Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Doe't de fûgels allegear in namme en fear krigen hienen, hienen se allegear noch in bigear. De iene woe dìt noch ha en de oare dàt. Hwant sy woenen der graech allegearre tige moai útsjen.
Allinne de nachtegael oppenearre him net. Dy hâldde him stil. Dy wie wol tofreden mei syn ienfâldich pakje.
Mar omt er sa tofreden wie krige er 't allermoaiste geskink,...
nl.verhalenbank.20210
Doe't Kristus stoar, wie alles stil yn 'e natuer.
Omdat se allegearre treurden. Allinne de popelier ritsele. Sûnt dy tiid kenne de popelieren gjin rêst. Sy matte altyd ritselje, as is 't ek nòch sa stil.
nl.verhalenbank.20211
Doe't Kristus stoar, wie alles stil en yn 'e rêst.
Mar de swel fleach ôf en oan.
Sa komt it dat de swellen nòch altyd almar hinne en wer fleane en gjin rêst krije kinne.
Dat is har straf.
nl.verhalenbank.20213
It sweltsje hie nestele yn 't griene hout, dêr't it krús fan Kristus út makke is. Dat wie ûnearbiedich. Dêrom mei in swel noait wer yn 't griene hout syn nêst bouwe. Mar altyd tsjin stien of hout oan dat dea is.
nl.verhalenbank.20212
Hwerom de sinne saterdeis altyd skynt:
As 't de hiele wike reind hat, matte de soldaten saterdeis har himden droege ha.
Dêrom skynt de sinne dan altyd.
nl.verhalenbank.20203
Der bistiet in plantsje, dat neame wy de reaskonk. Dat plantsje groeide ûnder it krús, dêr't Jezus oan spikere wie. Der foelen bloeddrippen op 'e blêdden. Sûnt kin men dy bloeddrippen altyd noch op 'e blêdden sjen.
nl.verhalenbank.12517
De rogge stiet èk in gesicht op. Dat is sa kom sûnt Jezus mei syn learlingen dêr troch hinne roan is om ieren to plukken.
nl.verhalenbank.20208