Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As in houn spûkgûlde koe men der mar fan op oan dat der in sterfgefal yn 'e buert kom.
Mem hie 't net op eksters bigrepen. As der in minske op stjerren lei kom der in hiele kloft eksters op it hiem en dy skatteren mar om 't hûs hinne.
Wy ha 't sels bilibbe mei in ekster. Doe't ús heit tige min wie kom der in ekster by ús op 't hiem. Dy gong op 'e hekke...
nl.verhalenbank.33721
In séman hat my wolris forteld, as der oan board ien tige siik wie, dan kommen de haeijen der op ôf.
nl.verhalenbank.33723
As jo in swarte kat moetsje en dy rint dwars de wei oer foar jou egen, dan bringt dat ûngelok.
In tsjoenster, sizze se, kin har yn in swarte kat foroarje.
nl.verhalenbank.34448
It gebeurde by de Koba ûnder de Pein dat der by lju dy't dêr wennen hyltyd in ekster by 't sinkgat stie. De frou tocht: Hwat mat dy fûgel dêr? En sy jage him fuort. Mar hy kom hyltyd wer. Doe is dêr de middeis in jonkje fan harren yn dat sinkgat forsûpt.
nl.verhalenbank.33722
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane wie mei de helm geboaren. Hy sei: In minske mat om 12 ûre yn 'e nacht noait midden op 'e wei gean hwant dan kin er tsjin in lykstaesje oprinne.
Hy wist altyd krekt fan tofoaren hwannear't der wer in bigraffenis wêze soe. 't Kom altyd út. Hy krige der altyd tynge fan, sa't it liket.
nl.verhalenbank.33054
Piter Postma, byneamd Piter Kûper wie myn omke. Hy fordronk op 'e Leijen. Hy foel achter de boat mei hout yn it wetter. Swimme koed er net, 't wie min waer, der stienen hege baren.
It wie al gau bikend yn 'e Rottefalle dat er fordronken wie. Alde Hindrik en Wijke wennen tichte by de Leijen. Dêr gongen se hinne om in pream dêr't se allerhande ark yn...
nl.verhalenbank.33719
It gebeurde yn 'e Harkema wol faek dat de tsjerne yn 'e nacht troch gong. Dat wie foartsjirmerije. Dan tsjernen se de oare deis wer. Ik ha wol guon kend dy't altyd in toppe flaechs om 'e brake hinne dienen as se ophâldden mei braekjen, oars gong it yn 'e nacht op in braekjen.
Der woarde nachts ek faek tursken. Dat wie ek foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.27722
Wiger Koaning hat sels forteld dat er de moune fan 'e Wide Pet yn 'e brân sjoen hat in skoftsje foardat er yn werkelikheit ôfbrânde.
nl.verhalenbank.27708
In swarte spegel hienen se froeger op 'e merken. Dêr koenen se yn sjen mei hwa't se trouwe soenen. Seagen se in deakiste, dan trouden se net.
nl.verhalenbank.27730
Swellenêsten matte net útroege wurde. In swel is in heilige fûgel. Dy't dat docht giet it net bêst ôf.
nl.verhalenbank.33803
Alle poeltsjes binne ôfgryslike djip neffens it sizzen.
Yn Houtigehage is in poel, der ha se in kear ien yn roppen heard: Help! Help! Dyselde mat dêr altyd noch yn fordrinke.
nl.verhalenbank.33801
Jouns by donker wienen der simmers wolris lytse flinters op 'e fytslampe. Dat wie in min teken.
nl.verhalenbank.33005
Heit en dy wennen yn 'e Harkema yn 'e Klontsjebuorren, ticht by de poel. Nachts hearden se dêr timmerjen bûtendoar. Der woarde mei planken smiten en al sokke lûden mear. Mar as se der hinne gongen to sjen, wie der neat. In skoft letter kom dêr in nij hûs.
nl.verhalenbank.27705
As eksters skatterje tichte by in hûs, dan komt dêr in sterfgefal. Spûkgûlt dêr in houn, dan is it krektengelyk.
nl.verhalenbank.27706
Yn 'e Harkema is 't us gebeurd dat guon in hûs yn 'e brân stean seagen. Mar it brânde doe net. In skoftsje letter is 't ôfbrand.
nl.verhalenbank.27707
Myn pake wie timmerman yn 'e Rottefalle. Bloembergen hiet er. It gebeurde faek dat er in deakiste meitsje moest. Dan wie 't wolris dat er in nacht of trije fan tofoaren it getimmer oan dy kiste al hearde. Dan libbe deselde noch dy't der yn to lizzen kom. Dat kom altyd nei.
Ek oare lju ha dyselde lûden wol by myn pake heard yn 'e nacht. Dan seinen se: "Der...
nl.verhalenbank.33715
Ik haw by de Spekloane wenne. Dêr is myn hûs yndertiid ôfbrând. Achter ús wenne in frou, dy hie 't hûs fantofoaren al brânnen sjoen.
nl.verhalenbank.20966
Hjir yn 'e Rotfalle hat earen in timmerman wenne. Se ha my wolris forteld, dat dy timmerman soms yn 'e nacht biweging yn 't hout hearde. Dat wie krekt itselde lûd as hwannear't er in deakiste timmere.
't Soe noait misse as dan waerd der mei gauwens wer in kiste troch him makke.
nl.verhalenbank.34443
Krist en Pyt wennen yn 'e Feansterheide yn in hiel lyts húske. Op in nacht seagen se dat by har yn 'e foarmuorre it finster mei ramt en al der út wie. Hja seagen it beide klear. En dochs wie 't sa net. Se wienen wekker woarn troch gestomp en geskou.
Letter tochten se dêr net mear oer, mar doe kom dêr in sterfgefal. Doe moest de kiste der út. Dy koe de...
nl.verhalenbank.33058
Op it sté dêr't nou Jille Tsjoelker wennet, hat froeger in boereplaets stien. Foardat dy der stie kom dêr op in joun ris ien lâns. Dy tocht: hwat giet it hjir op in smiten mei balken en planken, krekt as woarde der allegear materiael hinne brocht dat foar it timmerjen fan in hûs noadich wie. Hy woe der mear fan wite en gong der hinne. 't Wie in man fan 'e...
nl.verhalenbank.33716