Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Dy't it net sjocht hoeft net oan kant ta goan.
nl.verhalenbank.21655
Der kom us in keppeltsje froulju fan 't wjudderslân. Dêr wie ek in âld minske by, dy roan hwat foaroer. Sy gongen in reed del en doe woarde dat âld minske samar ynienen oan kant treaun, sûnder dat ien fan 'e oaren har oanrekke. Sy kom ta fallen.
De oaren seinen: "Hoe is 't nou?"
"Och ja," sei 't âldwyfke, "dêr wie in lykstaesje."
"Hea," seinen de...
nl.verhalenbank.21656
It wie yn 'e simmer en fier foar myn tiid. Doe foeren der skippers oer de Galle by Grou. Dy kommen fan Ljouwert. Doe seagen dy skippers ynienen in baen mei ridersfolk foar har. Alle minsken, dy't op 'e baen wienen, sakken troch it iis. Letter wienen de minsken yn Grou altyd hwat skruten foar dat plak. Foaral de âlde minsken. Mar de ramp dy't dy skippers...
nl.verhalenbank.12216
Wy ha hjir jierrenlang de needslachting hawn. As der hwat slachte wurde moest wienen dat faek ûnforwachte needgefallen. Hwat binne wy faek even fan toforen kloppe woarn. Mar dan wie der noch neat. Even letter wie de man der sels dy 't kloppe. 't Gebeurd wol yn 'e nacht, mar ek wol us oerdei. Soms wie 't it tikjen fan in stok op it glês. Dan hie sa 'n ien...
nl.verhalenbank.23355
Doe't myn suster in great fanke wie, sahwat in twintich jier âld, krigen wy in hynder. Dat hynder wie trije jier. Wy kochten it op in boelguod yn 'e Pein. Doe seach myn suster us op in nacht, wylst dat se op bêd lei, dat it hynder hiel wyld woarde. It sloech en it skopte sa bot, dat it trape de muorre der út. Doe sleepten se it hynder yn 'e skuorre en dêr...
nl.verhalenbank.12204
Yn 'e feart, tichte by de Nyegeaster tsjerke hat ús mem ris sjoen dat dêr in manspersoan fordrinke moast. Hy hie in horloazje mei keatling op 't boarst.
nl.verhalenbank.11500
Ik en myn dochter dy't op 'e Tike wennet stienen ris by ús yn 't bûthús. Doe seagen wy ynienen allebeide ien fan 'e stâllen leech, dêr't oars in grouwe koe stie. It ketting en 't lear leinen der allinne mar.
Wy wisten net hwat wy seagen. Mar fuort dêrnei stie de koe der wer en wie alles wer as tofoaren. Mar in jier letter kaem dy koe to forstjerren. Der...
nl.verhalenbank.11501
Foarboaden fan'e dea:
a. Spûkgûlen fan in houn: binnen 3 dagen in deade.
b. Ekster op it hiem (= in swart mei wyt - boade): in roubrief.
c. Deatikkerke (soms yn 'e strikken fan 't earizerhuodtsje), ek in foarboade fan 'e dea.
d. As der ûle ropt.
e. Trije drippen bloed, dy 't út 'e noas fallen.
f. As it hynder ûnderweis nei 't hôf ta mei de achterste poat...
nl.verhalenbank.23372
Sjocht men in fjûrbol oan 'e loft dan wol dat sizze dat der oarloch komt. Reade streken oan 'e loft bitsjut ek oarloch.
nl.verhalenbank.11561