Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
As men trije krúskes op 'e wei set, kin de tsjoenster jin net pakke.
Men mat noait trije kear achterelkoar 'ja' sizze op hwat in tsjoenster jin freget, hwant dan hat se jin yn 'e macht.
Hat men in koarste roggebrea yn 'e bûse, dan kin gjin tsjoenster fet op jin krije.
nl.verhalenbank.24062
Hy hat ek ris in petroaljekarre stil stean litten. Doe woenen de hounen net mear lûke. Sokke dingen die er altyd.
nl.verhalenbank.38098
As de minsken op har stjerbêd klean oan ha, dy't op snein makke binne, kinne se net stjerre. Dat hat heit meimakke.
nl.verhalenbank.29340
Guon dy't in forboun ha mei de duvel, dy binne kûgelfrij. Sokken ha ek in wikseldaelder. Om dy to krijen matte se nei de ien of oare tsjerke ta - ik wyt net krekt hòkker tsjerke. Dêr matte se in kear of hwat om hinne rinne mei in kat en dan matte se troch de doar roppe: "Kat forkocht! Kat forkocht!" Dan komt der in hân om 't hoekje fan 'e tsjerkedoar. Dy...
nl.verhalenbank.17734
Yn Hurdegaryp, by it slot fan dokter Bontekoe, is in hekke. Dogge se dy ticht, dan giet er fansels wer iepen. It doocht dêr net by dy hekke.
nl.verhalenbank.33682
Der binne hazzen, dy kinne se noait deasjitte. Dat binne tsjoensters.
nl.verhalenbank.25802
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp stienen altyd de hekken iepen. As men se ticht die, de jouns fan tofoaren, stienen se de oare moarns iepen.
nl.verhalenbank.25800
Docht men duveldrek ûnder 'e drompel, dan kin de tsjoenster dêr net oerhinne komme.
nl.verhalenbank.27811
To Hurdegaryp wie in hekke, dêr is ús heit, doe't er noch bargekoopman wie, faek by lâns kom. Dy hekke koenen se ûnmooglik ticht hâlde, sei heit. Heit hie de hekke noch noait in kear ticht sjoen.
nl.verhalenbank.37781
't Gebeurt wol us dat minsken net stjerre kinne, as se hwat oan ha, dat op snein naeid is. Dan matte se in knip yn it guod dwaen.
nl.verhalenbank.25805
Yn Faen hat in boer wenne, dat wie in freeslik rare keardel. Dy hiet fan Metske. Jouns kommen de doarren by him op slot, mar moarns stienen se wer iepen.
nl.verhalenbank.23469
Ien dy't in himd oan hat, dat op snein naeid is, dy kin net stjerre, as er op stjerren leit. Dêr mat earst in knip yn.
nl.verhalenbank.17733
Bloedplakken fan in moard bliuwe altyd sitten.
Sy sizze, yn Faen is de loft altyd read kleure, fanwege de gruwelen fan Rudolf de Mepske, dy't dêr pleegd binne.
nl.verhalenbank.25965
Wy ha ris mei in ploechje jongfolk nei âlde Clara ta west. Dy soe ús de kaert lizze. Mar der wie ien jonge by, dy lake hyltyd. Hy hie mei alles de gek. Doe koe Clara it net dwaen, omdat dy jonge sa lake.
nl.verhalenbank.33861
To Hurdegaryp is in homeije, dêr wie 't krekt sa mei. Dy gong ek altyd wer iepen. Die wie mei gjin mooglikheit fêst to hâlden.
nl.verhalenbank.25958
De katten hâldden forgaderingen oan 'e sédyk. Dêr wie Tsjitske ek altyd by. Der wienen soms wol hûndert. Sy skeaten der op mei buks, mar sy koenen noait ien reitsje.
nl.verhalenbank.33121
Tsjoensters komme troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.12528
Ik wie in lyts fanke. Om in ûre of ien yn 'e nacht bigoun ik altyd to razen. Der siet in raer, swart ding, dat seach ik en dêr wie ik binaud foar.
Heit sei: "It bern is bitsjoend, ik sil nei Wopke ta. Wy krije sa net in wink yn 'e egen." Mar as er dan nei Wopke ta soe, wie 't wer oer. Dat wist de tsjoenster. Dat wie Sytske van Assen. Mar heit is doch nei...
nl.verhalenbank.19443
By de Hegewei to Aldegea binne twa âlde minsken yndertiid formoarde woarn. It wienen Dolstra's dy't it dienen, in heit en in soan. De iene hiet fan Lammert. De hannen fan deselden dy't formoarde woarden stienen op 'e muorren. It bloed woe der mei gjin mooglikheid wer ôf. 't Is altyd op 'e muorren sitten bleaun. Us heit hat plysje west yn Aldegea, dy hat...
nl.verhalenbank.12516
Ien fan 'e Feddema's fortelde, hy hie us nei de Broek ta sild en doe hie der ynienen in hiele greate baer (= golf) oer de wei west. Doe koed er net fierder. Dit sloech neffens him op in lettere oerstroming dy't komme soe. 't Wie foartsjirmerij. Mar dy oerstroming hat der noch net west.
nl.verhalenbank.18205