Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
In nachtmerje komt troch 't slotsgat, sizze se.
Ik set altyd de klompen noch achterstofoar foar de doar.
Dan kin de nachtmerje der net yn rinne, sizze se.
Ik lit foar de nacht ek noait in mes bleat op 'e tafel lizze. Ik stopje 't altyd wei ûnder 't thébledtsje of sa.
In nachtmerje kin men noait fange, dy glipt jin altyd ta de hân út.
nl.verhalenbank.28041
Op 'e Iest yn Jistrum dêr wenne Hedzers Baeije.
Greate Wibe wie mear as twa meter lang. Dêr wie Hedzers Baeije fjûrbinaud foar, hwant Wibe kom nachts by har. Wibe wie in nachtmerje en hy koe tsjoene. Hja die duveldrek op 'e drompel, mar doe kom er likegoed by har. Doe die se guon yn 't slotsgat, doe koed er net mear by har komme.
nl.verhalenbank.34493
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. Sy komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Men mat de toffels achterstofoar foar 't bêdsket sette, dan kin men se keare, wurdt der sein.
In nachtmerje is altyd in frommes, noait in man.
nl.verhalenbank.25762
Ien fan sawn susters wie in nachtmerje, seinen se altyd. Sy kaem troch 't kattegatsje yn 'e hûs. Dan rommele se earst yn 'e klompen om.
As men fornaem dat se kom, en men koe jin forheffe, dan gong se wer fuort.
Om har to wearen lei men in stikje brea of duveldrek ûnder 'e drompel of men sette in krús foar de strjitte. Ek die men wol in lyts pûdtsje mei...
nl.verhalenbank.19503
Een nachtmerje was een vrouw. Van zeven op elkoar volgende dochters was er één een nachtmerje. Ze kwamen deur 't slotsgat in huus.
Mijn broer Piter had der wel us last van. Hy strooide wat rogge op 'e stoel foar bêdde. (It bennen ook wel eens kerels, dy bin nog slimmer)
nl.verhalenbank.23966
Ik wie by mem en dy yn 'e hûs. Alle nachten hie ik hinder fan 'e nachtmerje. As ik op bêd lei hearde ik de bûthúsdoar súntsjes iepengean. Earst woarde de ring optild, dan hearde ik de klink fan 'e doar. As dan de nachtmerje oan 'e keammerkedoar ta wie, lei ik al yn ûnmacht.
Op in kear nom ik my fêst foar, ik woe har nei. Ik hie de earm boven de tekkens en...
nl.verhalenbank.19594
Nachtmerjes wienen froulju. Ien fan sawn op elkoar folgjende susters. Om der gjin lêst fan to hawwen struiden se moal. Sa ha se wolris in nachtmerje fangd. Ik ha wolris fortellen heard, dat sa'n nachtmerje de oare moarns by in widner op 'e stoel siet en net fuort komme koe, trochdat se moal oan har hie.
Alde Tseard wenne hjir yn 'e Westerein. Dy hat ris...
nl.verhalenbank.33749
In nachtmerje koe in man wêze as in frou.
By de froulju kom in man as nachtmerje, by de manlju in frommeske. Fan sawn op elkoar folgjende jonges of sawn op elkoar folgjende famkes wie ien in nachtmerje. It wie in boaze geest. Sa neamde myn wiif har beppe de nachtmerje ek. Dy hie de toffels altyd mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. Op in kear, doe wie myn...
nl.verhalenbank.21138
Us buorman wie frijgesel en wenne allinne. Alle nachten hied er in nachtmerje by him.
Hy wist ek wol hwa't it wie. 't Wie de dochter fan Ritske Vellinga. Dy kom troch 't kaeisgat by him yn 'e hûs.
By 't fuottenein kom se by him en sa gong se nei foaren ta. Dan gong se him op it boarst sitten en dan knypte se de hannen om syn hals hinne, dan smoarde er...
nl.verhalenbank.33205
In nachtmerje is in frou, meastal fan rike famylje. 't Is ien fan sawn susters. Sy komt meastal troch it slotsgat fan 'e doar by jin yn 'e hûs. In nachtmerje mei neat meinimme.
Men kin dêrom it bêste moal oer jin hinnestruije om gjin lêst to hawwen. Sy sette ek wol de toffels achterstofoar foar it bêd del.
Myn omke hie in bulte lêst fan in nachtmerje. Ik...
nl.verhalenbank.27933
Ien fan sawn dochters, sizze se, is in nachtmerje. Sy komt troch it slotsgat yn 'e hûs. Men mat moal op 't gesicht struije of de toffels achterstofoar foar 't bêd sette, dan komme se net by jo. Dan kin se net samar yn 'e toffels stappe.
Der wie alris in man dy fangde sa'n nachtmerje. Dy man wie in widner mei bern. De oare moarns siet de nachtmerje by de...
nl.verhalenbank.28282
Nachtmerjes binne froulju.
Fan sawn dochters dy't op elkoar folgje is de âldste of de jongste in nachtmerje.
In nachtmerje komt meastal troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Men kin in nachtmerje fange.
Us mem fortelde, der wie in boerefeint yn Grinslân, dy hie by in faem kom, dat wie in nachtmerje.
De boer hie in âld hynder, dat hie faek lêst fan in nachtmerje....
nl.verhalenbank.24045