Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Sterke Hearke wie op 't lân oan 't ploegjen. Doe kommen der in pear mannen oan dy bleauwen by him stean to praten. Sy woenen wite, hwer't Sterke Hearke wenne.
Hearke stie even stil. Doe heakke er de hynders út, krige de sturt fan 'e ploech beet en tilde de hiele ploege op en doe sei er: "Hjir stiet er en dêr wennet er." En hy wiisde mei de ploege it hûs oan.
nl.verhalenbank.24375
Sterke Hearke sei: "Hjir stean ik en dêr wenje ik." En doe stuts er de ploech út.
Hearke wie ek ûnbezoldigd plysje.
nl.verhalenbank.28628
Yn Surhuzum wenne Rapke Wijma. 't Wie famylje fan 'e bikende klokmakker fan Eastemar. Hy wie âld-feint. Ik gong jouns wolris mei him to kuijerjen. Op in joun doe wie 'k wer by him, doe sei er ynienen tsjin my: "Nou mast fan 'e wei ôfkomme."
"Hwerom mat ik dat?" sei 'k.
Hy sei: "Der komt in lyk oan. 'k Sil dy moarn wol sizze hwa't it is."
Ik sei:...
nl.verhalenbank.25261
Us heit hat wol mei Sterke Hearke arbeide.
Op in kear doe wie Hearke oan 't ploeijen. Doe kom der in keardel oan. Dy frege him: "Hwer wennet Sterke Hearke? Dêr wol 'k mei prate."
Hearke hie 't hynder foar de ploege wei dien. Doe hied er de ploech optild mei ien hân en hy hie der mei wiisd.
"Dêr wennet er," hied er sein, "en hjir stiet er."
De keardel wie...
nl.verhalenbank.25512
Sterke Hearke wenne yn de Ham oan 'e Lytse Wei. Op in kear wie er oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him. Dy frege of hy ek wiste hwer't de sterke man wenne.
"Hwa bidoele jo?" frege Hearke.
"Ik bidoel Sterke Hearke", sei er. "Ik woe dy man wolris sjen en wite hwer't er wenne."
Doe hie Hearke de ploech opnom by de sturt.
"Sjoch, dêr wennet er," hied er...
nl.verhalenbank.25098
Der wenne in man to Stroobos, dy wie aerdich sterk.
Hy hie ek alris heard fan Sterke Hearke fan Droegeham.
Dy woed er ris opsykje om to sjen hwa fan beiden it sterkst wie. Doe kom er dêr yn 'e Ham by in man, dy wie op it lân oan 't ploegjen. Hy tocht, dy sil 'k ris freegje.
Doe sei er: "Kinne jo my sizze, hwer't Sterke Hearke wennet?"
"Jawol," hie dy oare...
nl.verhalenbank.28530
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Der kamen twa man by him. "Hwer wennet hjir sterke Hearke?" fregen se.
Doe sei Hearke: "Nou sil ik jim sizze, hwer't Sterke Hearke wennet." Doe hie er de ploech optild en dêr mei wiisd en doe hied er sein: "Sjoch, dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37835
Sterke Hearke en syn heit wienen us in kear by in boer. De boer syn soan wie ek aerdich sterk. Der lei in grouwe stien, dy hie dy soan alris in eintsje forlein. Doe woe dy boer wolris wite of Hearke èk sa sterk wie as syn soan.
"Prebearje 't mar ris", sei Hearke syn heit. Hearke tilde de stien op en tilde him in hiel ein fuort, en bleau dêr gelyk ûnder....
nl.verhalenbank.38695
Op in kear wie er oan 't ploeijen. Doe kamen der twa man fan 't Bildt by him. Dy fregen him: "Hwer wennet hjir eins Sterke Hearke?" Doe spande Hearke de hynders út en tilde de ploech op. Dêr wiisde er mei nei syn hûs en sei: "Dêr wennet Hearke en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.32236