Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Wy ha dat fan mem har heit. Dy wie ek sa.
Wy wennen flak by 't tsjerkhôf yn 'e Falom. As de klokken letten, dan sei er: "Hark".
"Hwat is der, pake?" fregen we.
"Binnen trije dagen komt der wer in deaden op 't tsjerkhôf", sei er. En dat gong altyd troch.
nl.verhalenbank.21584
To Burum wenne in boer Jan Melles Kooistra. Dêr wenne in faem by de boer, dat wie Tet. Mei dy faem haw ik forkearing hawn.
Der sloech yn dat hûs nou en dan in klok, dy't der net wie. De faem hie 't my forteld, mar ik woe 't earst net leauwe.
Op in kear sieten wy yn 'e keuken. Doe sloech der in klok twa ûre.
"Hearst it nou wol?" sei Tet.
Ja, doe hearde ik...
nl.verhalenbank.29291
Ik wie op in kear by myn suster yn Twizelerheide. Wy sieten yn 't keammerke togearre by elkoar, doe hearde ik dat it der yn 'e oare keamer hiel bot oan wei gong. Myn suster fornaem it net. Ik sei: "Hwat in lawaei." Wy der hinne. Mar der wie neat to sjen. Dat wy gongen wer nei 't keammerke ta to thédrinken.
De oare deis rekke de dochter fan myn suster...
nl.verhalenbank.21587
In dikke spin matte jo noait deameitsje, hwant dan komme der swierrichheden. Doch dat noait.
Ik krij him yn 'e hân en bring him fuort.
In sekere Bekkema fan Stroobos wurke by van der Werf op Surhústerfean. Dy kom hjir us op in joun mei syn auto. Doe't er wer yn 'e auto stapte, siet der in hiele grouwe spin by 't stjûr.
Ik sei: "O jonge, dit is net bêst,...
nl.verhalenbank.21574
As kikkerts sjonge komt der oar waer.
nl.verhalenbank.21575
As der in spegel delkomt, dan komt der in sterfgefal. Dat giet altyd troch. It is faker as ien kear by ús gebeurd. As de spegel net stikken is, dan is 't fier fan jin ôf. As er stikken is, dan tichteby.
nl.verhalenbank.21603
Yn 'e Falom hat us in brân wêst. Ik haw it hûs fan to foaren al forbrânnen sjoen.
nl.verhalenbank.21588
As der ien trije drippen bloed út 'e noas falle, dan giet er dea.
nl.verhalenbank.21604
As der ûnwaer komt binne de hounen bang.
nl.verhalenbank.21598
Myn soan wie bûtermakker. Op in moarn gong er op 'e fyts nei syn wurk ta. Hy soe út 'e daem wei oer de wei, mar dêr woarde er keard. Hy stapte fan 'e fyts, mar der wie neat to sjen.
Ik sei tsjin him: "Dêr komt earstdeis in lyk troch.
En 't wie ek sa. In wike letter gong dêr in man dea. It wie op 'e hoeke fan 'e wei nei Opperkoaten. De kiste moest rûmte...
nl.verhalenbank.21439
Yn Surhuzum wie froeger in soad foartsjirmerij.
Iksels ha 't ek us meimakke. Ik wie doe sa'n twintich jier. It wie sahwat sawn ûre op 'e joun doe hearde ik hiel dúdlik timmerjen, in lyts eintsje fan ús ôf. Ik gong der hinne om to sjen. Mar der wie neat.
Letter kom op dat plak in hûs to stean.
nl.verhalenbank.20684
Ik stie us in kear bûten. Doe sei 'k: "Hjir komt in nij hûs, net fier fan ús ôf." Ik hearde klear hoe't se mei planken en balken ensa smieten.
It duorre net lang of sy setten der in nij hûs del.
nl.verhalenbank.21438
Myn soan hie trije jonges. Sy woenen sa graech in famke ha. Doe wie syn frou wer yn forwachting.
"It wurdt wer in jonge", sei 'k.
Doe't it bern der wie, kom myn soan by my en sei: "'t Is in famke!"
"Dû liichst it", sei 'k. En 't wie ek sa. Hy makke gekheit. 't Wie wer in jonge.
nl.verhalenbank.21448
Op in nacht hearde ik lawaei op 'e souder. Dêr komt oars noait ien, dat ik woarde kjel.
De oare deis wie der in swier ûnwaer. Alle lampkes yn 'e hûs hjir rekken stikken en boven op 'e souder wie 't spul hwat forinnewearre.
Doe ha se dat dêr letter wer opknapt, en doe hearde ik krekt deselde lûden, dy't ik dy nachts ek heard hie.
nl.verhalenbank.21449