Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: oud Place of Narration: Boelenslaan
In tsjoenster foroaret har yn in kat. Sy hat it meastal op lytse bern forsjoen. Dan gûlt sa'n bern de hiele nacht. In tsjoenster is yn de regel in âld-minske.
nl.verhalenbank.28129
Doe't ús mem yn 'e Westerein wenne, wie der in âld man by har yn 'e kost. Dy moest der nachts faek ôf. Dan moest er in lykstaesje sjen. Hy wie al sa âld en sa minnichjes, dat hy koe hast net mear út bêd wei komme. "O Klare, Klare," sei er dan, "ik mat wer fuort." Dan stie er op syn skonken to triljen. Hy woarde dan oer hagen en oer hekken hinne smiten om...
nl.verhalenbank.17723
Muoike wenne yn 'e Houtigehage. Hja wie siik en âld. Sy hie linnen op 'e bleek lizzen. Doe kom dêr dy nachts in houn by to spoekgûlen. Se jagen de houn fuort, mar it dier kom like linich wer op itselde plak. En 't gong wer op in spoekgûlen. Even dêrnei is muoike stoarn.
nl.verhalenbank.27272
Us Hinke kom us op in kear mei in dochter fan Bouke Poppinga thús fan it dânsjen yn Drachten. Sy fytsten oer de Houtigehage en Boelensloane. Doe moest Hinke allinnich de fjouwer Roeden noch del. 't Wie yn 'e winter en der lei snie. Hinke wie goed twintich jier. Doe't se al tichte by ús hûs wie, seach se ynienen twa bigraffenismannen foar har op. Sy seagen...
nl.verhalenbank.21201
Hjir wennen trije bruorren dy skreauwen har Dalstra. Dêr is noch skaei fan. Ien fan dy bruorren hie boerefeint west yn Nyegea yn in âlde greate stjelp by twa âlde minsken. Dy feint rekke dêr wei, mar letter gong er dêr us op in kear mei syn beide bruorren hinne to jounpraten. Sy woarden freonlik ûntfongen. Sy woarden yn 'e hûs noege en krigen kofje. Doe...
nl.verhalenbank.25488
Aukje, it bern fan Albert en Gees hie bot pine. Albert sei: "Dat kin âlde Jiske Wyts wol us dwaen." Hy fan 't bêd ôf. 't Wie yn 'e nacht. Hy giet regelrjocht nei 't hûs fan Jiske Wyts. Hja siet by de tafel. Fan in âld fodde hat se in popke makke en dêr stekt se yn om. Albert krijt in dikke stien en smyt dy by har troch de ruten. Doe't er thúskom lei it...
nl.verhalenbank.25298
't Gebeurde froeger faek dat bern bitsjoend wienen. Dat koenen se witte oan 't kessen dêr't it bern mei de holle op lei. Sieten dêr krânsen yn, dan wie 't sa. Meastal wie de tsjoenster in âld minske. By nacht wie 't in swarte kat. Dy kat koenen se noait deameitsje. 't Gebeurde wol dat se mei in stik ark nei sa'n kat smieten. Dan hie 't âld-minske de oare...
nl.verhalenbank.37771
Oan 'e Lytse Wei stie froeger in beam mei in krús der yn. Dêr wie in âld-minske formoarde woarn. Dat krús bleau dêr altyd yn sitten. Kapten se de beam om dan sprute dy wer út en 't krús kom der wer yn.
nl.verhalenbank.28283
Der wie in âld-wyfke ûnderweis. Doe bigong de loft hiel bot op to setten. Hy woarde sa min, dat it âld-wyfke tocht: "ik mei wol even skûlje"; en hja krûpte ûnder in hagebosk. Even letter bigong it al to reinen. Dêr kommen ek in kikkert en in mûs oanstappen. De kikkert sei tsjin 'e mûs: "Ik wol hjir in ûnderdak sykje." Doe krûpte de kikkert ûnder 't...
nl.verhalenbank.28320
Tichte by Nyegea ha in heit en soan twa âlde minsken formoarde. De soan hie by de minsken as feint wenne. It bloed dat der op 'e muorre kom, ha se der noait wer wei krije kind.
nl.verhalenbank.19307
Heit hat wol us tsjin my sein: "Astû der op út gieste to sjitten en der is hwat datst graech reitsje wolst, mar dû kinst it net reitsje, gean dan hinne en forknip mar even in âld dûbeltsje en sjit dêr mei. Dan rekkest it grif. Hwant in dûbeltsje is fan sulver.
nl.verhalenbank.24871
Ik hie in muoike yn Houtigehage, dy hie bot rimmetyk. Doe fangde se in levende pod en dy binaeide se yn 'e seame fan 'e rok om 'e middel hinne. Dy pod bleau dêr twa, trije maenden sitten. Hie se wer in protte lêst, dan fangde se wer in pod. De âlde toarnde se der út en de nije kom der foar yn 't plak. Traepje noait op in pod of in kikkert, oars bigjint it...
nl.verhalenbank.27605
Hjir yn 'e Boelensloane, oan 'e Bethlehimsreed, wenne in hiele âlde man. Dat wie âlde Sytse Donder. Dy wenne by syn soan yn. Op in moarn wie dy âld man nergens to finen, doe't de soan fan bêd kom. Sy sochten oeral - op 't lêst founen se him tusken de latten en it tek yn it dak, binnen yn 't hûs. Hy wie dêr hinne flein. Hy koe tsjoene.
nl.verhalenbank.27599
1