Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Yn 'e droom hear ik faek in stem. Dy dielt my dan it ien of oare mei. Dêrtroch wyt ik fan alles, hwat der gebeure sil.
Ik haw trije beppesizzers, dy moesten alle trije in pop ha. Dy stem sei tsjin my: Twa derfan dat wurde jonges. Se komme allebeide Anders to hiten. (Ik wist net dat de heiten fan 'e manlju beide Anders hieten)
Tsjin 'e trêdde beppesizzer...
nl.verhalenbank.21442
Alde Roel fan 'e Harkema sei, hy hie in fordekte wein sjoen sûnder hynders der foar en 't gong hurd, hurd, hurd. Letter kommen de auto's.
nl.verhalenbank.23527
Op in kear hearde Likele de Hoop dúdlik dat der kapt woarde yn 't achterhús.
Fuort dêrnei kaem syn frou to forstjerren en doe kapten se op 't selde plak yn 't achterhús strie, om dat yn 'e kiste to lizzen. Dat wie krekt itselde lûd, dat er heard hie.
nl.verhalenbank.33668
Froeger seagen de manlju wolris yn 'e swarte spegel. In man, dy't oarspronkelik fan 'e Houtigehage kom, hie der èk yn sjoen. Doe seach er de frou, dêr't er letter mei troud is.
As in man in kiste krige to sjen yn 'e spegel, dan soed er net trouwe.
nl.verhalenbank.25963
Froeger wienen der gjin wekkers en ek gjin horloazjes. Dan tikke it achter it bêdsket en ek wol ûnder 'e weech. Dat wienen de wylde horloazjes! "Dat binne de wekkers woarn," sei ús mem, "dy't nou op it bêdsbuordtsje stean."
(foartsjirmerij)
nl.verhalenbank.33867
Yn syn eigen hûs gong it ek op in timmerjen yn 'e nacht, sûnder dat der hwat to sjen wie. Hy koe 't him net bigripe hwat dat wie. Letter woarde it hûs fortimmere.
nl.verhalenbank.17721
Myn beppe dy wenne op 'e Tike. Dy sei: "It is noait liker as slagge se altyd mar op izer om, krekt as rollet it iene izer oer 't oare hinne." Hja hearde it nachts op bêd. "Toe Teade," sei se dan tsjin pake, "hear dû ek us." Mar pake dy hearde it net.
Letter is de tram dêr lâns kom. Dy hie krekt itselde lûd as dat hja heard hie.
nl.verhalenbank.21090
Sibe Kooistra wenne yn 'e Broek. Hy hie forkearing mei Ruerdtsje fan Simen en Auk. Hy kom dêr us in kear yn 'e iere moarn wei.
Doe't er oan doomny Feitsma ta wie, seach er hwat by Auke en Hil fan 't hiem kommen. Hy seach in hiele bigraffenisstoet.
Hy wie sa fan 'e wize, dat hy gong nei myn man Hinne Kooistra (dy wie doe noch feint). Hy sei tsjin myn man:...
nl.verhalenbank.27436
Hjirneist is us it hûs ôfbrand. Twa maenden fan tofoaren hie ik it al brânnen sjoen. Ik haw doe ús buorman roppen heard. Ik fortelde it in oare buorfrou. Dy sei: "It is net bêst dat dat gebeurt."
Mar it gebeurde in pear maenden letter wol degelik.
nl.verhalenbank.23136
Knjillis Veenstra wenne yn 'e Westerein by 't spoar. Hy wie mei de helm geboaren en moest faek yn 'e nacht út bêd wei om hwat to sjen. Hy hat him der wol hiel bot tsjin forset, dan wòed er lizzen bliuwe, mar 't joech neat, der wie in macht dy't him dreau.
