Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Een vreemdeling reed met een luxe auto Lopik binnen. De eerste in Lopik! Toen zeiden de mensen, in volle ernst: "Daar komt de duivel an, op een koets zonder paarden!"
nl.verhalenbank.50860
Hjir by de dwarsfeart stie froeger in hûs, dêr woarde alle nachten yn sage en timmere. Dan seinen de minsken: Dêr komt in nij hûs, mar dat gebeurde noait.
Mar nou komme dêr allegear nije huzen to stean. 't Is dus wol neikom.
nl.verhalenbank.26048
Myn heit wie timmerman. Der kom us in neef fan my, in sekere Aelsen Booi, by heit.
"Hwat is 't der fannacht oan wei gong," sei er, "ik hearde de sage en se smieten mei stiennen de hiele nacht troch. Ik koe der net fan yn 'e sliep komme. 't Wie hjir flak achter."
Heit woe 't net leauwe, mar in healjier letter kom der op dat plak in hûs to stean.
nl.verhalenbank.23483
Ik hearde ek altyd dúdlik as se mei planken omsmieten. Dan wie der neat to sjen. Dan sei 'k tsjin 'e bern: "Hjir komt wer in nij hûs, hear." 't Komt altyd nei.
nl.verhalenbank.27975
Der hienen minsken to ierappeldollen west, dy kamen op in joun thús fan har wurk. It hûs, dêr't nou Tamme Hedzers Hooijenga wennet (myn broer) stie der doe noch net - it hat sahwat yn 1870 west - doe rounen dy minsken troch in âlde drûge sleat, dwars oer, dat wie it koartste.
Doe sei der ien: "Sjoch, dêr stekt ien de tútlampe op."
Dat wie op 't selde sté,...
nl.verhalenbank.31642
Wylde lantearnen binne foartekens fan huzen of fytsen of auto's.
nl.verhalenbank.34510
Der wie in boer, dy hie in hiel âld pleats. Dy wie sa min, dat de muorren koenen 't hast net mear hâlde. Dy boer woe o sa graech in nije pleats ha, mar dêr hied er gjin jild foar.
En dat wist de duvel.
Doe't dy boer in kear allinne op 'e wei om roun kaem de duvel njonken him to rinnen. De duvel wist alles fan 'e boer syn swirrichheden. Hy sei: "Forkeapje...
nl.verhalenbank.30038
Yn Moddergat wie in keardel dy wie tige earm. Dy foun in lyk, dat oanspield wie. Dat lyk hie in pear nije learzens oan. Dy luts er fan 'e skonken fan dat lyk en hy naem se mei nei hûs. Mar sûnt dy dei kloppe der jouns altyd ien by him op it rút, dy sei: "Ik moat myn learzens wer ha. Ik moat myn learzens wer ha."
Doe hat er dy learzens wer nei 't selde...
nl.verhalenbank.28113
Op it plak, dêr't letter Warmolds syn tsjerkje delset hat, hjir yn 'e Harkema, ha guon fan tofoaren psalmsjongen heard.
nl.verhalenbank.25741
Dyselde Syberen Hofstra hearde ek op in kear by harren op in plak dêr't hielendal net in hûs stie, hoe't der mei in hammer op in ambyld slein woarde. Letter kom der op dat plak in smederij to stean. Nou wennet Douwe v.d. Molen dêr.
nl.verhalenbank.28265
Mien nichte woonde indertied in Boertange. Heur man was caféholler en timmerman. t Gung heur best en doorom timmerde hai nei spul. Zai woonden dr nog moar net, toun zee zien vrouw: “Jan, ik wil hier weer vot. Iederbot, as ik deur de gaange loop, lopt dra in achter mie aan en ik wait nait wat dat is. Ik heur ook van te veurn, dast aan n kiste timmern bist;...
nl.verhalenbank.44383
It wie yn Grinzer Pein. Ik en myn earste man kommen op in jountiid út it tsjerkje. Wy kommen fan 'e sangforieniging. 't Wie tsjuster. Ynienen stienen wy yn 't folle ljocht.
Wy gongen nei heit en dy ta. Dêr fortelde ik hwat wy sjoen hienen. "Hwat soe soks nou bitsjutte?" frege ik.
Doe sei heit: "Moarn sil ik jimme fortelle hwat jim sjoen ha."
De oare...
nl.verhalenbank.23132
Alles hwat de oerheden ophingje, meije de ûnderdanen net delhelje.
Sa'n trijehûndert jier lyn wennen der yn 'e Kompenije twa bruorren: Gurbe en Jan. Hja leefden fan ynbrekken en stellen en moardzjen. Mar op in kear, doe't se in âlde boer biroofd hienen, woarde Jan pakt. Hy woarde foroardield ta de strop. Hy soe to Ljouwert ophong wurde op it Saeilân....
nl.verhalenbank.21043
Froeger wienen 't hjir op 'e heide allegear ljochtsjes by jountiid. Dat neamden se wylde lantearnen. Dat binne letter allegear huzen woarn. Dêr wie 't foartsjirmerije fan.
nl.verhalenbank.34472
Wylde lantearnen bitsjutten min waer.
"Dêr komt skielk in nij hûs to stean", seinen de minsken, as se in wylde lantearne seagen.
As de bijkers in wylde lantearne seagen, seinen se: "Nou is 't fan 't jier neat wurdich mei de heide."
Stoar der in bijker, dan woarden de bijekuorren forset. Doe't der in bijker stoarn is, dy't ik wol kend ha, seinen se, dat de...
nl.verhalenbank.26076
Ik wie ris in kear yn 'e nacht by de Swâdde. Doe hearde ik hwat. Ik tocht: hwat is my dit. Ik harkje en harkje en harkje. De Swâdde giet fan Twizel nei Kollumersweach. Der lei gjin barte oer. Ik hearde timmerjen oan 'e oare kant. It timmere mar fuort en mar wei en de planken rattelen.
Ik sei: Dit is tjirmerij. Hjir komt in nij húske.
In healjier letter,...
nl.verhalenbank.27396
Oan diz' kant Grins hat in boerepleats stien, dy hie gjin ûlebuorden.
Earst stie dêr in âld pleats, mar dy wie opbarnd. En de boer, dy't dêr wenne, hie gjin jild om in nijen-ien sette to litten. Hy wie earm.
Doe kom der in keardel by him. Dy woe wol in nije pleats foar him sette. It koste de boer gjin sinten, mar hy moest letter syn siele ha. Dy nachts...
nl.verhalenbank.28066
Freark gong op in moarntiid bitiid nei 't wurk ta.
't Wie oeral noch nacht om him hinne. Doe't er by de Pauloane kom, tocht er, hea, hwat giet it dêr nou al op in timmerjen. Hy kom tichterby om to sjen, mar doe wie der net ien.
In jier letter stie der op datselde plak in hûs. Myn neef - ek in de Haan - hat letter yn dat hûs wenne.
nl.verhalenbank.25740
Mem seach dêr ek wylde lantearnen. Dêr kommen letter huzen. Dat wie ek op 'e Skieding, yn 'e buert fan 'e Janke-dobbe.
nl.verhalenbank.25998
Mr W : Wij hadde zôôn ouwe vrouw tende de Buurt zitte dad is ok zôôiets en dan zee ze : Dat gaot vandaeg niet goed hoor 'een aevundspin breñgt veul dinge en een spin in de morge geeft nieuwe zorge'.
Mvr W : En dat zegge wij nou nog tege mekaar hé.
nl.verhalenbank.47217