Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik hearde al us in kear in forhael oer in pleachbeest. Dat fortelde my it minske sels, dy't it oerkom wie. It wie in pûrbêst minske, sa earlik as goud en dêr soe har net in ûnwier wurd oer de lippen komme.
Hja wie boerefaem. Hja tsjinne yn Houtigehage by in boer dy hiet fan Sytse de Boer.
Har mem wenne yn Oerterp. Dêr kaem dy faem wei. De boer hie in...
nl.verhalenbank.24664
Alde van der Woude út Grinzer Pein hat ek in pear kear mei in pleachbeest to meitsjen hawn. Op in kear, doe wienen hy en noch twa man de Grinzer klaei út west. Sy hienen warch west, hwant sy wienen rinnende en sy wienen even lizzen gong en dêr wie hy yn 'e sliep rekke. Doe't er wekker woarde hienen de oare twa sein: Der is ús in pleachbeest passeard. Doe...
nl.verhalenbank.24665
Pleachbeesten wienen yn 'e nacht warber. 't Wienen beesten, swart fan kleur, mei egen sa great as thépantsjes. Dy fleagen de minsken samar oan.
nl.verhalenbank.31650
Trape men op in pod, dan brocht dat ûngelok. As in pod ien yn 'e egen pisse dan woarde dyselde blyn. As jy op in pod trapen en dêr spatte focht út dan wie dat net bêst.
nl.verhalenbank.36930
Dyselde omke wie in bern fan acht jier, doe rekke er bitsjoend. Alde Klare wie in heks, dy die dat. Omke syn mem hiet fan Wike. De âlde heks kom faek by harren. Dan sei se: "Och Wike, doe de planke even over. Ik wil even de kleine jongen zien." Hwant omke en dy hienen in draei oer de feart.
Klare wenne yn 'e buert. Hja kom der dan yn en krige kofje. Faek...
nl.verhalenbank.19619
Gerke Veenstra fan 'e Spekloane (Boelensloane) seach klear dat der elke nacht tusken tolve en ien ûre hwat by him op bêd kom. 't Gong op 't fuottenein sitten. De egen wienen earst sa great as thékopkes, dy woarden hyltyd greater, op 't lêst wienen se sa great as in pantsje. Elke joun kom dat ding. Dan wie Gerke fjûrbinaud.
Syn frou lei by him. Dan sei er...
nl.verhalenbank.22926
Alde Kei Anne hie sawn jonges. Ien fan dy jonges wie in wjerwolf. Dy koe net sêd. Dêr koenen se ek net mei opsjitte. As se meielkoar iten krigen, wie hy altyd de earste dy't it op hie en hy woe 't iten fan 'e oaren èk noch ha. De bern koenen o sa min mei elkoar. Dat kom fan dy iene.
Op in kear wie Anne fuort. 't Ald-minske siet yn 'e hoeke. Sy wie sa...
nl.verhalenbank.22886
Beppe sei altyd: Hwat gebeure mat, sil gebeure. Dat kinne minsken net keare.
Hja wenne tichte by minsken, dy hienen in lyts bern. Der wie in feart by it hiem en der wie sein woarn yn it wetter fan dy feart soe nochris ien dea reitsje. Dêrom hienen dy lju it bern altyd oan 't tou, dan koe it net by 't wetter komme.
Op in kear doe hie der in houn - in rûge...
nl.verhalenbank.36915
Piter van der Kloet wenne yn 'e Surhústerfeanster Mieden. It wie hwat in nuvere man. Op in kear hied er nei de froulju ta west yn Greategast. Hy wie al wer by honk. Hy moest oer in barte om op it hiem to kommen. Mar midden op dy barte siet in dikke, grouwe houn. It wie in pûrfremde houn en hy seach Piter mei greate, gleone egen oan. Piter waerd bang en...
nl.verhalenbank.19846