nl.verhalenbank.19967
Hearke wie ek stille plysjes, Hy moest ris op in kear jild bringe fan Bûtenpost nei Ljouwert ta. Doe't er yn 'e buert fan Burgumerheide wie, kommen der twa manlju ta de wâl út. 't Wienen rovers.
Sy seinen: "Je geld of je leven."
"Dat kin wol", sei Hearke, en hy naem de ponge mei jild fan 't skouder en sette him op 'e groun del. Doe't de iene him bûgde om...
nl.verhalenbank.27501
Der wie in boer, dy hie nei stêd ta west. Dêr hied er beesten forkocht. Hy hie gâns sinten bard en dy sinten hied er by him. Der wied er nou mei op stap nei hûs ta. Underweis hearde de boer guon oankommen. "Deksels," tocht er, "ik mei wol om in skûlplak sjen. Ik ha safolle jild by my, as se it dêr us op munte ha." Doe lei dêr in omkearde boat yn 'e berm...
nl.verhalenbank.19968
Hinse Beest
Hinse rûn ris op 'e Swarte Wei ûnder Eastermar en hy hie in ponge mei jild by him. Doe kamen der oanpakkers en dy easken de jildponge fan him. Hinse sette de ponge op 'e wei en loek mei de stôk in sirkel om 'e ponge hinne. 'Krij him no mar!' sei er. Mar der wie net ien dy't der in hân nei útstekke doarst. Se doarsten net en se koenen net en...
nl.verhalenbank.13004
Tusken Boksum en Blessum wie in binnenpaed mei allegear houtsjes, dy't oer sleatten leinen. Dêr earne stie ek de plaets fan in sekere boer Miedema. Dy boer stie bikend as in from en rjochtskepen man.
Op in kear wie der skoalleforgadering fan 'e Kristlike skoalle yn Boksum. Miedema wie bistjûrslid en wie dêr ek oanwêzich. It woarde nochal let dy jouns...
nl.verhalenbank.33712