Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: onmogelijk Narrator Gender: male Place of Narration: Houtigehage
't Gebeurt wol dat in minske net stjerre kin. Dan wurdt der frege: "Hat se ek klean oan, op snein makke?" As dat it gefal is dan dogge se in knip yn 'e klean. Oars, seit men, wolle de siken der net út.
nl.verhalenbank.23867
To Hurdegaryp mat in slot stien ha, dêr gong de homeije nachts ek altyd fansels iepen.
nl.verhalenbank.23829
Dyselde fint syn skoanheit wie koster yn Wynskoat. Dêr siet in hekke, dêr koenen se troch op it tsjerkhôf komme. Dy hekke koe syn skoanheit noait ticht hâlde. Altyd stie er de oare moarns iepen. Der wie hwat mei dy hekke. Doe hie hy foar syn skoanheit in swier ketting fan 't skip meinom, dat kom dûbeld om 't hek hinne. En in swier slot der by. Mar de oare...
nl.verhalenbank.23828
Oan 'e Mûzegroppewei hat Sytse Bates syn dochter en himsels fan kant makke. Hoe bot as se dy muorren ek skrobben en bjinden, it bloed wie der noait wer wei to krijen.
nl.verhalenbank.23784
As minsken guod makke hienen op snein en dat hienen se oan op har deadsbêd, dan koenen se net stjerre. Dan moesten se der mei de skjirre yn knippe.
nl.verhalenbank.23786
As wy yn Grinslân to flaechsteppen wienen, hearden wy dat dêr spûkskuorren wienen. As se de doarren yn sokke skuorren ek nòch sa skoattelen, se wienen de doare deis altyd wer iepen.
nl.verhalenbank.23792
It gebeurde hjir us dat ien net meikrige yn 'e kiste, dêr't se rjocht op hie. Doe kom dat minske letter werom by har famylje, hyltyd wer. Doe ha se de doomny ophelle en dy frege nei har bigearte. Hja hie net it goede léguod meikrigen. Doe sei de doomny, sy moesten dat guod mar op in stoel dellizze dy jouns. Dat ha se dien en de oare moarns wie 't der wei....
nl.verhalenbank.23787
Yn Topweer (yn Grinzer Pein) wie in doar yn in hûs, as se dy fêst dienen, dan wie er de oare moarns altiten los.
nl.verhalenbank.23783
Op 'e Sumarreheide is froeger us in berntsje deamakke woarn. En nei dy tiid gong de doar fan dat hûs altyd fansels iepen; dy koenen se noait ticht hâlde.
nl.verhalenbank.23796
Ritske dy wenne hjir yn 'e Houtigehage. Hy hie in fanke, dy tsjirme altyd, dat wie gjin goed spul. Jehannes Wyts wenne hjir foar by de wei. Dat wie in tsjoenster, dy fortrouden se net. Op in kear soe Ritske to streupen nei Oerterp. Doe kom der in dikke wite kat by harren. Ritske soe op 'e kat sjitte, mar hy koe der gjin skoat op krije. Hy gong de kat...
nl.verhalenbank.23781
In skoft letter, doe forkocht Fileman him oan 'e duvel. Hy mocht trije winsken dwaen, dan soed er eigendom fan 'e duvel wurde. De earste winske fan Fileman wie dat er noch tûzen jier leve soe. De twadde winsk wie in stoel mei in kessen, mar in hiel bysûndere stoel. Dy't dêr op siet, koe der sûnder him net wer ôf komme. De trêdde winsk wie in parrebeam...
nl.verhalenbank.23576
Bloedplakken dy't troch moart foroarsake binne, wolle der net wer út.
nl.verhalenbank.23885
35