Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: omen Place of Narration: Zandbulten
Sibe Kooistra wenne yn 'e Broek. Hy hie forkearing mei Ruerdtsje fan Simen en Auk. Hy kom dêr us in kear yn 'e iere moarn wei. Doe't er oan doomny Feitsma ta wie, seach er hwat by Auke en Hil fan 't hiem kommen. Hy seach in hiele bigraffenisstoet. Hy wie sa fan 'e wize, dat hy gong nei myn man Hinne Kooistra (dy wie doe noch feint). Hy sei tsjin myn man:...
nl.verhalenbank.27436
Even foar de oarloch fan '14 op '18 wienen myn broer Harm en Bjinse en Jan Sikkes Sjoerd mei har trijen oan 't kuijerjen yn Moarmwâld yn 'e nacht tusken alve en toalve. Doe wie der in klok bigoun to lieden. Sy seinen: "Hwat is dat?" It duorre net lang, doe letten de klokken oeral. Yn Ikkerwâld, yn Moarwâld, yn De Geast, 't wienen allegear klokken dy't...
nl.verhalenbank.27434
Op in joune let hearden wy dúdlik timmerjen yn 'e skoalle. De oare deis sei heit tsjin master Walstra: "Hwat die meester justerjoune sa let noch yn skoalle?" "Ik yn skoalle?" sei meester. "Ik wie net iens thús." "Jo wienen net allinne," sei heit, "der wienen wol in stik of trije, dy't dêr omtimmeren." Letter kom der in nij hûs foar de skoalle to stean en...
nl.verhalenbank.27435
Bontsje Keeke (= Cornelis Veenstra) wenne by 't spoar yn 'e Westerein. Op in kear hied er nei de Wedze ta west, hwant hy wie mei de helm geboaren. Hy moèst dêrhinne. Op 'e weromreis gong er by ús mem oan, omt dy èk fan 'e Westerein kom en doe fortelde er mem, der soe oan 'e Wedze in ûngelok gebeure. Dat hie er sjoen. In wike letter tûmele dêr ien ta de...
nl.verhalenbank.23899
As it ergens kermis wie gong it jongfolk wolris nei de swarte spegel ta. Dan koenen se sjen mei hwa't se trouwe soenen. Mar sy kommen ek wolris in sterfgefal to sjen.
nl.verhalenbank.27457
Oan 'e Boppewei yn 'e Westerein, dêr seagen guon ris in ljochtsje. Doe gongen se der op ta, mar doe wie der neat to sjen. Letter kom dêr op datselde plak in stjelpke to stean en dat stiet der nou noch.
nl.verhalenbank.24039
Doe't wy earst by 't spoar wennen wie 't noch in hiel smel paedtsje. Doe seagen guon op in kear dat dêr in wein lâns ried mei lange turven der yn. Dat koe fansels net, dêr wie 't paedtsje fiersto smel foar, mar sy hienen 't dúdlik sjoen. 't Wie foartjirmerij. Letter is 't in wei woarn.
nl.verhalenbank.24042
By 't spoar yn 'e Westerein seagen se ris in wylde lantearne. Letter kom der op dat plak in hûs to stean. Dat hûs stiet der nou noch.
nl.verhalenbank.24040
Wy wennen tichte by 't spoar. Op in kear seach in buorman fan ús, dat dêr in hûs opbrânde. Mar doe't hy der nei ta gong om to sjen wie 't sa net. Twa jier letter is datselde hûs opbrând.
nl.verhalenbank.24041
1