Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
20 datasets found
Dutch Keywords: omen Narrator Gender: male Place of Narration: Augustinusga
As in houn spûkgûlde miende men dat der yn 'e buert mei gauwens in sterfgefal wêze soe. Dêr't de houn mei de kop hinne seach, dêr soe it sterfgefal wêze. Dêr loerde er hinne.
nl.verhalenbank.34528
Master Veenstra fan Stiensgea fortelde us: Ik wie noch in jonge man. Us mem wie widdou. Doe roan ik us by de Feanster feart lâns. Dêr lei in wenskipke, dêr't in âld man yn wenne. Der kommen rare gelûden út dat wenskipke wei. Letter is dêr in âld man oerfallen, doe woarden dyselde rare lûden heard. 't Wie sahwat yn 1910.
nl.verhalenbank.23647
As wy froeger eksters om 'e doar hinne hienen, sei ús mem: "Hè, dêr komt wer in sterfgefal tichteby." Hja wie der fjûrbinaud foar.
nl.verhalenbank.34529
As de fûgels bot raesden, kaem der in deaden. As de eksters skatteren ek. As in spoekhoun lûd joech ek.
nl.verhalenbank.23641
Myn frou har twadde heit en dy har mem wie us yn Twizel, by lju. Doe seach se dêr ynienen in kiste stean. In pear dagen letter stoar de man dêr. De kiste kom op itselde plak to stean dêr't se him earder sjoen hie.
nl.verhalenbank.27631
Us pake - Fokke Ulkes Boijus - wenne hjir achter de Bosk. Hy seach ljochten fleanen en wist doe net hwat dat wie. Letter woarde it him dúdlik. It hienen de foarboaden west fan 'e lettere autoljochten.
nl.verhalenbank.27668
Wy leinen us mei 't skip yn Kollum mei pulp. Koarte tiid tofoaren hie de ferver fan Stiensgea, Japik Groenland, ús skip fan binnen opferve. Mar doe't wy dan in skoftsje letter yn Kollum leinen, seach myn wiif Japik Groenland op in nacht yn 'e kiste lizzen. Hy hie in great wyt ding oan. 't Wie yn 1933. Yn dy selde nacht wie Japik Groenland yn Stiensgea...
nl.verhalenbank.23750
Der wenne in man yn Lytsepost, dy hearde al fan to foaren, foardat de spoarlyn oanlein wie, de trein fan Bûtenpost.
nl.verhalenbank.23758
Yn Surhuzum hat in âld skipper us heard: De tijd is verschenen, de man is er niet. Dy stem kom út it wetter wei. In skoftsje letter rekke der in man oer board en fordronk op in plak, krekt efkes fierder as dêr't it lûd weikom. De skipper hat dit sels forteld.
nl.verhalenbank.23639
Us mem fortelde, der hie us in skipke fearn dat gong op 'e Burgumer mar yn. 't Wie noch oan 'e oare kant yn 'e feart. Doe hearde it wyfke, dat by 't roer stie, út it wetter wei de wurden, dat de tiid der wol wie, mar de man net. Doe't se op 'e Mar kommen is har man oer board rekke en fordronken.
nl.verhalenbank.23749
Ik haw wol ien kend yn Surhuzum, dy seach wolris fan tofoaren dat der in lykstaesje foarby gong. In skoftsje letter wie der dan in echte bigraffenis.
nl.verhalenbank.27671
Trapen jy op in pod, dan bigoun it to tongerjen.
nl.verhalenbank.34536
Ik haw in suster hawn, dy hiet fan Antsje. Dy is útsukkele. Op in joun stie der in hountsje yn 't hekje en dat hountsje gûlde hiel bot, oan ien tried wei. It wie hast net oan to hearren. Us heit sei: "Antsje leeft net lang mear." Trije dagen letter wie se dea.
nl.verhalenbank.23857
Dat op nei Blaufallaet dêr wenne Hanne Kooi. Der lei iis yn 'e feart. Der stienen guon achter har hûs. Doe hearden dy fan 'e feart út in stem: "De tijd is der, de man is der noch niet!" Sy seinen: "Hwat mat dat west ha?" De oare moarns ried der ien yn in wek en fordronk.
nl.verhalenbank.23856
Ik wenne yn Stiensgea as boerefeint yn 't Oast. Op in joun hie 'k nei myn suster ta west, dy biwosk my. Ik hie forskjinnersguod ophelle. Doe't ik al hast wer toplak wie, en oan in âld húske ta wie, doe hearde ik der by dat húske allerhande lûden fan smiten mei stiennen en planken. Doe't ik dêr hinne gong wie der neat to sjen. In skoft letter kom dat húske...
nl.verhalenbank.27978
Sa hearden wy - ek wol faker as ien kear - by 't winterdei jouns it klipperdeklap fan 'e flaeije. Dan bigongen wy de oare deis to terskjen.
nl.verhalenbank.23854
De trein fan Ljouwert nei Grins wie der noch net, doe sei in man: "Ik ha dêr hwat fleanen sjoen troch 't Noarden. Tolve, trettsjen weinen achter elkoar oan, sûnder hynder en dat gong pof - pof - pof - pof." Letter kom de trein dêr lâns.
nl.verhalenbank.23855
Myn wiif fortelde wolris dat to Sybrandahûs - tusken Dokkum en Rinsumageast - seagen lju yn 'e nacht in boereplaets yn 'e brân. Hja hearden allerhande lûden en stemmen fan minsken. Sy gongen der hinne, mar der wie neat. Letter is dy plaets troch de tonger opbrând.
nl.verhalenbank.27979
Even bûten Stiensgea oan 'e Oastkant hearden wy as jonges dat se mei planken oan 't smiten wienen, wylst der neat to sjen wie. Letter stie der op dat plak in moaije woaning.
nl.verhalenbank.23852
Op in joun sieten wy as manlju yn 't bûthús. De froulju wienen wylst oan 't skûtelwaskjen. Doe hearden wy dúdlik de tsjerne gean. En dochs waerd der net tsjerne. Dat gebeurde de oare deis pas.
nl.verhalenbank.23853
35