Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: nachtmerrie Place of Narration: Garyp
In nachtmerje wie in frommes. Ien fan 'e sawn dochters wie in nachtmerje. Hja koe troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme. Hja kaem ek wol by de hynders. Dan bigounen dy bot to skoppen. De nachtmerje makke flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.32117
As men gjin lêst fan nachtmerjes ha woe, moest men moal oer de groun struije.
nl.verhalenbank.17115
Nachtmerjes koenen prachtich sjonge. Us mem hat wol us forteld, dat trije froulju - alle trije nachtmerjes - us in kear yn in bûteraed oer 't wetter fard wienen en sa prachtich song hienen, dat it fier oer it wetter klonk.
nl.verhalenbank.20254
In nachtmerje, seinen se froeger, wie in frommeske. Hja knypte har slachtoffer de kiel ticht. Us heit sei soms: Mast altyd de toffels sa delsette foar 't bêd, dat se der net samar ynstappe kinne, dus mei de hakken nei 't bêd ta.
nl.verhalenbank.31520
Ik wie us oan 't meanen by 't Suwâldster paed. It waer wie brodzich en 't wie hwat near en dizich. It reinde en ik siet to skûljen achter in sket. Dêr foel ik yn 'e sliep. Doe't ik wekker woarde hie ik de jas om 'e hals hinne. Dêr siet er fêst. 'k Soe him nei boven útlûke, mar 't woe noait. Ik switte der op 't lêst fan, noait koe ik dy jas los krije. Ik...
nl.verhalenbank.22979
Wienen der sawn famkes achter elkoar yn ien húshâlding, dan wie ien fan dy famkes in nachtmerje of in spûkster. Wienen der sawn jonges achter elkoar, dan wie ien in wjerwolf of in tsjoenster. Oan 'e sawnde mankeart faek hwat. Dy komt meastal faek yn 'e gefangenis.
nl.verhalenbank.20253
6