Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: overlijden Place of Narration: Kollumerzwaag
In omke fan my wie tachtich jier doe't er my fortelde dat er us in kear to murdejeijen west hie yn 'e boulannen. 't Wie op in nacht. Hy hie dêr in daem fornield trochdat der in murd yn in buis sitten hie. Dy buis hied er útgroeven, krekt yn 'e daem. Doe wienen der guon oankaem, in man en in wiif. Hy hie se allinne mar heard, hy hie neat sjoen. "Donders,"...
nl.verhalenbank.25191
By de Skilige Piip hat froeger in slot stien. Yn dat slot wenne in âlde hear. Letter is dy âlde hear formoarde en sûnt dy tiid spoeket hy dêr altyd op 'e Boppewei om, dy't nei de Falom giet. In hiel soad minsken ha him sjoen, soms op ljochtskyndei. As ien oan it ploeijen wie, koe 't gebeure, dat se de âlde hear op 'e oare ein fan it lân seagen.
nl.verhalenbank.15766
Yn 'e Westerein wenne in âlde hynstekoopman. It wie bikend dat hy de hynders o sa min bihandele. De dieren krigen hast neat to fretten en kamen heal fan 'e honger om. En hy bihandele se och sa wreed. Letter kamen dy hynders, doe't se dea wienen, yn 'e nacht by him oan hûs. Dan rinkelen se oan 'e ring fan 'e doar en dan hearde dy hynstekoopman de hoeven...
nl.verhalenbank.29931
As in houn spokgûlt dan giet der mei gauwens ien dea.
nl.verhalenbank.25361
It gebeurt soms wol us, dat ien dy't to hôf brocht is de rêst net fynt. Dan komt er wer. Meastal mat er dan hwat ha. De doomny freget him dan wol faek hwer't er forlet fan hat. Dan neamt er dat. As men him dat jowt komt er net wer. Mar men mat goed oppasse hoe't men it him jowt. Men mat it yn in bûsdoek byelkoar rolje en in tippe fan 'e bûsdoek fêsthâlde....
nl.verhalenbank.25362
Spûkgûlde in houn, dan seinen se, dat der mei gauwens ien dea gong.
nl.verhalenbank.29523
Tichte by Warffum stie in greate boereplaets, in bouplaets mei greate skuorren. Yn dy skuorren slepten de minsken dy't simmerdeis by him arbeiden. Dat wienen ek minsken út 'e Westerein en út oare plakken lyk as Harkema ensa. In hiel protte hienen har nammen dêr yn 'e sketten kerfd mei in mes. Miskien binne dy dêr nòch wol. De boer fan dy plaets hiet fan...
nl.verhalenbank.32213
Yn Egypte wenne in man, dy syn wyfke forstoar, mar nei har dea kom se alle dagen by him. Hy helle de dûmny der by, dy't har oanspruts en frege hwat se bigearde. Oan dy dûmny joech se har bigearte to witen. De man foldie oan dy bigearte en it spoekjen wie dien.
nl.verhalenbank.15731
Soms dwaelden der minsken op 'e paden om dy't al stoarn wienen. Dy hienen hwat útheefd en koenen de rêst net fine. Of se hienen noch in bigearte, dy't earst yn forfulling gean moest. Ek guon dy't formoarde wienen dwelmen nachts om. Yn Kollumersweach wie in wiif stoarn, dy har man hie har min bihandele. Nei har dea kaem se hyltyd wer by dy man. Soms roun...
nl.verhalenbank.29939
Wy ha wenne oan 'e âld achterwei yn 'e Falom, in hiel ein achterút. It spokke dêr yn dat hûs. De minsken dy't dêr fóár ús wenne hienen wienen der dêr om weigong. Ik hierde 't hûs foar in bytsje sinten, ek al omdat net ien dêr wenje woe. Ik hie dêr hwat fé op 'e stâl. Froeger hienen de kij seelkettings om. Myn kij hienen dat doe ek. Mar dêr rattelen se yn...
nl.verhalenbank.25189
10