Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: optillen Place of Narration: Buitenpost
Us âlden hâldden ús foar om nachts noait midden op 'e wei to rinnen. Marten van Kammen seach net sa bêst. Dêrom roan dy nachts àl midden op 'e wei. Mar dat moest er bilije. Hy woarde op in kear samar opkrigen en oan 'e kant fan 'e sleat smiten. En hy hie noait in minske sjoen.
nl.verhalenbank.36301
Der wienen boereskuorren yn Grinslân, dêr koenen de minsken op bipaelde plakken net lizze. Se woarden dêr samar optild en nei in oar plak smiten. Der wienen ek skuorren, dêr gongen de doarren midden yn 'e nacht samar fansels iepen. To Hurdegaryp mat in hekke wêze, dy't yn 'e nacht samar fansels iepen giet.
nl.verhalenbank.36312
Eibert Veenstra wenne yn 'e Westerein. Se neamden him Golo. Hy wie ôfgryslike sterk. Hy tilde samar in kroade fol dong op en stuts dy mei beide hannen rjocht foar him út. Jappe Eibert seinen se ek wol.
nl.verhalenbank.36307
Ik ha wol ris fan Sterke Hearke heard. Der kom ris ien by him dy woe wite hwer't Sterke Hearke wenne. Doe tilde er de ploech op en doe sei er: "Sjoch, dêr wennet er, en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.28648
Jan Huizinga wie slachter yn Burgum. It wie ien dy't gauris in romerfol kochte. Hy wie faek dronken en dan swearde en swetste er mar raek. Doe wied er op in kear oan 't hûs fan kantonrjochter Schaafsma ta: Glinstra-State. Hy hie 't wer raer opsein. Dêr woarde er ynienen opnom en yn 'e gracht smiten. Op 'e kop der yn. 't Wie op in joun. Sûnt hat er noait...
nl.verhalenbank.28639
Greate Pier wie us in kear oan 't ploegjen. Doe hie der ien west, dy hie him frege: "Kinne jo ek sizze hwer't Greate Pier wennet?" Doe hied er in ploege yn 'e hân krige en dêrmei wiisde er syn hûs oan en doe sei er: "Dêr wennet er, en dit is de man sels."
nl.verhalenbank.22853
Sterke Hearke krige in kear bisite, doe wie er op 'e bou oan 't ploegjen. Se fregen him: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Doe stuts er de ploech yn ien hân foar him út en hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.30960
Der kommen us twa minsken by Sterke Hearke, dy moesten ergens hinne. Sy wisten net hwer't dy persoan wenne. Dêrom fregen se it oan Hearke. Doe tilde Hearke de ploege mei ien hân op en wiisde it hûs oan, dêr't se wêze moesten.
nl.verhalenbank.24534
1