Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
De bûlhûnen
'As wy hjir of dêr mei it skip foar de wâl lizzen gean woenen en der wie in plak dêr't it wetter in ynham yn 'e wâl slein hie, dat men net maklik fan 't skip komme koe, dan sei heit wol: Hjir moatte wy net wêze, hjir ha de bûlhûnen oan it wrotten west.
Yn sompich lân of yn driuwsompen kinne fan dy rûne gatten sitte. It hiet by ús, dat de...
nl.verhalenbank.13726
De Man en syn basis
'Och, dy Langesleatter man. Allinne de Langesleat, dêr op nei Earnewâld. En dy sydsleatten dy't allegear op Warten útkamen. Beppe sei, dan wie er op 'e iene ein fan 'e Langesleat en dan op 'e oare ein. Se koenen eins noait sizze, dat spoek slacht op dy kant om—no wie er op 'e iene kant en dan op 'e oare kant. Hy koe ek sa mar oer 't...
nl.verhalenbank.13653
It spoek en de silerij
'Der waard ek ferteld, dat it skip sûnder oanwiisbere oarsaak sa mar mei de kop yn 'e wâl rûn, of dat de smid it skip op 'e side treau of dat it roer omskuord waard.
De skippers moasten foaral op har iepenst wêze op it momint dat in reinbôge mei ien poat op it lân stie, want as de smid dan tichteby wie, koe er twa dingen dwaan— hy...
nl.verhalenbank.13708
De Man en syn basis
'Yn dy hiele omkriten fan Earnewâld en Warten koe it barre, dat men mei de smid te meitsjen krige. Dat kaam trochdat er net wist, wêr't syn skat bedobbe wie. Dus oeral wêr't er op sa'n stuit tochte, dat er sykje moast, koe er in skip de wâl ynstjoere of tsjinhâlde of hurder farre litte' (S. de B.).
nl.verhalenbank.13655
De smid en de skat by Earnewâld
'Troch heit en omme Freark waard gauris oer dy smid praat. De smid fan Earnewâld is ferflokt, omdat er by syn libben in goddelike skat út in kleaster stellen hat. Hy hat dy bedobbe oan 'e kant fan in feart dêr't op dat stuit de iene foet fan in reinbôge stie. Hy is no noch altyd op in paad om dy skat werom te finen, mar de...
nl.verhalenbank.13657
Skip of pream fêsthâlden yn 'e Langemear
'By de Langemear hie men ek wol spoekerij ûnder wetter. Dan kloeten se en dan koenen se net fan 't stee komme. Dan leauden se, dat it spul fan ûnderen fêsthâlden waard en dat hjitten de wettergeasten of sokssawat te dwaan. It wie de baas, dat se mar foar de wâl lizzen gongen en har útsliepten.
Soms waard der tige...
nl.verhalenbank.13723
Klopgeasten ûnder wetter
'As der in skip of pream yn 'e Langesleat fêsthâlden waard, dan koenen se gjin kant mear út en dan moasten se dêr wol foar de wâl gean. En dan waard der, wylst se dêr leinen, wol fan ûnderen tsjin 'e boaiem fan it skip of de pream kloppe. Dat sei beppe dan wol. Dat dienen de geasten ûnder wetter. It wie in warskouwing hjir of dêr...
nl.verhalenbank.13710
It spoek en de fiskerij
'Se mochten wol fûken sette, mar noait oan 'e feartswâl, en dat waarde dan wer spesiaal sein fan 'e smid fan Earnewâld en net fan 'e Langesleatter man. Hy skuorde spesiaal de fûken dy't oan 'e kant stienen der allegearre út. Hy wie deabenaud dat se yn 'e wâl begjinne soenen te dollen en syn skat fine. Miskien socht er ek wol yn dy...
nl.verhalenbank.13704
Klopgeasten ûnder wetter
'Dat begûn meastal hiel súntsjes, it klopjen tsjin't skip, fan ûnderen ôf, of tsjin 'e sydkant, of op 'e lûken. Ik wit noch, dat wy it sels heard ha en dat heit sei: No, foardat it slimmer wurdt, litte we it skippe mar ferhelje! En doe binne wy nei de oare kant fan 'e feart gongen. Ik haw it der letter wol ris mei heit oer hân. Hy...
nl.verhalenbank.13711
It spoek makket mear slachtoffers
No is 't geloof dêr jitte grutter
Oan't spoeksel fan de nacht,
En ivich hâldt jit by dy sleat om
Dy âlde smid dêr wacht.
Eeltsje Halbertsma
'Net allinnich dat de smid fan Earnewâld de planke fan it skip skuorde, mar hy lei him ek faak wif. Dêr moast men tige mei oppasse. Dan lei er de planke sa, dat as men der op...
nl.verhalenbank.13665