Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Twizelerheide wenne in âld minske dat koe har yn in swarte kat foroarje. Hja bitsjoende oare lju. Hja tsjoende krânsen yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.33442
Myn frou har pake en beppe wennen yn Feankleaster. Dy hienen bargen yn 't hok, dy woenen net groeije. Sy hienen al duveldrek yn 'e trôch dien, mar dat holp neat. Der kom altyd in hazze yn 't hok.
Doe binne se nei Wopke ta gong. Wopke sei: "Jimme matte dy hazze mar rame." Dat ha se doe dien en doe rekken se de hazze mei in gripe yn ien fan 'e egen.
Even...
nl.verhalenbank.22763
Alde Jan Bearns van der Veen wenne yn 'e Mieden by de Bûtenpostumer feart. Hy hie in bern, dat wie net goed. Doe gong er nei greate Wopke ta. Dy wenne yn Kûkherne. Wopke joech him in drank. Hy sei: "Tink der om, dû mast aenst om in peal hinne. Dan komt der in kot by dy en dy wol by dy opspringe. Dû mast om 't fleske tinke."
Sûnder dat Jan der erch yn hie...
nl.verhalenbank.22761
Yn Hamsherne ûnder Droegeham wennen in broer en in suster, dy hienen dêr in lyts boerespultsje. Hja hienen in hynder dat woarde harren to âld. Doe gong dy broer dêrmei nei Eastemarre merke ta. Dêr forkocht er 't hynder oan sigeuners. Doe't dy sigeuners it hynder kocht hienen, makken se 't moai op. Hja ferven it, makken flechtsjes yn 'e moanjes, tinnen de...
nl.verhalenbank.36597
Ik wol gjin nammen neame, mar hjir yn Jistrum wennen froeger minsken dy woarden skoudere. Dy mochten net by de lytse bern komme en ek net by 't fé. 't Wienen meast âlde froulju. Tsjoensters woarden se neamd. Sy koenen har foroarje yn in swarte kat.
Guon woenen net in swarte kat ha, dat fortrouden se net.
nl.verhalenbank.20591
Alde Imkemoai hat noch witen dat de kosakken hjir wienen. Hja hienen yn 'e snie lein to sliepen. As se der moarns út kommen, dan hienen se de snie fan har ôfskodde. Dat wie gebeurd to Jistrum op 'e Harstewei.
nl.verhalenbank.22813