Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik en myn kameraed sieten op in nacht by in âld minske ta de krúslanders. It âld minske lei op bêd. Mar hja wist de oare deis wol to sizzen hwa't har krúslanders stellen hie. Hja hie 't sjoen sûnder dat se út it bêd wei west hie.
nl.verhalenbank.31484
Der wie in âld minske, dat koe har yn in hazze foroarje. Sy wenne op 'e Harste.
Op in kear, doe siet dêr in grouwe hazze, flak by hûs. Dy roan by 't hinnehok lâns.
Ik sil dy, âlde tsjoenster, deasjitte, rôp der ien mei 't gewear. En hy rekke de hazze. Mar de hazze naeide út. It hier fan 'e hazze siet oan 't hinnehok. De oare deis siet it âld-wiif yn 'e...
nl.verhalenbank.12260
Achter Burgum wennen minsken, dy hienen in bern en dat rekke bitsjoend. Sy gongen nei de duvelbander ta en dy sei, it wie in âld wiif dy't it dien hie. Sy moesten it kessen mar ris neisjen en de krânsen dy't der yn sieten forbrânne. Sy moesten der foar soargje, dat alles goed ticht wie, de kaeisgatten en de skoarstiens ek, en de doarren op slot.
Der siet...
nl.verhalenbank.25637
Dêr wenne in âld minske yn Garyp-Sigerswâld, dy seach in ljocht rjocht op har takommen fan 'e rjochting Earnewâld. Doe sei se: "Hjir komt skielk in wei, dat is sa wis as hwat." En 't is ek neikaem. Mar it hat wol in 20 jier duorre, ear't dy wei der wie.
nl.verhalenbank.31803
As lju pine yn 'e mûle hienen nommen se in âlde forruste spiker út in deakiste en rekken dêr de kies mei oan. Dan bleau der neat fan 'e kies oer. Dy rotte alhielendal wei.
nl.verhalenbank.21190
Yn Droegeham wennen in pear âlde minsken, dy hienen nachts brandewyn op 'e holle. Dan hienen de kweade geasten gjin fet op har.
nl.verhalenbank.21183
Yn Sumar wenne in âlde frou Hoekstra, dy hie yn 'e keamer rogge struid yn in romte, dan kom de duvel net by har.
nl.verhalenbank.21197
In tsjoenster wie hast altyd in âld minske. Ik sei al dat der hjir ek ien wenne dy't der foar hâlden waerd. Dat wie âlde Piter Koaije Hinke, dy wenne hjir flakby oan 'e Boskwei, yn 't hûs dêr't Roel Nicolai wenne hat.
nl.verhalenbank.31808
Der wienen trije bern, dy kommen by in âld-wiif.
Hja joech dy bern elk in woartel. De mem sei: "Dy woartels net opite!" Hja die se yn 'e treppot.
De oare deis sieten der trije kikkerts yn 'e treppot.
nl.verhalenbank.32469
Waetsen Nicolai op 'e Tike, dy syn wiif wie altyd siik. Dokter koe der neat oan dwaen. Doe gongen se dan mar nei Wopke ta.
Wopke sei, it wiif wie bitsjoend. Hwa soe de tsjoenster wêze?
Op in kear hie hja in apel krige fan âlde Tryn. Dy lei se yn 'e sûkerpot yn 'e kast. It lid kom der op.
In pear dagen letter sei se: "Ik hie wol sin oan dy apel. Meitsje my...
nl.verhalenbank.22090
Ien hat my us forteld: Ik stie op 'e reed. Ik rôp Pije en Hoeke, myn beide jonges, hwant wy moesten ite. Der wie net ien yn fjilden of wegen to sjen. Doe stie ynienen âlde Tryn achter my, mei in lekken om har hinne.
Ik woarde danige kjel. Ik sei: "Dû âlde duvel, dû bist net gong, dû bist flein."
nl.verhalenbank.22091
As it sneit skodzje de âlde wiven de bêdden út.
nl.verhalenbank.21188
Froeger gong ús famylje faek to meanen nei de Earnewarren.
Op in simmer wie pake Tamme mei twa fan syn jonges Binne en Jelle dêr yn 'e blaugerzen by de Krúswetters.
Jelle hie even nei hûs west om hwat op to heljen en kaem de oare moarns bitiid werom.
"Hoe is 't hjir?" frege Jelle-om.
"Wol goed, jonge," sei Binne-om, "mar 't wurdt mei de âld man minder....
nl.verhalenbank.31896