Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Olle Hendrik van der Molen liet de mensen stief stoan met de mond open. (= Hindrik Pikelhearring)
nl.verhalenbank.25854
Piter Scheper koe samar troch in sluten doar hinnekomme. Gjin slot wie tsjin syn tovermacht birekkene.
nl.verhalenbank.17338
Yn 'e Haerlemmer steech wenne Roele Antsje (de frou fan Roel van der Veen). Hja gong foar in tjoenster troch. Nachts hie se de boppedoar op in toutsje, krekt lang genôch, dat der in kat troch koe. Dat wie foar har sels, hwant hja foroare har faek yn in kat, nei't se seinen.
nl.verhalenbank.20808
Imke hat ek yn 'e gefangenis sitten. Mar dêr koenen se him net yn hâlde. Hy die de doarren samar iepen.
nl.verhalenbank.25359
Ymke de Jong hat ek ûnder tsjinst west. Mar dêr wienen se glêd mei oan. Dy smiet de kaeijen gewoan tsjin 'e doar oan, dan spatte dy doar samar iepen.
Op 't lêst ha se him ûnder tsjinst weidien, sy koenen neat mei him wurde. Hy koe toverje.
nl.verhalenbank.27753
Sy koenen ûnder tsjinst neat wurde mei Ymke de Jong.
As er yn 'e cachot opsluten woarde, dan sprongen de doarren samar iepen. Doe't er fuortjage woarde ha se him op fjouwer úthoeken fan 'e stêd tagelyk sjoen.
nl.verhalenbank.25315
Imke de Jong wie in gûchelder. Hy reizge by de merken lâns en hat yn Ljouwert wenne. Hy wie troud mei in sekere Janke. Hy koe de minsken samar stean litte en liet se molke slobberje út in pantsje, krekt as wienen it katten. Hy koe de minsken kraeije litte as in hoanne. Alles hwat er sei, dat dienen se.
Hy koe de froulju de rokken samar ôfsakje litte.
Yn...
nl.verhalenbank.38534
Imke de Jong hat ûnder tsjinst west. Sy wienen deaforlegen mei him. As er opsluten woarde koenen se him noait hâlde. Hy hie de slotten samar los en de doarren spatten foar him iepen.
Op 't lêst ha se him mar gean litten.
nl.verhalenbank.28292
Jehannes Meerstra fan Feanwâldsterwâl wie boerefeint op in pleats yn Ryptsjerk. Jehannes hie dêr in kammeraet, dy kaem ek fan de Wâl. Dat wie Yme Hogeveen.
Hja wienen der in bulte togearre op út en kamen dan faek let op 'e joun wer thús. Dêr hie de boer fan Jehannes syn nocht fan. Hy sei tsjin Jehannes: "Ast nou wèr sa let thús komst, haw ik de doarren...
nl.verhalenbank.38417
Jan van Buuren, dat was de ouwe schaapherder in IJsselstein vroeger, bij die is Hannes Oegee in dienst geweest, bijgenaamd de Lummel. Hannes de Lummel, die kon tovere. Vroeger wier de schapemest verkocht an de tabaksplanters in Veenendaal. Op een keer was Hannes de Lummel klaargekomme met uitspitte van de schapestal, want 't was in 't voorjaar en toen...
nl.verhalenbank.70640
Ik wie fiif en twintich jier, ik frijgeselle by myn broer. Dy hienen in jonge, dy wie siik.
Op in kear gong ik nei Hinke Kaert ta, de kaertlizter fan Nijebrêge.
Ik sei tsjin Hinke: "Myn omkesizzer is siik."
"Ja," sei se, "dy is bitsjoend. Hjir wennet in duvelbander yn Nijebrêge, dêr matte jo mar ris hinne."
Ik dêr hinne. Doe joech dy my hwat guod mei.
Hy...
nl.verhalenbank.21015
Der wienen in man en in frou, dy hienen in jonkje, dat wie siik. Se tochten dat it bern de mûzels hie. Se hellen de dokter der by. Der wienen altyd katten by har om 'e doar en dy fleagen by de glêzen op.
Op in kear, doe wie der in man yn 'e keamer, doe lei der in kat op 'e diwan. Dy woe der net út, hy blaesde mar. De jouns kom der ien fan 'e jonges thús....
nl.verhalenbank.38496