Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
27 datasets found
Dutch Keywords: omen Place of Narration: Houtigehage
Boardzer Bruining, myn neef, kom us op in joun thús, doe tocht er: Hwat wappert dat by de glêzen. It glês wie omheechskoud en de gerdinen wapperen op 'e wyn. Der hie in deakistje oer de flier stien. Koarte tiid dêrnei stoar syn broerke. It kistje moest ûnder 't finster troch. 't Waeide nochal hwat, de gerdinen wapperen foar 't iepen finster. Alles hie...
nl.verhalenbank.25605
Doe't ús heit stoar sei Boardzer, op 'e dei fan 'e bigraffenis soe 't reinich waer wêze, hwant hy hie alles al fan tofoaren sjoen. Hy krige gelyk. It reinde dy deis.
nl.verhalenbank.25606
As in houn spûkgûlt, kin men der mar fan op oan dat der mei gauwens in deaden komt. Dat giet altyd troch.
nl.verhalenbank.29410
Ik hie in suster, dy wie net goed. Hja wie sawntjin jier. Doe reizge heit op in kear nei Joast Wiersma yn Jistrum om guod foar har. Ik gong mei. Wy gongen mei de hounekarre. Doe soenen wy op 'e weromreis yn 'e Boelensloane mei de karre om 'e hoeke, doe sei heit tsjin my: "Gean even fan 'e karre ôf, Jel." It wie by de hulzene hage. De karre moest even oan...
nl.verhalenbank.28040
Myn skoanheit dat wie de bikende spylman Pije Rasp. Hy wenne mei syn frou meastal yn in woanwein. Dy stie faek yn 'e buert fan 'e Pipe to Drachten. Skoanmem hat faek forteld, dat se dêr gauris klopjen heard hie yn 'e nacht. Dan sei se: "'t Wurde hjir skielk allegear huzen by de Pipe-brêge." En dat is ek útkom.
nl.verhalenbank.29411
Yn 'e oarlochstiid is der in jonge forstoarn fan Atse fan der Heide fan Houtigehage. Skoanmem hie klear de lykwein fan tofoaren oankommen sjoen mei de hynders der foar. Hja wennen doe oan 't Spûkeloantsje ûnder Drachtster Kompenije.
nl.verhalenbank.29414
Wylde lantearnen seagen wy froeger faek. Dat wienen de ljochtsjes fan de lettere huzen, dy't der kom binne.
nl.verhalenbank.25601
35