Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 datasets found
Dutch Keywords: opschrikken Narrator Gender: male Place of Narration: Sumar
Op 'e Harste wie us in kloftsje jongfolk. Sy dienen it raer en flokten dat it hwat die. Alde Japik Tsjuster hie der ek by west. Dy wie doe noch jong. Ynienen wie der samar yn 'e nacht in klok mei piken oanstappen kom út 'e Harsteloane wei. Hja wienen allegear sa binaud woarn, dat se piken stik foar stik út.
nl.verhalenbank.32482
Yn Feanwâldsterwâl siet in keardel yn 'e kroech, dy wie dronken. Hy sei it raer op en flokte dêrby grouwélich. Mar doe moete er de kweade, doe't er bûten wie. Dy smiet him yn 'e feart. Doe't hy der wer út kom, dreauwen syn pet en syn klompen noch yn 'e feart. Doe't er dy seach, sei er: "Elk ret him sels, hear, bliuw jim der mar yn."
nl.verhalenbank.20268
Ien hat my us forteld: Ik stie op 'e reed. Ik rôp Pije en Hoeke, myn beide jonges, hwant wy moesten ite. Der wie net ien yn fjilden of wegen to sjen. Doe stie ynienen âlde Tryn achter my, mei in lekken om har hinne. Ik woarde danige kjel. Ik sei: "Dû âlde duvel, dû bist net gong, dû bist flein."
nl.verhalenbank.22091
Op in kear is er yn 'e nacht de wei lâns gien yn Sumarreheide. Doe wie der oan 'e oare kant fan 'e wei ek ien dy't mei him oproan. Dat wie ien west mei in sturt as in biezem. Neffens pake hie dat de satan west, dy't him forliede woe.
nl.verhalenbank.32281
35