Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 datasets found
Dutch Keywords: noemen Narrator Gender: male Place of Narration: Boornbergum
To Britsum linen twa reuzen tsjin 'e toer oan. Doe knapte de toer. Dy wie net bistand tsjin sa'n swier gewicht. "Ik brits 'em", sei de iene reus. Doe krige dat plak de namme Britsum. Dy reuzen wienen dêr yn 'e buert oan 't graven. (Sy ha 't my op 'e klaei forteld)
nl.verhalenbank.26073
To Akkrum wenne in dokter, dy foun in mesine út. 't Wie in stoommesine. As er klear wie soe er hite de rin-allinne. De notaris sei: "'t Wurdt neat." Doe't de dokter de mesine klear hie, koed er him net bistjûre. Hy jage alles oan fodden en flarden. Alles hwat fóár him kom, gong kapot. De notaris krige wol gelyk.
nl.verhalenbank.26072
Der wienen ris twa reuzen, dy wienen togearre oan 't feartgraven. Sy bigounen elk fan in kant en sa groeven se moai op elkoar yn. Mar doe't se omtrint oan elkoar ta wienen, kommen se ta de konklúzje, dat se net tsjin elkoar oer kommen. Doe moest it lêste eintsje wol krûm wurde. "Aah- krom!" sei de iene reus tsjin 'e oare. Dat hearden guon en doe neamden...
nl.verhalenbank.26070
Op Teade-hoekje ûnder Drachten is ris ien formoarde woarn. Dat wie Teade Wagenaar, dêrfandinne de namme. Sûnt dat gebeurd is, spûket Teade dêr altyd noch om.
nl.verhalenbank.25677
35