Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: optillen Narrator Gender: male Place of Narration: Eastermar
Sterke Hearke is bikend om it forhaeltsje fan it ploegjen. Hy wiisde mei de ploege oan, dy't er omheechtilde, hwer't er wenne, doe't ien him dêr nei frege.
nl.verhalenbank.31910
Doe't Hearke al âld wie. Soed er us in kroadfol sân út 'e foarikker fan 'e bou helje. (De foarikker woarde froeger noait biboud) Dat kroade dêr o sa min. Doe seach Hearke earst om him hinne as der ek guon wienen, dy't him sjen koenen. Doe tilde er de kroade mei sân by it foarsket en by de oare earm op en sa tilde hy him oer de bou hinne.
nl.verhalenbank.19949
Der wienen us twa kameraden, dy kommen by Sterke Hearke syn mem. Hearke wie sels net thús. Sy woenen graech wite hoe sterk Hearke wie. Achter it hûs lei in stientsje mei in ring der yn. "Sjoch," sei de mem, "dêr heineballet Hearke mei." De beide kameraden koenen de stien net iens optille.
nl.verhalenbank.20464
Hearke wie ris oan 't ploeijen. In man kom by him. Dy woe nei Sterke Hearke ta. Hy komt by Hearke op 't lân. "Kinne jo my ek sizze hwer't Hearke wennet?" frege er. Hearke spant it hynder even út. Hy kriget de ploech en tilt him op en wiist der mei nei syn hûs. "Dêr wennet er," seit er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.35928
Op 'e Kromelle dêr stie in herberchje. Dêr wie us op in joun in ploechje jongfolk fan 'e Harkema. Dy woenen dêr it heilich avondmaal fiere. It gong op in spotten fansels. Us heit wie der ek by. Dat wie doe in jonge fan sa'n achttsjin jier. Sy dienen healwiis en hienen de klean omstrûpt oan. Mar doe kom Hearke der yn, as stille plysje. Hy krige heit by 't...
nl.verhalenbank.20491
Rixt wie syn dochter. Dy wie ek o sa sterk. Se tsjinne by de boer, njonken de smid. Dy smid hie in feint, dy stuts har de gek oan. "Ik krij dy wol wer", tocht Rixt. Doe't der net ien yn 'e smederij wie, krige se it ambyld en naem it fan 'e klosse ôf en sette it op strjitte. Doe wienen se deaforlegen, hwant net ien koe dat ambyld wer op syn plak krije.
nl.verhalenbank.19950
Hearke kom us by âlde Arjen Kuipers to jounpraten. Arjen Kuipers hie in tsiis fan tritich poun, dy sette er op 'e tafel en doe sei er tsjin Hearke: "Snij der mar in stikje ôf om op to iten." Doe nom Hearke de tsiis op 'e iene hân en 't mes yn 'e oare en sa snie hy der in stik ôf.
nl.verhalenbank.20492
Sterke Hearke wie oan 't wurk yn 'e buert fan 'e Skeltepaden ûnder Droegeham. Hy hie in kroade fol sân, dy moest er forkroadzje oer de bou, mar dat kroade o sa min. Hy hie de kroade better lûke kind as foarútskouwe. Mar hy die noch oars. Hy tilde de kroade fol sân op en sette him op 't skouder en sa sjoude er him nei de reed ta.
nl.verhalenbank.20487
Sterke Hearke ploege op 'e Dunen yn 'e Harkema. Der kom ien oer 't paed by him lâns. "Hwer sille jo hinne?" frege Hearke. "Ik sil nei sterke Hearke", sei er. Hearke sei: "Doch even geduld." Doe helle er de hyns út, hy krige de ploege fan achteren beet en tilde him op mei ien hân. Mei dy ploege wiisde er nei syn hûs. Hy sei: "Sjoch, dêr wennet er." En doe...
nl.verhalenbank.20596
35