Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik wie noch gjin 25 jier doe kom ik to wenjen op 'e Skieding tusken Oerterp en Grinzerpein. Doe wienen dêr minsken dy seagen dêr ljochtsjes, sa nou en dan.
"Hjir komt hwat," seinen se, "dat kin net útbliuwe." En it bleau ek net út.
De tram kom dêr lâns. 't Wie tjirmerij.
nl.verhalenbank.33535
To Burum wenne in boer Jan Melles Kooistra. Dêr wenne in faem by de boer, dat wie Tet. Mei dy faem haw ik forkearing hawn.
Der sloech yn dat hûs nou en dan in klok, dy't der net wie. De faem hie 't my forteld, mar ik woe 't earst net leauwe.
Op in kear sieten wy yn 'e keuken. Doe sloech der in klok twa ûre.
"Hearst it nou wol?" sei Tet.
Ja, doe hearde ik...
nl.verhalenbank.29291
Yn Surhuzum wie froeger in soad foartsjirmerij.
Iksels ha 't ek us meimakke. Ik wie doe sa'n twintich jier. It wie sahwat sawn ûre op 'e joun doe hearde ik hiel dúdlik timmerjen, in lyts eintsje fan ús ôf. Ik gong der hinne om to sjen. Mar der wie neat.
Letter kom op dat plak in hûs to stean.
nl.verhalenbank.20684