Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Om tsjoensters to kearen dienen de lju altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Dêr koe de tsjoenster net oer komme. Wy hienen as bern altyd in pûdtsje mei duveldrek op it boarst, om mar net bitsjoend to wurden.
Dy't bitsjoend wie, hie krânsen yn 'e kessens. Wienen der trije folle krânsen dan gong dyselde dea, dy't bitsjoend wie. As se dan nei de duvelbander...
nl.verhalenbank.29540
Hjir yn Kollumersweach wenne in man, dat wie in sikere Knjillis Veenstra. Dy wie mei de helm geboaren. Hy hat in protte sjoen, dat in oar net seach. Nachts moest hy der faek ôf.
Op in kear wied er mei in kammeraet yn 'e ûngetiid achter Ljouwert. Hy moest der wer ôf om hwat to sjen. Doe tocht syn kammeraet: "Ik wol us mei him." Hy folge him, sûnder dat...
nl.verhalenbank.15778
Knjillis Veenstra fan Kollumersweach seach alles foarút. Hy hat foarút sjoen dat syn eigen dochter forsûpte. Har lykstaesje seach er ek. Hy wie mei de helm geboaren.
As se dy helm fan foaren nei achteren ôflûke, gebeurt der neat. Mar lûke se him fan achteren nei foaren ôf, dan mat sa'n ien letter alles sjen.
As der foar him in lykstaesje to sjen wie, siet...
nl.verhalenbank.38610
To Hurdegaryp, by it tsjintwurdige tehûs foar âlden fan dagen wie in hekke, dy koenen se net ticht hâlde. Guon ha der by wekke, fakernôch. Salang se der by wienen bleau de hekke ticht, mar se wienen der gjin fiif minuten by wei of hy stie wer iepen.
nl.verhalenbank.38611
De hekke to Hurdegaryp, dy't altyd fansels iepen gong.
nl.verhalenbank.22689
Yn Hurdegaryp stie in slot en dêr wie in hekke by, dy't se noait ticht hâlde koenen. Ik haw der faek om tocht, as ik mei de bargewein nei Ljouwert ta ried, mar ik haw dy hekke noch noait ticht sjoen.
nl.verhalenbank.29535
Op 'e heide (= Twizelerheide) stie in plaetske, dêr wenne in widdou yn, dêr koenen se noait de doar fêst hâlde. Dienen se jouns de doar fêst, de oare moarns wie er altyd los.
nl.verhalenbank.25840
Keke moest nachts faek út bêd wei. Dan waerd er dreaun, seinen de minsken. Us hat er wolris forteld, dat er it wol hawn hie, dat er net woe, dan wied er lizzen bleaun.
Dan hie 't krekt west as waerd er stutsen mei spjelden en dan wie 't swit him útbrutsen.
Guon ha him troffen by nacht. Dan stienen de spoarhekken foar him iepen.
nl.verhalenbank.29513
Myn pake dat wie Piter Bosma, dy wie plysje yn Feankleaster. Gemeenteplysje. Jouns 12 ûre moesten alle café's yn 'e gemeente sluten wurde. Dan reizge hy by al dy café's lâns, en yn elk café traktearre de kastlein him op twa buorrels. Hy naem op 'e hinnereis de iene kant fan 'e wei, op 'e weromreis de oare.
De café's koenen dan fansels krektsalang iepen...
nl.verhalenbank.38619
Harm van der Berg wenne op Sânbulten tsjin 't Wyldpaed oan. It hûs stie oan 't spoar.
Op in joun komt er thús, hy giet yn 'e hûs en dan seit Teats, syn frou: "Och, och, hwat is 't hwat. Ik bin mei de bern forlegen. Hwat der is, ik wit it net."
"Nou," sei er, "dan sil 'k der út." Hy hie 't gewear laden en wie der útstapt en hy komt by de hutte en docht de...
nl.verhalenbank.37348
Wy ha wenne oan 'e âld achterwei yn 'e Falom, in hiel ein achterút. It spokke dêr yn dat hûs. De minsken dy't dêr fóár ús wenne hienen wienen der dêr om weigong. Ik hierde 't hûs foar in bytsje sinten, ek al omdat net ien dêr wenje woe.
Ik hie dêr hwat fé op 'e stâl. Froeger hienen de kij seelkettings om. Myn kij hienen dat doe ek. Mar dêr rattelen se yn...
nl.verhalenbank.25189
Wie der in bern bitsjoend, dan gongen se nei Wopke duvelbanner ta, dy't in drankje rémakke.
Se moesten de krânsen út it kessen nimme en dy forbrânne. It gebeurde wol gauris dat se dan meiiens mar it hiele bêd forbrânden. Alles moest dan ticht wêze, der mochten gjin iepeningen yn it hûs wêze. Se tochten dan dat se de kweade geasten forbrânden.
nl.verhalenbank.29820
Yn Hurdegaryp is in hameije, dy stiet altyd iepen. Docht men him op slot, dat jowt neat.
nl.verhalenbank.25377
Yn Grinslân wienen boereskuorren, dêr koenen se nachts de doarren mei gjin mooglikheit ticht hâlde.
Soms waerden de minsken dêr midden yn 'e nacht smiten; dan leinen se op in forkeard plak.
nl.verhalenbank.37367
To Hurdegaryp, op Bennemastate hat in hekke stien, dy't se mei gjin noch safolle slotten ticht hâlde koenen. Dy gong altyd wer iepen.
nl.verhalenbank.29946