Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: nieuw Place of Narration: Burgum
Alde Tsjibbe Westra wenne op 'e Sumarreheide. Alle jounen hearde hy timmerjen, mar dêr wie neat to sjen. It wie de Aldegeaster dyk út dêr't er it hearde. In skoft letter waerd dêr in rige huzen set fan 'e woaningbou. It wienen huzen fan 'e gemeente.
nl.verhalenbank.31579
Der wie ien yn Noardermar dy hie op in snein in pear klompen kocht. Underweis nei hûs waerd hy troch ien pakt. Hy waerd omheechsmiten mei de nije klompen oan, like heech as de beammen dy't dêr stienen. 't Gebeurde oan 'e Lange Loane. It wie syn straf, omdat er op snein klompen kocht hie.
nl.verhalenbank.31235
Oege wie arbeider by in boer. Dy boer hie twa sike hynders, dêrom stjûrde er Oege nei greate Wopke fan Kûkherne, de wûnderdokter en duvelbander. Hy joech Oege hier mei fan 'e sike hynders, mar ek hier fan in oar hynder, dat net siik wie. 't Wie yn 'e winter en 't iis dat hâldde, dat Oege ried op redens nei Kûkherne. Wopke biseach de trije soarten hier en...
nl.verhalenbank.31584
Wy ha hjir yndertiid in nij bûthús krigen. Fan tofoaren doe ha wy en ús folk it wol timmerjen heard by nacht. Wy ha der wol binaud fan west.
nl.verhalenbank.23608
Myn swager Anne Veenstra fan 'e Harkema wie mei syn maet op in joun bûten op 'e wei. Syn maet wie Wyberen. Doe sei Wyberen tsjin him: "Dû mast der om tinke, dêr komt in lykstaesje oan." "Ei, dû mei dyn praetsjes" sei Anne, en hy gong net oan kant. Mar hy waerd oan kant smiten, sûnder dat er hwat seach. Op datselde plak is letter it nije bigraefplak yn 'e...
nl.verhalenbank.31577
Yn 't petlân fan Sjoerd Ielkes yn 'e Earnewarren, dêr wennet nou Teade Smedes. Dêr wienen heit en myn beide bruorren Bouwe en Hedzer oan 't wurk. It wie de middeis om iterstiid hinne. Se wienen mei 't iten oan 'e gong. Ierappels waerden yn griene oalje opbakt. Gjert van der Iest soe yn dy tiid in plaets sette litte by de Tsjerk-wei, by de feart. Dêr wie...
nl.verhalenbank.31576
Op Skûlenburch ha se ris in nije boerepleats boud. De hurddobbe wie al klear, mar se hienen forgetten dêr in lid op to lizzen. Doe kaem dêr in swarte kat oansetten - hwer't dy wei kaem wist net ien - en dy gong ta de hurddobbe yn en se ha him noait wer sjoen. Men biskôge dat as in kwea teken. Der rêstte gjin segen op dy pleats.
nl.verhalenbank.31402
1