Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
33 datasets found
Dutch Keywords: overlijden Place of Narration: Garyp
Frijmitselders matte de dodenrit meitsje, en dat is net bêst. As men yn sa'n klub sit mat men wol wite dat der om 'e sawn jier ien dea mat. Dêr wurdt om lotte.
nl.verhalenbank.22994
Ik wie sa'n oardeljier lyn by de Kilometerwei ûnder Aldegea. Dêr stie 'k to sjen nei it terrein fan it ierdgas. Wylst ik dêr stie hie 'k hiel sterk it gefoel dat dêr ien fordronk. Ik sei: "Ik mat hjir wei, ik kin hjir net bliuwe." Ik wist net hwa en hwat dêr fordrinke soe. Nou in healjier lyn is Riemmer Benedictus dêr op 't selde plak fordronken. Dat hat...
nl.verhalenbank.22980
Mem hie in muoike, dat wie Hiltsje Alles Adema. Hja wie troud mei Hidde van Houten, in timmerman to Grins. Hiltsjemoai forstoar yn 1883 en kom yn Garyp ûnder 'e ierde. Us mem wie doe swier fan myn jongere broer Tseard. Mar sy woe by de biïerdiging fan Hiltsjemoai yn Garyp wêze en sy hat der ek hinne west. Mar doe't Tseard geboaren woarde, wie dy alhiel...
nl.verhalenbank.22982
Der wienen twa mannen oan 't meanen. Der roan in merry mei in fôlle njonken har yn 't lân. Doe gong de iene ynienen oer de sleat en snapte de fôle. Dy makke er dea en iet dêr in grou stik samar rou fan op. Doe sei syn kammeraed: "Giet dat hjir sa?" "Ja," sei de oare, "ik ha tiden, dan mat ik hwat forskuorre om op to iten. It is in gelok dat dy fôle hjir...
nl.verhalenbank.31531
Ergens kaem der in man oanriden op redens. Doe hearden guon in stim út in wek wei: De tijd is verschenen, de man is er niet. Doe ried dyselde dy't dêr op redens oankaem it wek yn en fordronk.
nl.verhalenbank.31496
As men yn 'e nacht midden op 'e wei rint, wurdt men soms oan kant treaun troch in lykstaesje, dy't passeare mat. Sa'n lykstaesje sjogge jo net.
nl.verhalenbank.22993
As it lyk in snein oerstie, stoar der gau wer ien.
nl.verhalenbank.31508
Op 'e Greate Wielen hearden in soad minsken dy't dêr op 't iis wienen yn 'e foarige ieu ek in stim: Here, Here, wij vergaan! hearden se. Doe waerd der tocht dat dêr noch ris in hiel soad minsken tagelyk fordrinke soe. Mar de Burgumer dichter Tsjibbe Gearts lei it oàrs út. Der wie sein woarn: Ere, ere, wij zijn voornaam, biwearde er.
nl.verhalenbank.31497
Yn Kubaerd, dêr meanden twa poepen. Se hienen it lân der ôf, it wurk wie dien. De jouns rekkenen se ôf mei de boer. Se barden elk har jild. Doe sei de boer: "Gean jimme joun noch fuort?" "Né," seinen se, "wy bliuwe fannacht noch yn 't hea." Doe't se dêr dy nachts yn 't hea leinen, gong de iene oerein en pakte syn harhammer. En dêr sloech er syn maet de...
nl.verhalenbank.31536
Der wie in man, dy hie in lintwjirm by him. Dêr hie er in protte lêst fan. Doe gong er nei Knjillis Wytses, dat wie in wûnderdokter to Sumar. Dy hie gâns namme en dy wist in hiel soad fan kwalen ôf. Doe't dy man by Knjilles Wytses kaem, sei dy: "Nou slút ik dy op oan moarnmoarne ta. Dû mast trije sâlte pikelhearrings opite en dû krigest gjin drinken, de...
nl.verhalenbank.31590
Doe't âlde Piter Poes, de duvelbander fan Sumarreheide, biïerdige woarde, lei der snie. Syn lyk kom yn in deafet, dat op 'e leider set woarde. Sa woarde er oer de snie nei 't hôf ta sleept. ('t Gebeurde ± 1900)
nl.verhalenbank.21786
As der ien op 'e Sumarreheide stoar, dienen de biklaeijers him in deadshimd oan, tominsten as dat der wie. Oars krige er in lekken om, dat se sels hienen. It wie dan meastal in ôflizzerslekken. Wie it to lang, dan woarde it skuord. Noait knipt, hwant dan koenen se neat mear mei de skjirre. Der moest net mei de tosken oan skuord wurde, oars foelen dy út....
nl.verhalenbank.21787
It wyfke fan Starum, dat sa ryk wie, is to Dokkum op 'e stoepe stoarn, wylst se dêr oan it biddeljen wie.
nl.verhalenbank.21791
Der wenne in boer yn Sumar, dy joech syn arbeiders fierstomin lean. Dêr wie ien arbeidershúshâlding by, dy liet er sahwat forrekke. De berntsjes hienen suver gjin klean oan. De iene nei de oare is fan 'e honger en fan 'e ellinde stoarn. Doe't se allegear dea wienen, hearden dy boer en boerinne alle nachten bernelûden yn 'e skuorre. Dat wie by 't twade...
nl.verhalenbank.31622
As in houn spûkgûlt komt der in sterfgefal. Jan Wiberens de Haan fan Garyp hat yndertiid syn frou forlern. Hja hienen in moai hountsje. Alle nachten spûkgûle it beest. Doe't de frou forstoarn wie, wie 't dien.
nl.verhalenbank.32115
Oan 'e Simmerdyk ûnder Burgum hat om 1920 hinne Jan Kikkert earst syn wiif de hals útsnien mei in skearmes en doe himsels. It bloed, dat dêrby op 'e muorre kaem, woe der letter noait mear ôf.
nl.verhalenbank.31564
Yn Sigerswâld ûnder Garyp is it gebeurd dat in jongfeint oer iis yn in wek ried en fordronk. Krekt fan tofoaren hienen guon heard dêr op dat plak út it wetter wei: "De tijd is verschenen, de man is er niet."
nl.verhalenbank.32119
Ik haw in âld frou kend to Ljouwert, dat wie Aukje Procee. Se wenne yn 'e Amelânsstrjitte en hie handel yn fodden. Dat minske wie frijmitseler. Se joech jin noait de hiele hân mei 't fûstkjen. Se seinen dat se in wikseldaelder hie en noait krapte oan jild hie. Om 'e safolle jier moest der ien fan dy frijmitselerploech dea en sa is hja ek in kear oan 'e...
nl.verhalenbank.32127
Op 'e Harste seach ien de lykstaesje fan syn eigen kolbroer.
nl.verhalenbank.24631
Omke Binne seach ris op in joun in bigraffenis. It wie in lykwein mei allegear folk yn rouklean der achter oan. Hy moest oan kant gean, oars rekken se him. Mar yn werklikheit wie der neat. Letter wie de echte bigraffenis dêr op 't selde plak dêr't omke Binne him sjoen hie. Omke wie doe noch by pake en dy yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.32495
35