Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie in man dy kom by de boer om to freegjen hwer't Sterke Hearke wie. "Hwer kin 'k him fine?" frege er.
De boer sei: "Hy is hjir net by de plaets, mar hy is dêr op 't lân oan 't ploeijen."
Doe kom dy man by Hearke.
"Binne jo sterke Hearke?" frege er.
Doe die Hearke it hynder foar de ploech wei en stuts de poech rjocht foar him út, mei ien hân.
"Ja...
nl.verhalenbank.28922
Sterke Hearke hat de ploech ris omheechtild en foarútstutsen, doe't der ien him frege hwer't Sterke Hearke wenne.
nl.verhalenbank.25751
Sterke Hearke soe oan 't ploeijen. Doe kommen der twa by him, dy fregen him nei de wei.
Doe krige Hearke de ploech en dy tilde er mei ien hân op en doe sei er: "Hjir rjocht foar oer, dêr matte jo wêze", en hy wiisde it mei de ploech oan.
nl.verhalenbank.28671
Fan Grinzer Pein farde der in boat nei Grins ta. Dêr gongen de kooplju tiisdeis altyd mei.
Mar de boat wie Albert Gjaltema to djûr. Hy wie ek koopman. Hy koe guodkeaper mei de snikke, dy lei by de Keale wei. Dat wie twintich sinten guodkeaper.
Sa hied er in kear mei de snikke nei Grins ta west. Doe't er oan wâl stapte wie 't tsjuster. Hy moest de...
nl.verhalenbank.25551
In suster fan Sterke Hearke wie èk sa sterk. Dy wenne by in smid achter Ljouwert út. As se har pleagen, dan helle se 't ambyld ta de smitterij út en dan wie de smit deaforlegen. Dan koenen se 't der net wer yn krije.
nl.verhalenbank.28921
Der wie in ikebeam omwaeid en dy lei dwars oer de reed. 't Wie oan 'e Lytse Wei ûnder Droegeham, dêr't Hearke ek oan wenne. Dy beam moest dêr wei, hwant de lju koenen der sa net mei de wein lâns. Mei in man of fjouwer dienen se har bêst dy beam to fortillen, mar sy koenen him mei gjin mooglikheit fan 't sté krije.
Wylst se der drok mei omskrepten kom...
nl.verhalenbank.28672
Op in kear wie Hearke oan 't ploeijen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him: "Hwer wennet sterke Hearke?"
Doe hat Hearke de ploege krigen en útstutsen. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.25150
Greate Pier wie oan 't ploegjen op it lân. Doe kommen der twa man by him, dy fregen him hwer't greate Pier wenne. Pier tilde de ploege op en hy wiisde der mei nei syn hûs. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.24887
Krekt sa'n gefal gebeurde der ek op 'e Lange Wyk.
In man kom út 'e kroech. Hy hie in stik yn 'e kraech en sei it raer op. In hiel lyts mantsje nom him op en smiet him yn 'e Lange Wyk. Oan 'e oare kant de feart is er by de wâl opklaud.
nl.verhalenbank.21257
Us heit syn heit hat by Bindert Japiks jonges oan 't dongmennen west. 't Wie altyd it gebrûk dat deselde dy't mende, dat dy de wein flak by de skerne brochte. Dat wie heit syn wurk. Hearke laedde.
Doe hie de lytsfeint tsjin heit sein: "Dû hoechst dy wein hyltyd net sa ticht by de skerne to lûken. Dat kin Hearke allinne wol dwaen; dy is sterk genôch."
Dêr...
nl.verhalenbank.32765
Hearke hat ûnder tsjinst west, mar dêr koed er min oer. Hy mocht dêr min wêze by dy soldaterije. Doe hie dêr in anker by de haven lein, dat woech 900 poun. Doe frege Hearke de overste of hij by de tsjinst wei mocht, dan soed er dat anker om 'e hiele kaserne hinne tille.
