Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: omen Narrator Gender: male Place of Narration: Haulerwijk
Soms hearde men yn 'e nacht timmerjen by de timmerman. Dan kaem der gau wer in sterfgefal. Hwant der waerd oan in deadskiste timmere.
nl.verhalenbank.20819
Der kaem ris in âld man by ús heit, dy gong yn 'e hoeke sitten en skriemde. "Hwat nou," sei ús heit, "is der hwat Jurjen?" It wie oars sa'n flink âld man. "Ja", sei er "ik ha sjoen dat de moune mar mei ien roede draeide." Ien à twa jier letter sloech de tonger yn 'e moune hjir yn Haulerwyk. Doe hat er mar mei ien wjuk draeid.
nl.verhalenbank.20822
Alde Merk wie mei de helm geboaren. Hy seach ek lykstaesjes. By 't Súdlaerdermeer moat hy ris sitten ha to fiskjen. Hy wie plysje. 't Wie tsjuster. Mar samar ynienen wie 't ljocht woarn. "En seagen wy dêr de wettermoune net yn 'e brân stean oan 'e kant fan 'e Súdlaerder Meer?" sei er. "'t Wie sa ljocht, dat wy koenen de dobber en alles goed sjen. Krekt as...
nl.verhalenbank.20648
Yn Easterwâlde wenne in dokter van der Sluis, dy seach de trein riden. Hy kaem yn 'e herberch to Koudenburg, alhiel fan 'e wize. De kastlein sei: "Hwat mankeart dokter nou?" "Dat wie krekt op 't nipperke," sei er, "dan hie 'k dea west. Hwant de trein is kantroerend foar my lâns riden. De coupé's wienen allegear forljochte." "Hwer wie dat?" frege de...
nl.verhalenbank.20712
Der hat hjir in âlde postboade west, dy roan ûnderweis yn 't Haulerfjild tsjin in beam op. Mar der wie hielendal net in beam. Letter kamen de tillefoanpeallen dêr lâns. Dêr hat it foartjirmerij fan west.
nl.verhalenbank.20713
It wie op Haulerwykster merk. Ik siet op in snein-to-joun yn 'e herberch. Doe seach ik Jan Sterk dêr. "Wij hebben ons kampien ook verkocht, hoor", sei er. "Oan hwa?" frege ik. "'t Is een Bergsma; Jannes heet-ie." "Wat wil die kerel daarmit?" frege ik. "Hij is bakker", sei er. Doe kaem âlde Merk der yn. "Wat he'k nou wat beleefd", sei er. "Ik kwam meester...
nl.verhalenbank.20644
Alde widdou Bergsma wenne op 'e Skieding. Hja hie dêr nachten lang timmerjen heard, mar yn werkelikheit wie der neat. Mar letter hat har swager Germ Bergsma dêr timmere. 't Kaem dus wol út.
nl.verhalenbank.20645
Jochum Dykstra wie net al to goed wiis. Syn mem sutele mei lapkes. Sy kaem ek wol us by ús. Op in kear sei se: "Jochum hat in brân sjoen by Jehannes der Mooy, of dêr flak by. Twa jier letter wie der brân yn in hûs by de brêge. It brânde hielendal ôf. Ik der hinne. Ik wie sahwat fyftsjin jier, tink. It wie it hûs fan Jehannes der Mooy, dat ôfbrânde.
nl.verhalenbank.20647
Wy wennen froeger achterút. Ik wie sahwat in twintich jier âld. Ik seach de kant nei de brêge út. "Mem," sei 'k, "dêr by de brêge stiet in hûs yn 'e brân." Mar mem seach neat. Ik hie my omdraeid, doe't mem der oankaem, mar doe't ik wer seach, wie der neat mear fan de brân to bispeuren. Presys twa jier letter rekke de plaets fan Jan de Boer troch de...
nl.verhalenbank.20646
Heit fortelde, der wie ris in stim út it wetter weikaem. Der waerd roppen: "De tijd is verschenen. De man is der niet." Mei wie der in man op it hynder oankaem. Krekt by 't kanael foel er fan 't hynder op 'e holle yn 't wetter en wie fordronken.
nl.verhalenbank.20652
35