Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Wol men gjin lêst fan nachtmerjes ha dan mat men de klompen achterstofoar foar 't bêd sette.
nl.verhalenbank.22163
De nachtmerjes kommen ta de slotsgatten yn.
nl.verhalenbank.21907
Nachtmerjes koe men keare troch de toffels achterstofoar foar 't bêd to setten.
Om tsjoensters to kearen lei men duveldrek ûnder 'e drompel. Dan koe de tsjoenster der net oerhinne komme.
nl.verhalenbank.29633
Ien fan 'e sawn dochters dy't achter elkoar binne, is in nachtmerje.
In nachtmerje komt troch 't sleutelgat yn 'e hûs.
Men mat de skuon of toffels forkeard foar 't bêd sette, mei de hakken nei 't bêd ta, dat is in middel om der gjin lêst fan to krijen.
Sy meije neat meinimme. Men kin ek moal struije.
Sy flechtsje de moanjes fan 'e hynders.
Nachtmerjes...
nl.verhalenbank.24896
Nachtmerjes flechtsje nachts de moanjes fan 'e hynders. Dan raze de dieren it út.
nl.verhalenbank.20438
Guon hienen faek de nachtmerje by har.
Se koenen dan krûden foar 't bêd hingje. Nou wit ik net mear hokker. De klompen moesten omkeard foar de doar stean. Dat doch ik nòch altyd. Jy koenen èk moal struije op 'e tekkens en op 't gesicht. De nachtmerje koe oeral troch en sy gong jin op it boarst sitten.
nl.verhalenbank.24676
Om gjin lêst fan in nachtmerje to krijen setten se de toffels wol achterstofoar foar 't bêd.
nl.verhalenbank.30074
Ien fan sawn famkes út ien húshâlding wie in nachtmerje. In nachtmerje kom by de lju yn 'e nacht yn 'e hûs en gong dan by ien op 't boarst sitten. Dan krige dyselde 't binaud. Guon gongen hinne en struiden moal; as de nachtmerje dat oan har hie, koe se net fuortkomme.
Se kommen ek by de hynders. Dy dieren bigounen dan to switten fan binaudens. De oare...
nl.verhalenbank.34616
Ien fan sawn dochters, seinen se froeger, wie in nachtmerje.
De bern woarden froeger wol bang makke, dan woarde der sein:
"Pas mar op, aenst komt de nachtmerje, dan krijt er dy."
nl.verhalenbank.22840
In nachtmerje is ien fan sawn famkes dy't op elkoar folgje. Sa'n nachtmerje komt troch it kaeisgat by de lju yn 'e hûs.
Alde Geale bakker hie in hynder, dêr kaem ek elke nacht in nachtmerje by. Moarns sieten der allegearre flechtsjes yn 'e moanjes fan it beest. Doe retten se Geale oan, hy moest moal struije op 'e bank, dy't by 't hynder lâns stie. Doe hat...
nl.verhalenbank.30066
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje, wurdt der wol sein.
Om gjin lêst fan nachtmerjes to hawwen, set men de klompen wol omkeard del by de doar. Men docht ek wol duveldrek ûnder 'e drompel. Ek wol om 'e hals. Sy kinne troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme.
In nachtmerje mei neat meinimme. Dêrom gong men ek wol hinne en strui hjir en dêr...
nl.verhalenbank.25468
Myn man syn heit hie in pottekar in froeger jaren.
Dan gyng it hynder nachts so gruwelijk tekeer.
Nachts kwam de nachtmerje. Dy flocht flechten in de manen. Dat docht se sear, segge se.
Minsken hebben ook last van nachtmerjes. Een nachtmerje is een frommeske.
Ik hew wel papier in 't sleutelgat doen en de toffels omkeard foar 't bed set. En duveldrek onder...
nl.verhalenbank.25087
As der minsken wienen, dy't sawn dochters hienen, dan wie ien dêrfan in nachtmerje. Sa'n nachtmerje kom nachts by de minsken. Sy kom earst op 't fuottenein, by de teannen en gong sa stadich omheech. Op 't lêst siet se op 't boarst en dan knypte se de minsken de hals ticht.
Se kom yn 'e hûs troch 't kaeisgat. Dêrom lieten de lju de kaei nachts yn 'e doar...
nl.verhalenbank.22273
Der wie in man dy hie faek lêst fan in nachtmerje. Doe joegen se him de rie, hy moest moal struije foar 't bêd en op 'e bêdsplanke en op 'e stoel foar 't bêd.
Doe't de nachtmerje wer kaem, koe se net fuortkomme.
Hwant in nachtmerje kin der net wer út komme as se hwat by har hat út it hûs. En hja hie moal oan har.
Doe siet se de oare moarns op 'e stoel. Sa...
nl.verhalenbank.25291
Alde Binne Durkje wie in nachtmerje.
Hynders dogge se moaije flechtsjes yn 'e moanjes. Dan ha de dieren 't sa binaud, 't swit dript har fan 'e bealich ôf. Ik hear it heit noch sizzen: "Der hat fannacht wer ien by de hynders west."
nl.verhalenbank.25290
Nachtmerjes kin men fange mei hynstehier en mei moal.
Froeger kommen se faek oer 't wetter en dan songen se.
nl.verhalenbank.25289
Ien fan sawn op elkoar folgjende dochters is in nachtmerje.
Myn âld man en Ielke Kooistra hienen in skip. Sy klaeimodderfarden. Sy leinen achter Dokkum by in terp. Tichte by har lei in skip mei in âld wyfke.
Doe hie Ielke tsjin myn man sein: "Hja sizze dan fan in nachtmerje. Mar dat âld-wiif koe wol us in nachtmerje wêze."
Myn man sei: "Hwat praetstou fan...
nl.verhalenbank.25288
Nachtmerjes komme by de hynders. Dan ha dy dieren it krap. It swit stiet har op 'e rêch en sy hawwe moaije flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.31799
In nachtmerje wie in frommeske. Ien fan 'e sawn dochters, as der gjin jonge tusken wie, wie in nachtmerje. Gearte Harmke - in dochter fan Knjillis Hut en Hinke fan der Tuin - wie èk in nachtmerje. Har eigen susters ha 't wol forteld.
As men in nachtmerje keare wol, mat men wyt moal foar 't bêd struije.
Nachtmerjes flechtsje nachts wol flechtsjes yn 'e...
nl.verhalenbank.24343
Hie men lêst fan nachtmerjes, dan moest men in ûneven tal roggekerrels op 't boarst dwaen. Of men moest de hoazzen krúslings foar it bêd lizze. Of men moest duveldrek op it boarst dwaen.
nl.verhalenbank.19994