Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik hearde al us in kear in forhael oer in pleachbeest. Dat fortelde my it minske sels, dy't it oerkom wie. It wie in pûrbêst minske, sa earlik as goud en dêr soe har net in ûnwier wurd oer de lippen komme.
Hja wie boerefaem. Hja tsjinne yn Houtigehage by in boer dy hiet fan Sytse de Boer.
Har mem wenne yn Oerterp. Dêr kaem dy faem wei. De boer hie in...
nl.verhalenbank.24664
Ien fan 'e Houtigehage hat my us forteld:
Wy sieten thús yn 'e keet en wienen oan 't kaertspyljen. As wy oan 't kaertspyljen wienen wie 't altyd lûdroftich. Der woarden dikke wurden by brûkt en de hollen woarden hyt.
Heit hie der in hekel oan dat wy kaertspilen.
Op in kear wienen wy wer oan 'e gong. 't Wie op in joun. 't Gong der heil en seil oan wei en...
nl.verhalenbank.24934
Ik haw in woanskip hawn, dêr haw ik in set yn wenne.
Dan praette ik wol us mei in skipper, dy kom út Beets. Dy wie bang foar spoeken. Syn broer trof ik dêr ek nou en dan by him. Dat wie in bêste man. Hy wie Kristlik en moest neat ha fan spotten. Mar hy wie deabinaud foar spoeken. As er dêr oer fortelde luts er wyt om 'e holle. Hy fortelde us op in kear:...
nl.verhalenbank.24931
Tusken Rottefalle en Houtigehage hat froeger in hûs stien, dêr wie letter allinne it hoarnleger mar mear fan oer. 't Wie in hoeke greid. Dêr hawwe ris guon mei 't hea oan 'e gong west. Doe is dêr samar in juffer ta de groun út kom. Ien hie har de heafoarke tastutsen. Doe wie se samar wei woarn.
nl.verhalenbank.24588
Ik wie in jonge fan sa'n fjirtsjin, fyftsjin jier. Ik foer by in ierappelskipper boppe Grins. Wy leveren oan 't fabryk 'de Woudbloem'.
Wy farden mei 't skip yn 't Slochterdjip. 't Wie prachtich-moai waer, mar wy hienen yn 'e wyn. Ik moest lûke. De skipper dy trilke. (trilkje = een schuit of praam voortbewegen met een trilker. Een trilker is een...
nl.verhalenbank.24549