Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Heit wie ris in kear ergens op 'e merk. Dêr wie Ymke ek. Doe wie dêr ien, dy krige in bytsje wurden mei Ymke de Jong. Doe sei Ymke tsjin him: "Dû wytst noch wol, tink, hoe't ik it doe mei dy hawn ha? Dû koest net in foet mear forsette." Doe't de man dat hearde, gong er stil fuort.
nl.verhalenbank.27756
Der wienen ek guon, fortelde ús mem, dy hienen in toverboek. Dêr koenen se soldaetsjes mei út 'e hurddobbe komme litte. Dy bigongen dan moai to marsjearen.
Sa'n toverboek rekken se noait wer kwyt. As se 't kwyt woenen moesten se krekt deselde wurden brûke as dêr't se 't mei krige hienen. En dat wisten se meastal net mear.
't Koe net forbrând wurde en ek...
nl.verhalenbank.32979
To Hurdegaryp is in hekke, dy kinne se noait ticht hâlde.
Anne Tsyske hat dêr tichte by wenne. Dy hat my forteld, dy hekke gong alle nachten wer iepen, ek al hienen se der slotten en alles op.
nl.verhalenbank.33068
It Godloas tolhek is tusken Beetstersweach en Lippenhuzen. Foar de nacht sluten se dat. Mar it joech neat. De oare moarns wie 't altyd wer iepen.
nl.verhalenbank.33069
Somstiden gebeurt it dat ien net stjerre kin. Meast draecht dyselde dan klean dy't op snein naeid woarn binne.
In nicht fan my, Ale, lei op stjerren. Dy koe net stjerre. Doe gong myn suster nei har ta mei in wyt sloopke, dat se makke hie fan in skelkje. Dat krige se ûnder 'e holle en 't oare woarde weinom.
Doe wie se samar wei. Wy tochten dat dat oare...
nl.verhalenbank.32980
Imke de Jong koe in hynder en wein samar ta stean krije. Ek minsken koed er stean litte sûnder dat se in stap fierder forsette koenen.
nl.verhalenbank.33796
Op Eastemarre hynstemerke hie Tseard van Dekken in greate bek tsjin Ymke de Jong. "Dû mast dy stil hâlde," sei Ymke tsjin Tseard, oars lit ik dy stean." Mar Tseard hâldde him net stil en doe hat er in hiel skoft stien.
nl.verhalenbank.27727
Op 'e Mûzegroppewei hat Sytse Batema syn dochter de hals útsnien. It bloed ha se letter net wer út 'e flier krije kind.
nl.verhalenbank.33006
Op 'e Mûzegroppewei hat lang in hûske stien mei bloedplakken yn 'e flier. Dêr wie ris in moard gebeurd. Dy bloedplakken woenen der net wer út.
nl.verhalenbank.33799
Yn it hûs fan 'e Batema's oan 'e Mûzegroppewei hat famylje fan my wenne. Ien fan 'e Batema's hat dêr syn dochter formoarde. Doe't myn famylje dêr wenne sieten der twa greate bloedplakken yn 'e flier. Dy ha se der noait út krije kind.
nl.verhalenbank.33067
Yn it hûske fan Sytse Bates woenen de bloedplakken nei de moart noait fordwine, seinen se altyd. De lju makken in rymke:
Sytse Bates dy is gemien,
dy hat syn dochter de hals útsnien.
En doe wied er sa binaud,
doe hat er himsels de kop ôfhoud.
nl.verhalenbank.20974
By de Krúswetters koenen de skippen noait fêstlizzen bliuwe. Dêr spûke de Lange Sleatterman, dy't de skippen yn 'e nacht losmakke en de ankers op it dek smiet.
nl.verhalenbank.34451
Sy koenen Sterke Hearke noait sa stevich bine mei touwen, hy kom altyd los.
nl.verhalenbank.34453