Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
16 datasets found
Dutch Keywords: overlijden Narrator Gender: male Place of Narration: Buitenpost
Dy't mei de helm geboaren is, dy mat der nachts faek út. Dan mat er lykstaesjes sjen. Der wenne sa'n man ûnder Kollumersweach, dy ha 'k wol kend. Dat wie Knjillis Veenstra. Dy seach geregeld lykstaesjes yn 'e nacht. Hy moest der soms hiele einen foar rinne, hiel Kollumersweach troch. Woed er lizzen bliuwe, dat joech him neat, hy woarde út bêd licht. Hy...
nl.verhalenbank.22969
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema wie in frou stoarn. Dy hie in bierkleed omkrige yn 'e kiste, dat hie to lang west. Doe koe dat minske de rêst net fine. En doe kom se elke joun by de famylje en dan rôp se: "To lang! To lang!" Doe ha dy lju doomny ophelle en dy hat har oansprutsen. Doe sei se, har bierkleed wie to lang, dêr moest in stik ôf. Doe is dêr in...
nl.verhalenbank.22968
Yn Westergeast kuijere myn skoansuster us mei in kammeraetske oer de bou. Doe kom der ien oan. 't Wie in persoan mei in swart snorke en hy like wol hwat op myn broer dy't overleden wie, sa't se seinen. Hy wie al flak by de beide froulju, en soe om in hekke hinne en doe wie der neat mear to sjen. Hy wie ynienen ûnsichtber.
nl.verhalenbank.20064
Yn Surhuzum wenne froeger in hear, dat wie in sekere Bonhomme. Hy libbe mei in húshâldster achter 'e pasterije yn it slot yn 'e Surhuzumer bosk. Doe't er stoar hat er yn 'e deakiste in gouden fierrekiker meikrige. Dat hied er bigeard. Op 'e ein yn 'e kiste siet in roun gleske. Sa út en troch woed er dêr troch sjen.
nl.verhalenbank.32731
Skoanmem wenne yn 'e buert fan Beerta yn Grinslân. Op in joun seach hja dúdlik in bigraffenis. Hja koe de minsken, dy't achter it lyk oanroannen. In dei of hwat letter wie de èchte bigraffenis der. It kloppe allegear krekt.
nl.verhalenbank.32726
Myn frou komt fan Ginnum en Reitsum yn Ferwerderadiel. To Ginnum wenne in âlde frou, dy gong foar in tsjoenster troch. As der guon siik wienen brocht it minske dêr altyd fruit hinne. Myn frou hie reafonk doe't it in famke wie. Doe brocht dat âld minske dêr ek fruit hinne, fan allerhande soarte en fan 't allermoaiste. Doe kaem myn frou har beppe en dy...
nl.verhalenbank.32153
Myn frou hie in buorfrou, dy sukkele altyd. Doe ha se op in kear it kessen iepensnien. Doe sieten dêr krânsen yn. De trêdde krâns wie noch net fol. Hie dat it gefal west, dan hie 't minske deagong. Sy ha de krânsen forbrând en doe is hja wer opknapt. De trije dy't har bitsjoend hienen, dat wienen Stammerige Harm en dy syn suster en in dochter dêrfan.
nl.verhalenbank.24527
Is men by nacht op in paed, dan mat men altyd oan kant gean, hwant dan is der gefaer. Dan kin der wolris in lykstaesje oankomme dy't jin oan kant set.
nl.verhalenbank.30962
As eksters skatteren by hûs, dan wie der binnen de 3 dagen in deaden yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.32191
Bloedplakken dy't by in moard ûntstean, kin men net wer útwiskje. Dy bliuwe ivich sitten. Dat haw ik faek fortellen heard.
nl.verhalenbank.30975
Wy wienen as bern machtich yn 'e hûs. In stik of hwat fan ús binne bitsjoend west. Der wienen krânsen yn 'e kessens. Dy woarden opbrând, mar guon fan 'e bern wienen al to fier hinne. Fjouwer binne deatsjoend. It wie it wurk fan Stammerige Harm. Der sieten yn 'e krânsen lapkes mei bloed, dy't de bern om in seare finger hawn hienen en der siet ek stoptried...
nl.verhalenbank.22971
Hat ien op syn stjerbêd in himd of sa oan dat se op snein naeid ha, dan kin er net stjerre. Dan matte se in knip yn it himd dwaen.
nl.verhalenbank.22959
In minske mat nachts net midden op 'e wei rinne. Hwant dan kin 't gebeure dat er foar by in lykwein oprint en der achter by delfalt, en dan kin er in rare smeet meitsje.
nl.verhalenbank.22970
Steffen Veenstra wie mei de helm geboaren. Dy moest der yn 'e nacht út. Dan seach er lykstaesjes. Hy wist altyd fan tofoaren as der wer ien stjerre soe.
nl.verhalenbank.20020
Ik haw ien kend, dy is ris troch in lykstaesje oan kant set. 't Gebeurde by nacht. Hy hie neat sjoen.
nl.verhalenbank.30970
As in houn oan't spûkgûlen wie, dan bitsjutte dat dat der ien op stjerren lei.
nl.verhalenbank.32194
35