Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
55 results
Dutch Keywords: naloop Narrator Gender: male
Wol men gjin lêst fan nachtmerjes ha, dan mat men in bibel foar 't bêd dellizze. Dêr komt net in nachtmerje oer.
nl.verhalenbank.19356
As men gjin lêst ha wol fan nachtmerjes mat men moal struije. Sy komme ta 't kaeisgat yn.
nl.verhalenbank.21622
Wol men gjin lêst fan nachtmerjes ha, dan mat men in flearstok foar 't bêd hingje.
nl.verhalenbank.23580
Woe men gjin lêst fan nachtmerjes ha, dan die men njoggen roggekerlen ûnder 'e drompel fan 'e doar.
nl.verhalenbank.28402
Hynders dy't lêst hienen fan nachtmerjes struiden se moal of kaf op 'e rêch.
nl.verhalenbank.21236
Myn omke sette altyd de klompen omkeard foar de bêdsdoarkes del. Dêr koed er de nachtmerje mei keare, sei er.
nl.verhalenbank.25662
Om jin tsjin nachtmerjes to biskermjen mat men in nuddel yn 'e bêdsplanke dwaen.
nl.verhalenbank.27414
Om nachtmerjes to kearen moat men moal op 'e holle struije.
nl.verhalenbank.32975
Us Tryn hie in fleartûke by 't bêd fanwege nachtmerjes.
nl.verhalenbank.25986
De nachtmerje kaem troch 't slotsgat. 't Wie in frommes. Men moest hinnegean en set de toffels omkeard foar 't bêd.
nl.verhalenbank.28102
In nachtmerje, seinen se froeger, wie in frommeske en kom troch 't slotsgat by de minsken. Fan sawn dochters wie de jongste in nachtmerje. Men moest de toffels noait sa stean litte as men der útstapte. Oars stapte de nachtmerje der yn.
nl.verhalenbank.27350
In nachtmerje wie in frommeske. Ien fan 'e sawn dochters wie in nachtmerje. Men koe in nachtmerje keare troch in fleartûke foar 't bêd to hingjen.
nl.verhalenbank.23485
Om nachtmerjes to kearen sette men de skuon of de klompen omkeard del. Dat die myn broer altyd.
nl.verhalenbank.24104
Nachtmerjes kommen yn 'e nacht by de minsken. Se knypten de minsken de hals ticht, dat se hast gjin siken mear helje koenen. De lju dienen wol duveldrek ûnder 'e drompel, dan kommen se net fierder.
nl.verhalenbank.33531
Froeger hienen de minsken liemen flierren. Om 'e nachtmerje net by har to krijen setten se de klompen achterstofoar tsjin 't bedsté oan.
nl.verhalenbank.19325
Om gjin lêst fan nachtmerjes to hawwen setten de lju de toffels achterstofoar foar 't bêd del.
nl.verhalenbank.27988
In nachtmerje is ien fan sawn op elkoarfolgjende dochters. In nachtmerje komt troch 't slotsgat. Men mat de klompen ûnrjocht tsjin elkoar oan sette, se wolle wol ha dat se dan net komt.
nl.verhalenbank.23949
As de doar fêst sit en der sit gjin kaei yn 't slot, dan komt de nachtmerje troch 't slotsgat. As jy duveldrek by de bêdsplanke lizze of by 't bêd, komt der gjin nachtmerje by jo.
nl.verhalenbank.23778
De nachtmerje is in frommeske. Om gjin hinder to hawwen woarden de klompen omkeard foar 't bêd set. Mar dat hat my noait hwat jown. Se dienen ek duveldrek ûnder 'e drompel. Ek struiden se moal op 'e stoel foar 't bêd.
nl.verhalenbank.19595
In nachtmerje wie in frommeske. Hja koe troch alle gatsjes yn 'e hûs komme. Sette men de toffels achterstofoar foar 't bêd, dan hie men gjin lêst, woarde der sein.
nl.verhalenbank.33785
55