Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: nachtmerrie Narrator Gender: male Place of Narration: Augustinusga
Ik wie boerefeint op 't Zandt yn Grinslân. Ik slepte yn 't bûthús yn in bêdsté. Op in kear doe't ik dêr lei, hearde ik fuotstappen de mjilgong delgean. Dy kommen rjocht op myn bêdsté ta. It hearde krekt as wie 't ien op klompen. Hy kom by myn bêd en gong op myn boarst sitten. Ik krige 't sa binaud, dat ik ha de hiele nacht noait in wink yn 'e egen dien....
nl.verhalenbank.27218
De nachtmerjes dogge flechtsjes yn 'e moanjes fan 'e hynders. It binne froulju, sizze se. Dy bringe de hynders yn ûnstjûr. Mar soks meitsje se my net wiis.
nl.verhalenbank.23858
Om gjin lêst fan nachtmerjes to hawwen setten de lju de toffels achterstofoar foar 't bêd del.
nl.verhalenbank.27988
Fan sawn famkes út ien gesin is ien in nachtmerje, seit men. Nachtmerjes komme troch 't slotsgat yn 'e hûs en knipe de minsken de hals ticht. Dan krije se 't binaud.
nl.verhalenbank.36798
By ús mem en dy thús hienen se froeger altyd de klompen mei de hakken nei de drompel ta stean fanwege de nachtmerjes.
nl.verhalenbank.23756
Yn it Oast fan Stiensgea stiet in pleats dêr wennen froeger twa bruorren op. Dy hienen twa kedden op 'e stâl stean. It gebeurde soms dat se op in joun of op in nacht in ôfgrysliken lawaei hienen. Dan gong it der sa bot oan wei as kaem it hiele hûs fan boven. As se der hinne gongen wie der neat to rêdden. Mar wol wienen de kedden dweiltrochwiet fan swit....
nl.verhalenbank.37110
Myn swager sei, wylst er yn 'e nacht op bêd lei: "Ik seach in dikke murd oankommen, dy kom stadichoan neijer by my. Op 't lêst siet er my op 't boarst. Doe krige ik it ôfgryslike binaud. 't Wie krekt as woarde my de hals tichtknypt. It wie in nachtmerje.
nl.verhalenbank.27667
35