Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Ien fan sawn famkes út ien húshâlding is in nachtmerje. Om gjin lêst fan nachtmerjes to krijen struiden se moal foar 't bêd en se setten de toffels mei de hakken nei 't bêdsket ta.
nl.verhalenbank.29938
De nachtmerje kaem troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
Men moest de toffels achterstofoar foar 't bêd sette, dan kamen se net by jin.
nl.verhalenbank.29711
Ek by de minsken kaem de nachtmerje. In nachtmerje kaem troch 't slotsgat en socht it bêd fan 'e minsken op. De minsken setten de toffels achterstofoar foar 't bêd en hâldden de kaei yn 't slotsgat.
De minsken bestruiden har mei moal. Dan bleauwen de nachtmerjes op 'e minsken sitten en koenen se der net wer ôf komme. Fan 'e sawn famkes út ien húshâlding...
nl.verhalenbank.29509
Binne der sawn famkes yn ien húshâlding, dan is ien dêrfan in nachtmerje. Se ha wol by my west. Dan koe 'k gjin siken mear krije. Men struide wol moal. Moal hinget oan. Hie in nachtmerje moal oan har, dan koe se net wer fuortkomme.
Men sette ek wol de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan.
Se kamen ek by de hynders. Dan hienen de dieren knopen yn 'e...
nl.verhalenbank.30491
Fan 'e sawn op elkoar folgjende dochters is ien in nachtmerje. Om der gjin lêst fan to krijen leinen se fleartokken foar 't bêd, of sy setten de klompen forkeard del of sy struiden moal op 't gesicht.
nl.verhalenbank.25260
In nachtmerje wie in frommeske. Dat ried op 't hynder en makke flechtsjes yn 'e moanjes fan 't hynder. Sy kom ek wol yn 'e hûs. Dan gong se troch 't kaeisgat hinne en knypte de minsken yn 'e hals, dat se oan 't smoaren ta wienen.
De minsken makken in krús yn 't sân op it hiem. Dat krús, dêr dienen se sâlt yn, dan koenen de nachtmerjes en tsjoensters har...
nl.verhalenbank.22686
In nachtmerje is in minske.
Ik ha ien kear sa'n nachtmerje by my hawn.
Der wenne in boer ûnder Hylaerd, dy syn plaets hiet 'De nachtmerje'. Dêr slepten ik en myn maet op in nacht yn 't hea.
Dêr kaem de nachtmerje by my. Hy roan fan 'e fuotten ôf nei boppe ta by my op. It duorre sahwat twintich menuten. Doe koe 'k wer geluten jaen.
Men mat de klompen...
nl.verhalenbank.24552
Hwannear't der yn in húshâlding sawn famkes binne, is der in nachtmerje ûnder.
As jy op 'e rêch lizze krije jo lêst fan sa'n nachtmerje. As jo der gjin lêst fan ha wolle matte jo de iene skoech mei de hakke en de oare skoech mei de tean tsjin 't bêdsket oan sette. Jo kinne ek in wiete dweil foar 't bêd lizze.
Heit hat wolris forteld, dat guon ris in...
nl.verhalenbank.32640
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. In nachtmerje komt ta 't slotsgat yn. In nachtmerje kin de minsken hast smoare, sa bot knypt se. Men mat de klompen oarsom lizze of duveldrek foar de strjitte lizze. Dan hat men der gjin lêst fan.
nl.verhalenbank.22325
Fan ien fan sawn dochters, dêr't net in soan tusken sit, is ien in nachtmerje of in tsjoenster.
In nachtmerje komt faek troch 't kaeisgat.
Japik Pander fan Houtigehage (ôfkomstich fan Harkema) fortelde, syn mem hie altyd sa'n lêst fan 'e nachtmerje. Yn 'e tiid doe't har man nei de klaei ta wie to sichtsjen wie se bang foar de nachten. "O heden, heden,"...
nl.verhalenbank.24694
Fan 'e 7 jonges is ien in wjerwolf.
Fan 'e 7 famkes is ien in nachtmerje.
In wjerwolf is ien dy't net sêd kin, dy mat altyd frette.
In nachtmerje komt faek by hynders. Dan flechtet hja mei de moanjes om, dy reitsje faek yn 'e tiis. Se ride op hynders en noch leaver op fôlen. Se kinne troch de lytste gatsjes komme en geane faek troch it kaeisgat.
Men mat...
nl.verhalenbank.32183
Nachtmerjes binne froulju. Ien fan 7 dochters is in nachtmerje. Men sette froeger de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. Men boun wol in mes op 't boarst mei de skerpe kant omheech om gjin lêst fan 'e nachtmerje to krijen.
De hynders hienen der ek lêst fan. Guon boeren hienen in sabel boppe 't hynder yn 'e stâl hingjen. As der in nachtmerje by de...
nl.verhalenbank.32203
De nachtmerje kaem nachts by de minsken. Dy kaem ta 't slotsgat yn. Men mat noait de klompen mei de snuten nei de doar ta foar de drompel sette.
En sa matte de toffels ek net foar 't bêd stean. Ik tink dêr altyd noch om.
nl.verhalenbank.31120
In nachtmerje is ien fan sawn op elkoarfolgjende dochters. In nachtmerje komt troch 't slotsgat.
Men mat de klompen ûnrjocht tsjin elkoar oan sette, se wolle wol ha dat se dan net komt.
nl.verhalenbank.23949
Se seinen ek: as jy jouns op bêd geane, set dan de klompen noait gelyk neist elkoar del. Oars is 't gefaerlik, dat der in nachtmerje by jimme komt.
nl.verhalenbank.24811
Binne der sawn famkes yn ien húshâlding, dan is dêr in nachtmerje tusken. De nachtmerje komt by de minsken troch 't slotsgat. Hja giet nei 't bêd ta en giet op sa'n minske sitten. Dan biset him alles. Dan kin er hast gjin siken mear helje.
Men gyng wol hinne en sette de toffels achterstofoar foar 't bêd. Men miende dat de nachtmerje dan net by jin komme...
nl.verhalenbank.29811
In nachtmerje, seinen se froeger, wie in frommeske. Hja knypte har slachtoffer de kiel ticht.
Us heit sei soms: Mast altyd de toffels sa delsette foar 't bêd, dat se der net samar ynstappe kinne, dus mei de hakken nei 't bêd ta.
nl.verhalenbank.31520
Hekserij leufden de mensen ook aan. In mien tied niet zoveule meer. Wel weet ik nog, dat men zee:“Zet joen klompen niet zo veur t beddestee, dat de hekse of een spook er zomaar instapn kan. Omgekeerd, dus met de opening naar t bed gekeerd, kon gien kwoad.”
nl.verhalenbank.43360