Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Us mem fortelde dat se yn Drachtster Kompenije wolris timmerjen heard hie en planken forgoaid. Letter kom der op dat plak in hûs to stean.
nl.verhalenbank.27346
Achter de plaets fan Jehannes Atsma op 't Surhústerfean stie froeger in âld plaets, in pear stikken lân del.
Deselden dy't dêr lâns gongen, dy seagen dêr alle moarnen en jounen in ljochtsje, dwarsoer nei Boelensloane ta. Doe seinen se: "Dêr komt in nij hûs." In skoftsje letter is der in nije plaets kom, in lyts eintsje fan 'e wei ôf, dêr't nou dan Atsma...
nl.verhalenbank.18149
Fuort dêrnei hie heit syn âlde mem in droom hawn.
Heit hie de kroech net krige. Hy moest der út en der wie noch gjin plak foar him.
Doe droomde syn mem, hja seach in hûs. Hja hie der yn west. Hja wist krekt hoe't it der útseach. Dêr soe heit yn wenje. Dat soe heit keapje.
Doe kocht heit yn 'e Harkema oan 'e lettere betonwei in arbeiderswente, dêr't ek...
nl.verhalenbank.32992
Op in joune let hearden wy dúdlik timmerjen yn 'e skoalle.
De oare deis sei heit tsjin master Walstra: "Hwat die meester justerjoune sa let noch yn skoalle?"
"Ik yn skoalle?" sei meester. "Ik wie net iens thús."
"Jo wienen net allinne," sei heit, "der wienen wol in stik of trije, dy't dêr omtimmeren."
Letter kom der in nij hûs foar de skoalle to stean en...
nl.verhalenbank.27435
Jierren lyn gebeurde it dat ien fan ús jonges de hiele nacht timmerjen hearde. Hy lei op bêd en bleau der wekker troch. Hy wie sahwat in twintich jier âld. Hy hat der hinne west to sjen, hwant it lûd kom flak njonken 't hûs wei. Mar der wie neat to sjen.
Hy fortelde 't ús de oare deis, hwant de jonge siet der fol fan.
Mar wy laken der om. Skytmerakels,...
nl.verhalenbank.20372
Yn 't foarige hienen de minsken it wol gauris oer wylde lantearnen. As dy sjoen waerden, seinen se, dan soe dêr letter op dat plak in nije wei komme.
nl.verhalenbank.32776
Wylde lantearnen, dat wienen ljochten, dy seach men fan fierrens, mar as men der by kaem, dan wienen se fuort. 't Wie foartjirmerije. Letter kom der op sa'n plak in echte lantearne of in hûs. Ik ha 't sels wol meimakke.
nl.verhalenbank.29356
Doe't it hûs fan Bouke Sjonger der noch net stie, ha se op dat plak fantofoaren ljochtsjes sjoen.
nl.verhalenbank.20400
Doe't ik noch yn 'e hûs wie - wy wennen oan 'e Grinslânse wei ûnder Surhústerfean - sei ús mem op in moarn: "Ik ha fannacht de hammers slaen heard op 'e spanten en houten. Hjir kin wol us in nij hûs komme." Dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.20951
De twa stiennen ûlebuorden
Sa wenne der in boer tusken Warten en Wergea, dy hie in hiel âld plaats. Mar in sekere joun giet er fuort en dêr kaem in dikke stoarm op. En hy wie moai oan't wanneljen en dêr komt him in swart hearskip yn 'e mjitte. Doe sei dy: Hwat binne jo ûnrêstich! - Ja, sei er, ik ha in hiele âld plaats en dy plaats kin ris omwaeije. Doe...
nl.verhalenbank.10851
Se ha dêr letter wol faker wylde lantearnen sjoen. It wie foartsjirmerij, hwant de wei woarde forhurde en doe kamen dêr nije huzen. De ljochtsjes dêr fan jouns, dat wienen de wylde lantearnen.
nl.verhalenbank.33520
Ik en myn neef gongen simmerjouns wol gau us nei de Hamster buorren. Dan seagen wy om in ûre of njoggen ljochtsjes oer de Ikkers tusken ús hûs en dat fan Aeltsjemoai. Wy seinen: "Dêr komt grif in hûs to stean, hwant it wienen wylde lantearnen. Mar it hûs is der noait kom.
nl.verhalenbank.21642
Myn skoanheit dat wie Hindrik Land. Syn âlde mem kom us by him en sei: "Hindrik mat gau komme, it giet hjir by ús achter yn 'e hûs sa bot op in timmerjen en smiten, dat ik bin bang dat se it hiele spul ôfbrekke." Mar doe't skoanheit kom, wie der neat to rêdden.
Mar in skoft letter setten se in nij hûs flak achter skoanheit sinen del. Dêr hie 't âld-minske...
nl.verhalenbank.21130
Hjir njonken ús op 'e Saedkamp, dêr seagen se froeger in hiele protte ljochten en sy hearden dêr gedurich klopjen. Dêr soe in protte boud wurde, waerd der ornearre. En dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.24064
Heit en mem wennen yn 'e Houtigehage, sahwat krekt op 'e grins fan Boelensloane. Op in moarn sei mem tsjin heit: "Der woarde fannacht sa timmere en mei planken smiten hjir op 'e heide, ik ha der net fan sliepe kind. Hjir komt grif in nij hûs." In jier letter stie dat hûs dêr.
nl.verhalenbank.28312
Ik wit noch bêst dat der - doe wie 'k noch in famke - ien sei: "Ha jim justerjoun dy toverlantearne wol sjoen? Dy gong op 'e dyk lâns. It wurde hjir skielk allegear huzen."
It binne èk allegear huzen woarn.
nl.verhalenbank.25622
Ik ha fortellen heard dat der ergens in nije tsjerke delset woarde op it plak, dêr't se earder oargelspyljen heard hienen.
nl.verhalenbank.30429
Warmolds wie in boerke. Hy hat as oefener hjir yn 'e Harkema it Kristendom brocht. It folk wie hjir tige rou en rûch. Doe't hjir it evangeelje kom nom dat in hiele kear. 't Folk woarde biskaefder. Warmolds kom fan Stiensgea. Hy woe hjir in tsjerkegebou delsette. Mar hwer moest dat komme to stean?
Op in nacht roan Warmolds troch de Harkema. Hy roan by 't...
nl.verhalenbank.32982
It is sahwat sechstich jier lyn. Ik wie noch in bern. Myn omke en muoike wennen yn Garyp, op 'e hoeke, dêr't de wegen nei Earnewâld en Warten geane.
Sy hieten Rienk Benedictus en Baukje Kloosterman. Sy fortelden us in kear by ús dat se timmerjen heard hienen yn 'e Earnewarren. Net ien kear, mar folle faker. "Eigenaerdich," hie de iene tsjin 'e oare sein,...
nl.verhalenbank.33322
Alde Gryt-muoi (= Taeke Griet) sei yndertiid tsjin mem: "'k Sjoch allegear ljochtsjes jouns yn 'e Harkema. Dat wurde stik foar stik nije huzen." It minske krige gelyk.
nl.verhalenbank.29421