Hy hat fan tofoaren sjoen, dat syn eigen dochter fordronk. Hy doarst it net tsjin 't âld-minske to...
nl.verhalenbank.21286
Jan Veenstra kom us troch Koatstertille op in nacht ± jier lyn. Doe't er sahwat by de brêge wie, hearde er skean achter him in lawaei fan stienladen en timmerjen en smiten mei ark en doch wie der neat to sjen. Koarte tiid dêrnei ha se dêr de konstruksjefabryk delset.
nl.verhalenbank.17720
Op 'e klaei gebeurde 't wol dat nachts by de boer de tsjerne gong. Dat wie foartjirmerij. De oare deis woarde der wer tsjerne.
nl.verhalenbank.25962
Myn skoanmem hat wol faek forteld, hja stie ris by de brêge hjir yn 'e Westerein, doe hearde se trije kear hiel dúdlik 'help!' roppen. Mar hoe't hja ek seach, der wie neat to sjen.
Dy winters binne dêr op dat plak trije bern forsûpt.
Us skoanmem sei altyd: "Dat haw ík fan tofoaren heard."
nl.verhalenbank.33669
Der wie in boerefeint, dy lei yn 'e nacht op bêd. 't Wie yn 'e simmer. Hy sliepte yn in bêdsté yn 't leech bûthús.
Doe seach er dat se in kiste yn 't bûthús delsetten. Hy gong der ôf om to sjen hwa 't dêr yn lei. Doe seach er him sels yn 'e kiste lizzen. Hy woarde tige kjel.
Hy gong by de boer wei. Hy tocht sa it needlot to ûntrinnen. Nei jierren kom er...
nl.verhalenbank.27973
Op in kear doe hie ik nei tsjerke ta west, yn 'e Koaten. Ik wie op 'e fyts. Der fytste ek ien njonken my. Doe sei dyselde tsjin my: "Hwat fytse jo hurd."
"Ja", sei 'k.
Even letter fytste ik wer gewoan.
Ik sei: "Hjir komt fan 'e wike in lykstaesje lâns. Hjir stjert ien. Ik seach de lykstaesje oankommen. Ik woe earder de hoeke om wêze."
't Kom krekt sa út.
nl.verhalenbank.21443
Dy't it net sjocht hoeft net oan kant ta goan.
nl.verhalenbank.21655
Op in snein-to-joun siet ik mei myn âlden en ús heit syn broer by de tafel to iten. 't Wie sahwat sawn ûre.
Doe wie 't ynienen allegear lawaei. Der woarde timmere en mei planken en stiennen smiten. Wy hearden 't allegear hiel dúdlik en woarden der kjel fan.
Doe't wy nei 't bûthús gongen om to sjen, stienen de kij allegearre oerein, dy hienen 't èk heard,...
nl.verhalenbank.23097
Op in nacht hearde heit timmerjen en klopjen. Hy gong der ôf en nei de jonges ta. Hy sei: "Hwat wie dat? Hwat dogge jimme?"
Mar de jonges leinen to sliepen, der wie alhielendal neat. Doe't heit op bêd gong bigong it timmerjen en sa wer opnij. Letter is 't hûs fan binnen fortimmere woarn. 't Gebeurde yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema.
nl.verhalenbank.23518
It is al hiel lang lyn, doe wenne ik op 'e kooi ûnder Garyp. 't Wie yn 'e nacht. Ik lei op bêd en hie lyk as altyd de kleden iepen. Doe seach ik samar ynienen hiel dúdlik in wei, dêr't auto's lâns tuften. Der wie doe hielendal noch net in wei.
Mar dy wei is der kom: de Bolderenwei, en dêr tuffe nou alle dagen de auto's lâns. Dit ha 'k sels sjoen en dat...
nl.verhalenbank.21333
As der in ramp komt fan it iene of oare flychtúch of sa, dan wyt ik dat ek altyd fan tofoaren. Dan hear ik dat oan 'e radio. Dan siz ik: "Der komt wer in ûngelok." It komt altyd nei.
nl.verhalenbank.21441