Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As de minsken op har stjerbêd klean oan ha, dy't op snein makke binne, kinne se net stjerre. Dat hat heit meimakke.
nl.verhalenbank.29340
Der binne hazzen, dy kinne se noait deasjitte. Dat binne tsjoensters.
nl.verhalenbank.25802
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp stienen altyd de hekken iepen. As men se ticht die, de jouns fan tofoaren, stienen se de oare moarns iepen.
nl.verhalenbank.25800
't Gebeurt wol us dat minsken net stjerre kinne, as se hwat oan ha, dat op snein naeid is. Dan matte se in knip yn it guod dwaen.
nl.verhalenbank.25805
Tsjoensters kinne ek troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme.
Docht men duveldrek ûnder 'e drompel, dan hippe en dideldeinje de tsjoensters der foar om, dan komme se der net yn.
nl.verhalenbank.23537
As ien op stjerren leit en der mist ien fan 'e famylje, dy't er noch graech sjen wol, dan kin dyselde net ta stjerren komme. Sa'n ien mat dan earst by de stjerrende komme. Dy seit er dan dach en dan blaest er de lêste siken út.
Us beppe sei, foar it deakleed woarde altyd safolle guod bisteld. Dan gebeurde it wolris, dat de biklaeijers der in stik by wei...
nl.verhalenbank.21225
Der wie in man, dy hie in buchel. Mar hy woe graech trouwe mei in kant frommeske, ien mei in rjochte rêch, dêr't neat oan mankearde.
Doe stjûrden se him de bosk yn. Dêr moest er in rjochte beam útsykje. Foun er sa'n ien, dan soed er sa'n frommeske ha lyk as er bigearde.
Hy socht en socht, mar hy koe net in inkelde beam fine dy't alhiel rjocht wie. Doe't...
nl.verhalenbank.21563
By Sytse Batema oan 'e Mûzegroppewei is yndertiid us in moart dien. It bloed ha se dêr noait wer út 'e flier wei krije kind, it kom der hyltyd wer yn.
nl.verhalenbank.21228
Ik ha der ús mem wolris oer heard, dat der wolris in gat yn 'e hûs is, dat se noait ticht hâlde kinne. Dat giet altyd wer iepen. Dan hâldt dêr hwat ta dat mei spûkerije yn forbân stiet.
nl.verhalenbank.29375
As ien him formoarde hat kinne se de bloedplakken letter noait wer fuort krije. By Sytse Bates oan 'e Mûzegroppewei sieten de bloedplakken op 't sket en op 'e doar. Sy ha der letter in nije doar yn set, mar dêr kommen de bloedplakken like goed wer yn. Doe't dy moart krekt gebeurd wie, hat mem der hinne west to sjen.
nl.verhalenbank.29374
Ik ha wol heard dat in minske op syn stjerbêd noait hwat oan ha mat dat op snein yn elkoar set is, hwant dan kin er net stjerre.
nl.verhalenbank.23922
As in doar net ticht bliuwe wol, dan is der op sa'n plak ien formoarde woarn. Dat hat ús mem wolris forteld.
nl.verhalenbank.29376
To Hurdegaryp is in hekke, dy't altyd fansels wer iepen giet. Dy stiet by in slot oan 'e greate wei. Dêr hie ien him ris formoarde. Ergens yn Grinslân op 'e klaei mat ek sa'n hekke wêze.
nl.verhalenbank.29377
By Sytse Bates oan 'e Mûzegroppewei koenen se noait it bloed út 'e flier krije. Dêr wie in moart gebeurd. As se in nije planke yn 'e flier sloegen, kom it bloed dêr wer yn.
nl.verhalenbank.25798
Doe't Taeke Jan deastutsen hat, doe ha se in bûsdoek brûkt, dêr koenen se letter noait it bloed út krije. It kom der altyd wer troch.
nl.verhalenbank.23925
Myn man syn suster wie altyd syklik. It bern tsjirme. Hja hie altyd skeel.
Doe sei heit: "De boze geest pleaget har. Dy sit ûnder 't bêd." Doe helle er in gripe en reage dêrmei ûnder 't bêd om. Doe kom dêr in kat weifleanen. Dat wie de boaze geast, sei heit. Hy prebearre dy kat to reitsjen mei de gripe, mar dy kat fleach fuort. Heit achter de kat oan, mar...
nl.verhalenbank.29373
Oan 'e Lytse Wei is ris in frommes formoarde woarn. De bloedplakken komme altyd wer op 'e beam, dêr't it gebeurde.
nl.verhalenbank.23926
Imke de Jong wie in gûchelder, dy kom altyd op Eastemarre merke. Hy koe de minsken stean litte. Op Hamster merke hat er de plysje alris stean litten.
nl.verhalenbank.29365
Yn Hurdegaryp wie in hekke, dy't se mei gjin sawn slotten fêst hâlde koenen. Hy gong altyd iepen. Dat kom, dêr wie in lykpaed.
nl.verhalenbank.23927