Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As de hounen bigounen to spûkgûlen, dan soe 't net lang mear duorje as der kom in deaden yn 'e buert.
nl.verhalenbank.38661
Tiense Boomsma sawol as syn mem dy seagen altyd lykstaesjes fan tofoaren. Dan moesten se der ôf. Sy gongen dan yn 'e nacht foar 't glês stean. Dan telden se de minsken dy't der achteroan roannen en sy seagen nei 't hûs dêr't se weikamen.
Doe't it âld minske al bot siik wie en op bêd bliuwe moest, gong se der nòch ôf en dan bleau se hiele skoften foar 't...
nl.verhalenbank.24670
Yn 'e buert fan 'e Poffert en 'e Pankoek oan 't Knjillisdjip ha guon minsken us in stem út it wetter heard. Dat fortelde ús in âld minske. Der woarde sein: "De tijd is verschenen, en de man is der niet."
It duorre even, doe wie der in keardel op in hynder oandraven kom yn fliegende faert. Doe rekke 't hynder op 'e kop yn 'e feart en 't fordronk mei de man...
nl.verhalenbank.24658
Der wie in fanke yn Zevenhuizen, dat woarde samar ynienen slim siik. Alles roun har ôf. Hwat der út kaem, dêr sieten allegearre ielshûden tusken. Hja tochten: sy kin wol ris bitsjoend wêze. Doe toarnden se it holkessen los, en ja, dêr kaem in krâns fan fearren út. Dat wie 't biwiis, dat it fanke bitsjoend wie. Doe hellen se de duvelbanner der by. Dy...
nl.verhalenbank.31652
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne in sekere Joeke. Joeke Spoek neamden se him. Dy wie mei de helm geboaren. Heit hat wol mei him baggele yn Beets. Midden yn 'e nacht gong hy der ôf om nei in lykstaesje to sjen. Heit hat wol mei him oproan. Dan sei er ynienen: "Even oan kant." Dan wie der in lykstaesje, dy't passeare moest. Mar heit seach neat.
nl.verhalenbank.19860
Myn jonge - Jehannes - wie in jier of tolve, hy gong noch nei skoalle. Wy wennen yn 'e Houtigehage.
Op in kear gong hy der yn 'e nacht ôf en doe seach er skean nei in hoeke fan 'e keamer. Dêr bleau er mar nei stean to sjen.
Ik sei: "Jonge, hwat sjochstû dêr?"
"Ik sjoch in houten bakje," sei er, "mei in swart kleedtsje der oer."
Sahwat in jier letter...
nl.verhalenbank.24667
Aelsen Booi fan Houtigehage wie in broer fan myn skoanheit. 't Wie yn 'e nacht en hy gong de wei lâns. Doe waerd er ynienen samar oan kant set. Hy koe net fierder komme. Dêr hat doe in lykstaesje west.
nl.verhalenbank.24673
Heit sei tsjin ús, wy moesten noait midden op 'e wei rinne fanwege de lykstaesjes, dy't wol us passeare koenen. Ik ha my dêr hast altyd oan hâlden.
nl.verhalenbank.19861
Fan 'e frijmitselders mat der om de sawn jier ien dea. Fan 'e tsjoensters ek.
nl.verhalenbank.19859
Ik hie in kammeraet, dat wie Klaes. Hy wennet yn Grinzer Pein. Syn heit wie mei de helm geboaren. Dy seach alle bigraffenissen foarút. Hy koe fantofoaren sizze: dêr en dêr wurdt ien útdroegen en hy telde altyd de lju dy't achter it lyk oan roannen.
Op in kear moest er nei de klaei ta to arbeidzjen. Mar de moarns dat er fuort moest, sei er: "Ik kin wol...
nl.verhalenbank.24662
Myn beppe, âlde Bouke Dootjes syn frou, dy lei op bêd, mar sy koe net weireitsje. It roan om 't lêste. Twa dagen lei se nei de siken to gapjen.
"Is der ek hwat," sei buorfrou Jitske, "dat se op snein makke hat?"
"Miskien wol", seinen se.
Doe ha se yn al har guod in knip dien.
Doe't dat gebeurd wie stoar beppe opslach.
nl.verhalenbank.24689
Der wie in faem, dy hie in berntsje krige. Hja hie der gjin man foar. Doe hat se dat bern foar de bargen smiten. Mar letter, as hja de bargen fuorje moest, dan forskynde dat bern altyd wer as geest. Dan lei it de hantsjes om 'e rânne fan 'e trôch hinne.
nl.verhalenbank.19858
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen.
De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen.
Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
Antsje de Bruine wenne yn 'e Houtigehage. 't Minske hie 't o sa krap. Sy gong froeger in protte to naeijen. Op in nacht hie se thús sitten to naeijen by in ljochtsje. Doe hie der hwat by de doar west.
De doar gong iepen en der kom ien yn. It wie in geest. 't Wie de geest fan har muoike, dy't al dea wie. Kingemoai, sei se tjin har.
"Hwat is der oan,...
nl.verhalenbank.24675
Yn Kloosterburen wie in keppeltsje folk by de boer oan 't wurk. 't Wie snein en it reinde. Auke Pultrum en Boardzer Bruining fan Boelensloane wienen der ek by.
Boardzer sei: "Wy forfele ús. Sil ik jim de kaert lizze?"
Doe helle der in spul kaerten foar den dach.
"Lûk dêr mar guon út", sei er.
"Heden," sei er doe, "ik ha iderkear in swart mantsje mei in...
nl.verhalenbank.25219
Myn neef Wessel Gal wie in kear op 'e wei, doe moest er oerside, hwant der kom in lykstaesje oan.
De èchte lykstaesje wie pas in dei of hwat letter.
Hy hat ek fan to foaren sjoen dat se syn earste wiif biklaeiden.
nl.verhalenbank.25218
Het in minske op syn stjerbêd hwat oan, dat op snein naeid is, dan kin er net stjerre. Men mat dan in knip yn dat klaeijingstik dwaen.
nl.verhalenbank.19867
Myn wiif wie swier fan in bern. Doe kom de buorfrou by har en sei: "Hark us, ik haw in lykstaesje sjoen, dêr wienen hast gjin froulju by, wòl manlju."
Myn wiif hie fuort yn 'e gaten dat dit fan it bern wêze soe, dat se krije soe, mar sy woarde der net oars fan. Sy sei rêstich: "As God it bileavet fan net, dan gebeurt it net."
It bern gong dea. De buorfrou...
nl.verhalenbank.22935
Ik wenne yn 'e Boelensloane by Bareld Bijma yn 't keammerke. Wy wienen krekt troud. Wy wienen sahwat seis en twintich jier en hienen al in pear bern.
't Is nou sa'n fyftich jier lyn.
Wy leinen op bêd. Doe sei 'k tsjin myn frou: "Ik ha hjir in kistje yn 'e hûs sjoen. Dêr matte wy oerhinne stappe as wy fan 't bêd ôfkomme.
Sawn jier letter ha wy in jonkje...
nl.verhalenbank.22934
Men mat nachts der om tinke altyd op 't fuotpaed to bliuwen. Rin noait op 'e wei. Hwant der binne in bulte lykstaesjes. Jo wurde oan kant treaun of oer de lykwein hinne smiten.
nl.verhalenbank.25478