"Né," sei de overste, "it spyt my wol, mar dat mei net. Mar dat anker weecht 900 poun,...
nl.verhalenbank.32764
Ik ha skippersfeint west. Op in nacht leinen wy mei in fracht biten op Dokkumer Nijesilen. Ik lei foar yn 'e durk to sliepen. It lûkje wie ticht.
Ik woarde yn 'e nacht wekker, doe stie 't lûkje iepen.
Doe kom der in hiele greate, fleizige hân, dy pakte myn beide polsen byelkoar beet. It fielde net hurd, it wie in sachte hân. Dy hân tilt my der út. Ik...
nl.verhalenbank.28607
Bôkke Noordman wie koopman yn potten en pannen. Hy mocht graech in slokje. Hy kom in kear mei in sneed yn 't ear út in café op 't Fean. Doe kom der hwat by him mei gerûs. En mei iens woarde er by 't Feanster tsjerkhôf oer de beamwâllen hinnesmiten. Sûnt wie Bôkke bikeard en woarde er in tsjerkeman.
nl.verhalenbank.15626
Earde Hut ^ (= van der Tuin) fortelde, hy hie us in kear op 'e Lytse wei west, doe wied er samar optild woarn en yn 'e sleat smiten. (Earde Hut wenne op 'e Bulten yn 'e Harkema)
nl.verhalenbank.26238
Yn Bûrum wenne in man, dy wie knap sterk. Dy hie wolris fan Sterke Hearke heard en dy tocht: Ik wol wol ris mei him prate. Ik woe eins wolris wite hwa fan ús beiden it sterkst is. Hy sette de stap der ûnder nei Droegeham ta. Doe trof dat moai. Hearke wie by Bindert Japiks fan 't Kleaster yn 't wurk. Hy wie krekt op dy syn lân oan 't ploegjen. Hy wenne...
nl.verhalenbank.28749
Sterke Hearke wie ris in kear op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him. Dy sei: "Kinne jo my ek fortelle hwer't Sterke Hearke wennet?"
Doe hie Hearke it hynder foar de ploech weidien. Hy hie de ploech mei ien hân optild en rjocht útstutsen en doe hied er sein: "Dêr wennet Sterke Hearke."
nl.verhalenbank.28550
Op in kear roannen der trije man njonken elkoar op 'e wei by 't Bomkleaster. Doe waerd de middelste ynienen samar optild en oan kant set. Der kaem in lykstaesje lâns, dy't se gjin fan trijen seagen.
nl.verhalenbank.17549
(It folgjende teltsje is oer-bikend. Ik hear it binei elke kear as dizze fragen bihannele wurde. Ik haw it noait opstjûrd, omt jo it grif al hawwe. Dizze iene kear meitsje ik dêr in útsûndering om, omt dit hwat wiidweidiger is as de measte forslaggen)
Yn Gerkeskleaster wennen trije mannen. Alle trije oersterke keardels. Doe sei de iene: Yn Droegeham mat...
nl.verhalenbank.16871
Sterke Hearke wie hwat oan 'e luije kant. Hy hat ek plysje west. Op in kear wied er oan 't ploegjen. Hy hie ien hynder foar de ploege hawn, hy loek sels mei.
Doe wie der in reizger oankaem, dy frege him hwer't Hearke wenne. Doe hie Hearke de ploege mei ien hân rjocht útstutsen en sein: "Sjoch, dêr wennet er."
nl.verhalenbank.23957
Us baes Rindert Postma wie in pakesizzer fan Sterke Hearke (hy woarde 68 jier en is oan kanker stoarn.) Rindert hat ús ris forteld:
As jonkje kom ik ris by pake.
"Soa boeke," sei er, "wiestû dêr?"
"Ja pake."
"Hwat woest fan pake ha?" Hearke wie doe al op leeftyd.
"Is pake noch sa sterk as froeger?"
"Né jongkeardel, pake wurdt minder."
"Ja?"
"Jawis, pake...
nl.verhalenbank.28750